It bistjûr fynt it fierder ûnbigryplik dat ik net earst by it (bistjûren binne altyd ûnsidich, dus ‘it’) ynformearre haw oer de krekte gong fan saken. Sa ûnbrigryplik is dat net, mar ik kin my foarstelle dat it bistjûr yn dy brief seit en sizze moat dat it ûnbigryplik is foar it. Mar ik haw ál ynljochtingen ynwoun, hear. Ik haw Scholten frege hwannear't Dam út it bistjûr gien wie. Doe waerd Scholten koart en woe it net sizze en sei ik moast it Boukje Fokkema mar freegje. Scholten syn réaksje sei my genôch. Jimme miskien net, mar my wol.
Mar ik soe dy âlde keallen lizze litten hawwe, as it bistjûr my net mei klam forsocht hie ‘om yn in earstfolgjend nûmer fan it tydskrift trotwaer dizze biskuldiging rjocht to setten en werom to nimmen.’
Ik bigryp fansels wol, dat it bistjûr dat forsyk mei klam net docht om dat myn biskuldiging it sa swier op 'e mage leit, mar om't it FLMD dat it fan goodwill en fan subsydzjes ha moat gjin praetsjes forneare kin. Ik bigryp dat it museum net op in kweanamme komme mei, en dêrom wol ik mines der ta dwaen om dy namme rein to hâlden.
Myn biskuldiging rjochtsette doch ik net, dy stiet my rjocht genôch. Ik bleau der fan oertsjûge dat dy advertinsje flauwekul wie, en dat de bineaming fan Dam doe al wis wie. Mar om't ik it FLMD gjin skea dwaen wol troch it by de autoriteiten en de jongere skriuwers en dichters fortocht to meitsjen, nim ik myn biskuldiging werom:
1. | Myn biwearing yn ‘Hoe't Freark Dam konservator waerd’ dat it al foar it opstellen fan de advertinsje in útmakke saek wie dat Dam it wurde soe, is ûnwier. |
2. | Myn biwearing dat Dam yn it bistjûr siet doe't er bineamd waerd, is ûnwier. |
(Ad. 1: It bistjûr hat him deasocht om in akademikus, mar koe gjin fine, en hat doe yn godsnamme Freark Dam, hwaens sollisitaesje as in tongerslach by heldere himel kaem, mar bineamd.
Ad. 2: In moanne foardat de advertinsje ôfprinte waerd hie Dam bitanke as bistjûrslid, en gjinien fan 'e bistjûrsleden hat der in formoeden fan hawn hwerom't de man ynienen bitanke).