Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 10] [p. 10] Oene Spoelstra / Feestdei to M. Nou't de dichter syn priis yn hannen hat: feesten wy kenne in dei nei A. en har - miskien in dei ekstra fakânsje jowt myn man syn molkkou wer tsien liter fan 'e selde wite molke as justermiddei doe't de himelske dichter ja gleoner as guon loften syn skat yn hannen naem leafste leafste ik kin dy sa brûke hy hat it wol nédich, sa net, de tiid is djûr, jawis mar elke dei itselde haeltsje wy wolle ek wolris hwat in dei to baeijen yn G. mei brune jongfeinten men treft soms fan dy nijsgjirrige minsken fansels ek dit jier wie in kunstneres oanwêzich ik leau - dou witst wol ommers - mei dyselde fan doe en dan to bitinken - en dan to bitinken - wy ha juster klapt om it libben, langer noch as forline jier doe't it sa waerm wie ommers - sûnder stola hat de kultuer hwat fiis oer him, sei 'k twa glêzen net mear - it each wol ek hwat aerdich pak hie er nou oan noch net by C en A sjoen it poëtyske fan myn fers sei de dichter is de rykdom fan tael it ûnwêzentlike - jim bigripe my wol klaterklank fan wurden it oerrompeljende polyinterpretabel miskien troch it barok myn buorfrou hie ek in agenda [pagina 11] [p. 11] barok sei ik trefwurden - trefwurden oars giet it measte forlern wy ha in moaije dei hawn - twadde rige fan foaren sa't wy wend binne as wy nei de opera geane plastyk stiet yn myn agenda men moat bliid wêze dat men hwat leard hat Vorige Volgende