Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 59] [p. 59] Klearkomme mei krysttiid / Josse de Haan Desimber kitelmoanne en ek wol troch wolmienenden neamd: feestmoanne om jins namme to forjitten om neaken yn bêd to wjirmjen foar it fiskjen: wjirms dolle om hûndert prosint klaeid yn tsjerke to sitten gean mar troch, kânselpreester ik sit hjir goed, waerm, himelsk it is wol aerdich fiskwetter om sa mar to sizzen opkrikte tinzen en Kristus in Krystbeam myn trein giet oer fjouwerentweintich ûren wintersport sniewille klearkomme boppe op in berg bygelyks mei de godstsjinst en it frysk image de prioriteitenrace leit iepen Halleluja tweintich prosint divident uitgez. tel. 21-12-'69 Vorige Volgende