Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 12] [p. 12] Teije Brattinga / Fers Se skriuwe: kopij leafst yn masineskrift oars dúdlik hânskrift mar hokker hân is dúdlik hokker hân set de stikken yn 't gelid as amers yn it amerrak himmele en skytskjin dêr't it masineskrift fan de koöperaesje him yn spegelt mar net de hân fan de knul dy't út syn hert wei skriuwt dat wif is al klopt it fûl krekt dêrom, omdat - in dúdlik hânskrift anno 1970 kontradictio yn terminis leafst yn masineskrift Vorige Volgende