| |
| |
| |
Steven de Jong / Hwa giet mei nei de bliksem?
De reboeljegearkomste moat in tradysje wurde bin ik fan bitinken, alhoewol sa'n middei wol in raere smaek yn 'e mûle achterlit, binammen omt men sa'n bytsje hâld oan 'e krityk kriget. Der binne in pear stikken neamd fan Trinus Riemersma (Fryske Akademy en Freark Dam), mar fierders... Fansels, wy hiene gjin fizy. Dat die dúdlik bliken út it gestammer fan achter de redaksjetafel wei. Mar fierders: Hwat foar stikken fan 'e 570 siden Tsjerne/Trotwaer (en dêr bliuwe altyd noch wol, as men dêr de neamde ôflûkt, goed 500 fan oer) wiene nou sa rot biroerde min, dat dêr in folslein gebrek oan fizy út bliken die. Dy bin net neamd en dat is forfelend. Dat nimt net wei dat dy stikken der wol wêze sille. Allinne as redaksje krijt men gjin hâld oan 'e krityk en men bigjint dy krityk op fan alles en noch hwat ta to passen. Ja fansels en dan jildt de krityk wol foar dit en net foar dat of oarsom en dêr stiet men dan mei de mûle fol tosken.
Yn myn iepeningsspeech op 'e reboeljegearkomste haw ik de Ljouwerter Krante provosearre, omt ik miende dat dêr noch al hwat krityk op Trotwear libbe:
‘Troch dizze rubryk (= Trioel) binne de wichtichste skelen tusken de redaksjeleden ûnderling wol yn 'e iepenbierheit kaem. Leo Popma koe it by dizze foarm net úthâlde en stapte út 'e redaksje. Hy seach gjin heil mear yn Trotwaer likemin blykber as de Ljouwerter Krante, dy't glêd mei Trotwaer oan wie en sûnt dy tiid net ien Frysk tydskrift mear bisprutsen hat....
De gefaerlikste dwersbongelderij tsjin Trotwaer kaem fan 'e side fan 'e Ljouwerter Krante, in monsterachtich “concern”, dêr't wy fansels noait tsjinop kinne. Dat blêd forskynt ek folle regelmjittiger as Trotwaer en hat sa'n 83.000 abonnés (it krekte oantal wit ik net maer). De Fryskliteraire koekebakkers dy't dêr oan it roer steane sille net litte Trotwaer in prip to jaen as se dêr de kâns ta krije. Har al
| |
| |
jierrenlang útprebearre bêste wapen is it swurd fan it deaswijen. Ik tink hjirby oan it deaswijen fan 'e bêste útjeften fan “quatrebras” yn 'e tiid dat Hessel Miedema dêr noch yn 'e redaksje siet. Ik wol hjir even mei klam poneare dat it deaswijen troch de Ljouwerter Krante fan Trotwaer (en fuort ek mar as forlechje fan alle Fryske tydskriften) pleitet foar de ynhâld fan ús tydskrift. De hear Noordmans is mei ús oan, dat is de reden en as dat net sa is, dan moat er him mar oppenearje.
Bleau it mar by deaswijen, dan wie it noch net sa slim (foar ús net, foar de L.C. al), mar der sitte by de redaksje fan 'e L.C. in pear rankuneuze tsienderangs Fryske literatoaren, dy't it net litte kinne lêbbich oer Trotwear to skriuwen of alles oer Trotwaer yn in lyts hoekje wei to drukken. It meast lullige is wol it stjerstikje, dat wy yn it lêste nûmer fan 'e 1e jiergong ôfprinte ha. Dat wie dan it iennichste kommintaer fan 'e Ljouwerter op ús operaesjefersnûmer, dat oant fier oer de Fryske grinzen wurdearring foun. De oankundiging fan ús offisieuze G.J.-priisútrikking waerd yn in lyts hoekje ôfprinte. Jo Smit syn krityk op 'e advyskommisje mei in fette kop oankundige. It binne dêr wol handige jonges (Dy G.J.-priis hat ús 200 goune de man koste).
It skynt hwat de Fryske literatuer oanbilanget by de Ljouwerter Krante in greate rotsoai to wêzen. Dat muoit ús foar de Fryske literatuer mar ek foar de Ljouwerter Krante. Hwerom wurde dêr de Fryske literaire saken net yn hannen jown fan immen dy't wit hwer't er oer skriuwt. Dat dêr gjin jild en gjin tiid foar wêze soe is greate flauwe kul. De Nederlânske romans en tydskriften en gedichten wurde ek troch faklju bioardiele. Hwerom de Fryske net? It image dat S.J. v/d Molen mei syn folkloristyske stikjes oan 'e Fryske kultuer jowt, binne wy ek net sa wiis mei. Unthâld dit minsken, hwant it komt net of hielendal forkeard yn 'e krante: Jappy Noordmans is mei ús oan en dêrom forwaerloazget de Ljouwerter Krante de hiele Fryske literatuer.’
Ik hope sadwaende swart op wyt eksplisite (ek sa'n moai wurd) krityk ûnder eagen to krijen. En ja hear, sneon 10 jannewaris mei petretten (linksûnder, rjochtsboppe, gjin symbolyk sa snoad binne se dêr net) stiene wy foar Jan Lul yn 'e Ljouwerter Krante. It wie forskuorrend, omt it krekt sa wie as wy tocht hiene dat it wurde soe.
‘KRANTE-FUSY-DROKTE hat der de wichtichste oarsaek fan
| |
| |
west, dat de rubryk “Ut en oer de Fryske tydskriften” de lêste tiid net forskine koe’.
As ienfâldich krantelêzer tinkt men dat fan sa'n fusy de krante better wurde sil, der komme ommers mear mooglikheden, faklju foar tiidfreegjende rubriken b.g., mar né hear, bipaelde biroerd redigearre rubriken wurde noch biroerder of fordwine hielendal.
‘Sa hat Trotwaerredakteur Steven de Jong yn it iepenbier forkundige, sont Trotwaer forskynt wie, soene der yn de Ljouwerter gjin Fryske tydskriften mear bisprutsen wêze en Trotwaer soe dus deaswijd wêze.’
Nou is it frekte maklik fansels Steven de Jong oan to fallen troch him dingen sizze to litten, dy't er noait sein hat (sjoch boppe).
‘De earste nûmers fan Trotwaer binne wol bisprutsen’.
Fansels. Binammen it bisprek fan it lêste Tsjernenûmer joech hope dat Noordmans ús mei reedlik kommintaer bigeliede soe. Mar hy hat it sitte litten.
‘....dat er gjin sprake fan is, dat de Ljouwerter Krante Trotwaer en Operaesje Fers dwers sitte wol. De biwizen fan it tsjinoerstelde binne der.’
Hwer dan, freegje ik my ôf.
‘De greate tsierpunten wiene it ôfroune jier: de Fryske Akademy, de stavering en fansels Trotwaer. Mar fan heechsteande polemiken en saeklik-hurde diskussys wie hast gjin sprake. It debat ûntaerde hieltiten wer yn persoanlike forwiten, misledigingen, skelpartiien of yn geklier, gesanger en geëamel. Elk makke elk foar in greate nul út: it risseltaet is dan “O, O”.’
Dit forwyt lûk ik my persoanlik oan en dêr haw ik it rjocht ta, hwant elk is elkenien, dus ek ûnderskreaune. Ik soe dus minsken, dêr't ik hwat tsjin skreaun ha foar greate nullen útmakke ha. Dat is net wier. Ik ha Freark Dam, Geart Jonkman, Jo Smit, Tiny Mulder. Anne Wadman, Leo Popma, Anne Hellinga, Meindert Bylsma, Josse de Haan en Reinder van der Leest (dat bin dan alle Fryske skriuwers, dêr't ik hwat oer of tsjin skreaun ha) net yn persoanlike forwiten, misledigingen, skelpartijen, geklier, gesanger en geëamel foar greate nullen útmakke. Ik ha allinne teksten ûnder eagen hawn en dêr myn bitinken oer sein. Ik ha altyd bisocht ek de deugden fan 'e ûnderskate skriuwers nei foaren to heljen (al foel dat soms net ta). Tante:
Jonge, ik wie froeger altyd greatsk as ik dyn foto yn 'e krante seach. Ik tocht, lit Steven mar rinne, mar de lêste kear,.... dyn posysje.... de minsken.... 83.000
| |
| |
abonnés.... dyn wiif en bern.....
Ja, en der binne sa'n protte tantes by it establishment. As ik dat bitink dan bid ik: ‘Hear forjow Jappy Noormans, hy wit net hwat er skriuwt.’ Mar foar't ík him forjow, moat ik earst noch in pear dingen nei foaren helje.
‘Earnstiger en mear fundearre (as it gebrek oan fizy St.) liket it forwyt, dat men Trotwaer meitsje kin, dat it tomin oan “engagemint” toant hat, dat it him tofolle isolearre hat fan de werklik greate en wichtige saken, dy't der yn 'e maetskippij en wrâld oan de hân binne, dat it to yntrovert west hat.’ En dan komme fansels Vietnam, Biafra, studinten, polityk en tsjerke op it aljemint.
Fansels, wjerlûd fynt men wol yn Trotwear fan dizze saken. Foar goeije lêzers alteast. Mar as oer dizze dingen skreaun wurde moat yn Trotwaer, dan moat der goed oer skreaun wurde. Trotwear moat gjin twadderangs oerprintinge wurde fan Vrij Nederland, Mulisch, Ten Cate, Hermans, Van het Reve en neam mar op. De deaden fan Vietnam en Biafra binne to goed om to fungearien as statussymboal fan Fryske nasionalisten.
Fansels, wy libje yn 'e wolfeartssteat. Us eagen pûlje út fan fet. Wy bouwe ús bungalows op 'e liken fan 'e tredde wrâld. Wy wurde riker, oaren earmer. Wy dogge neat mar binne tofreden mei de wize hwerop wy ús libje litte. Wy prate moai en frijbliuwend mei studinten en langhierrigen. Wy witte dat, mar skriuw dêr ris oer sûnder yn klisjétermen to fallen. ‘Nixon moardner’ is in neatsizzende kreet woarn. Al soene wy ússels op 'e lange piip libben forbrânne, dan soe dat noch in klisjé wêze. Fansels, it soe in moaije stunt wêze. Mar dat foar de Fryske literatuer? Kom nou.
Elkenien, dy't tsjin it establishment oanpisje wol troch iepenlik partij to kiezen foar Che of de Vietkong kin om ús yn Trotwaer syn gong gean, mar elk dy't dat dwaen wol om to forswijen dat de Ljouwerter, de Strikel, de Oesdrip, Fryske Akademy, Freark Dam, Tiny Mulder, Durk van der Ploeg, Steven de Jong en al dy oare hampelmannen ek har lekken en brekken ha, om de oandacht ôf to lieden fan it feit dat de duvel ek yn Fryslân tahâldt, kin om ús yn 'e knoop waeije.
Dêr sjit my hwat yn 't sin. It slacht fansels nearne op, mar ik ha de paus ris misledige (sjoch Tsjerne jg. 23 side 415) ‘In dement âld mantsje yn Rome, dy't himsels Paus Paulus neamt, hat dúdlik in seksuele ôfwiking’. Dat muoit my, soks skriuwt men net, dat is net fatsoenlik. Mar wier minsken ik wie echt lulk. Ik identifisearre my
| |
| |
to bot mei dy ienfâldige, goedwollende, tige fromme R.K. underdog, dy't fansels de klos is en syn libben slite moat as slaef fan in fiersen to great gesin of hieltyd wer sûndiget, om forjeffenis freget en wer sûndiget ensfh. En dan al dy bern mei honger. En ik ergere my, wier, oan al dy progressive kardinalen, bisschoppen, leken, dy't net de moed hienen it Vatikaen to bisetten, de paus it djûre habyt út to strúpen en him neaken op to sluten yn in kouwe mei bleate nonnen. En dan foar de tv útstjûre hoe't dat fierder giet. Mar soks heart men net to skriuwen. Men wurdt âlder, seniler, pardon wizer woe'k sizze en dan bigjint men yn to sjen, dat de paus it net maklik hat. Wy moatte bliid wêze dat der noch in paus is. Hwa wol tsjintwurdich nou noch paus wêze. Ik bin leaver redakteur fan Trotwaer, al bigjint jin dat elk wol ris ta de hals út to hingjen. Né, de paus is gjin nul, hy is in achtenearre man.
Dat is J. Noordmans ek: ‘Hawwe de mannen fan Trotwaer net tofolle tiid energy en talent fordien oan persoanlike, ynterne kwestjes en har net tofolle yn in lyts-Frysk isolemint fêst wrotten?’ 't Is sa luts to skriuwen oer de Ljouwerter Krante, oer sa'n artikeltsje as fan Noordmans, oer Freark Dam, Fryske Akademy ensfh. Dochs binne wy in Frysk tydskrift en wy skriuwe dus wol ris oer Fryske saken en dy bin lyts. Men kin Sextant ek net forwite, dat it altyd oer seks skriuwt.
Wy ha ús net yn it isolemint wrotten. Wy bin der yn treaun troch al dy kulturele kabouters hjir, dy't tomúk of iepentlik ús hat meiwurking wegeren. En hwerom yn 'e frede. Ja, dat skriuwe se net.
Ek it wikseljen fan redakteuren wurdearret de hear Noordmans negatyf. Fansels as haedredakteur fan in deiblêd kin men dêr net folle posityfs yn sjen, mar soe der ek in forskil wêze tusken in deiblêd en Trotwaer? Foar de dinamyk fan it tydskrift liket it my oars net as gunstich, as in redakteur net langer as twa jier sit yn in redaksje hat, binammen ek omt men hjir to meitsjen hat mei it iennichste Fryske literaire tydskrift. Om myn part stelle se de regel op, dat in redakteur net langer as twa jier oanbliuwe mei. Mar dat hâldt wol yn de meiwurking fan it Fryske skriuwerspotinsieel dat hwat yn to bringen hat (d.w.s fan dy minsken dy't skriuwe kinne en dat ek dogge).
Hjir ha wy in punt to pakken, dat ús ûnderskiedt fan de Tsjerne silliger en it Skriuwersboun, mar dat spitigernôch net ien bûten de redaksje skynt to bigripen. Wy wolle de meiwurking fan al dy skriuwers en dichters, dy't hwat lêsbers wite to skriuwen, hwant dy
| |
| |
allinne fortsjinje de namme skriuwer of dichter. Oare minsken binne foar ús allinne mar fan bilang as abonné.
Ik wol yn dit forbân it ‘Redaksioneel’ fan 'e lêste Tsjerneredaksje fan foar de oktoberrevolúsje fan 1968 noch ris oanhelje: ‘It plak fan dit tydskrift yn de Fryske literatuer is lykwols sa dat in sa great mooglike groep him der mei konformearje moatte kin.’ (Tsjerne 23e jg. nû 9 1968). Troch it sa to stellen slút men alle skriuwers fan bitsjutting út, hwant dat binne per definysje yndividualisten dy't har ûnmooglik konformearje kinne mei hokfor great mooglike groep dan ek (ha'k alris yn in ynstjûrd stik skreaun). Alles hwat men fan Trotwaer sizze kin, net dat wy ús oan de sûnde bikweadige ha ús to konformearjen mei hwat foar groep dan ek.
It greatste forwyt dat wy to hearren krigen op 'e reboeljegearkomste wie dat wy gjin fizy hiene of in program dat tsjûge fan in fizy. Quatrebras waerd eartiids ek altiten forwiten dat it gjin program hie (dêrom hiet it ek ‘quatrebras’, men koe der alle kanten mei út). Ik bigryp it wol, wy moatte yn 'e kaertebak. Wy bin slim ûndúdlik, wy bliuwe yn 'e dize (Piebenga, Noordmans) en dat kinne rjochtlinige Friezen net forneare.
It muoit my, ik ha hielendal gjin fizy, 't is biroerd mar in fizy ûntbrekt my. Ik wyt dat dat in swak punt is. 't Is fordomde lestich. Je bin sa machteleas foar minsken oer, dy't wol in fizy ha. Mar dat went ek wol. In foardiel is, je ha gjin forplichtingen oan je fizy, je binne sa frij as in fûgel.
Ik bin de iennichste net sûnder fizy. Elkenien dy't yn 't Frysk skriuwt hat gjin fizy. Hwa docht soks nou, skriuwe yn in taelrelikt, dat oer 20 jier hat gjin minske mear lêze kin. Né, minsken mei fizy ha wol hwat oars to dwaen, bg. sykhelje (Hessel Miedema, Fokke Sierksma, Lolle Nauta, Jan Wybenga, Bauke de Jong, Jelle de Jong, Marten Brouwer; nou ja, ris in ferske of in ynstjûrd stikje). Né, der sit hwat bernichs, hwat ûnfolwoeksens oan it skriuwen yn it Frysk. Tony Feitsma fielt dat hiel goed oan. Dy sei, dat it skriuwen yn it Frysk in slim ûnnatuerlike saek wie. Mar dat de Biweging (haedletter ñ Fryske Biweging) de driuwende krêft fan 'e Fryske literatuer wêze soe, leau ik net. ‘De skriuwers sitte op de skouders fan 'e biwegers’, sei se. Dat is fansels net wier. De Fryske Biweging hat allinne rjocht fan bistean as der in Fryske literatuer is. De Biwegingspommeranten meije wol ris goed bitinke dat se har pommerantwêzen to tankjen ha oan mannen as Anne Wadman, Trinus Riemersma, Bauke de Jong, Lolle Nauta, Hessel Miedema, Operaesje Fers ensfh. Dat hâldt
| |
| |
konkreet yn dat de Fryske Biweging har rjochtsje moatte sil nei Trotwaer, hwant dat is it iennichste podium (mei reboeljegearkomsten en al), dêr't de Fryske literatuer noch libbet. As Trotwaer aenst opdoekt, hat de Fryske Biweging ek gjin sin mear.
Foar't se dat dêr biseffe, sil der lykwols earst in revolúsje komme moatte. De minsken dy't hwat foar Fryslän en it Frysk dwaen wolle, sille harsels yn 't foarste plak suverje moatte fan de Frysk-nasionale frustraesjes dy't ús image en it kulturele klimaet hjirre forpeste.
Frysk nasionalist is elkenien dy't
1e | útgiet fan it bistean fan ‘it Fryske folk’ (dat bistiet der ntl. hielendal net). |
2e | der nei stribbet om it Frysk lykweardich oan it Nederlânsk to krijen (dat is net mooglik en dat komt troch ûnderskate faktoaren, mar PERFOARST NET TROCH DISKRIMINAESJE). |
Myn fizy-fiasko sil troch boppesteande wol dúdlik wêze. Bliuwt oer: literaire noarms. En it biroerde dêrfan is wer, dat ik dy ek net achter op in postsegel skriuwe kin. Hwat fizy en literaire noarms oanbilanget bliuwt my oars neat oer as to forwizen nei 570 siden Tsjerne/Trotwaer. Pier Boorsma seach gjin forskil tusken de Tsjerne en Trotwaer, Johan Frieswijk ek net, leau'k, Tjitte Piebenga: ‘...... dat Trotwaer de earste fiif - seis nûmers útsein koekedaei en sûre môlke gjin grevel sjen litten hat en dat der mei bitrekking ta de Tsjerne hoegenamt gjin foroaring yn sit.’ Nou ha se by de Ljouwerter Krante neat tsjin Trotwaer, mar dit sitaet wie to moai om net even sûnder kommintaer oer to nimmen. Hwat Reinder skreaun en tekene hat is sûre môlke, as ik in kritykje leverje is dat koekedaei, likegoed as myn fersen, it wurk fan Trinus Riemersma is gjin grevel likemin as dat fan Piebenga sels, o né dat sil wol koekedaei wêze of sûre môlke of.... kom dêr mar ris út.
Yn myn ynlieding sei ik al, dat wy net tsjin de Ljouwerter Krante opkoene, mar ik freegje my sa stadichoan al ôf, hwa sit hjir yn 'e opposysje.
Neffens Tjitte Piebenga moat skriuwerij tsjin Literatuer wêze. Anne Wadman is him tankber foar dy koarte formulearring (mei Abraham fûstkje side 177). Ik freegje my lykwols ôf (en dat sil wol oan myn biheind yntellekt lizze) hwat nou tsjin hwat is en hwa tsjin hwa. Nei myn bitinken is Literatuer (dy haedletter is ien fan dy originele grappen fan Tjitte Piebenga), literatuer dus, skriuwerij, mar dat alle skriuwerij literatuer wêze soe, doar ik net úthâlde.
Hwannear't it net mooglik is om alle Fryske skriuwers, dy't hwat to
| |
| |
sizzen ha yn ien tydskrift by inoar to bringen en har har skelen útfjochtsje to litten op it ‘Trotwaer’, dan is in Frysk literair tydskrift dat in bytsje lêsber is ek net mooglik. Foar my persoanlik is dan de aerdichheit om to redigearjen der ôf. Fan it earste nûmer fan Trotwaer ôf ha wy alle Fryske skriuwers útnoege om mei ús it Trotwaer op; wy ha har û.o. de rubryk Trioel oanbean sûnder sensuer sels fan 'e redaksje. As se dan leaver op 't húske sitten bliuwe to masturbearjen dan moatte sy dat witte, mar dan skeppe se wol in foar Fryslân sterile literaire situaesje.
J. Noordmans: ‘Hwant der is altiten noch mear Frysk literair talint oanwêzich as him it ôfroune jier utere kinnen hat yn Trotwaer.’
Ja? Hwer dan? Alles hat him yn Trotwaer uterje kinnen as it mar hwat ‘literaire kwaliteit en nivo’ hie. Mar neffens Noordmans ha wy dat ek net.
Achte Hear Noordmans, ik wit dat in kranteman it drok hat, to drok om oandachtich to lêzen, lit stean om trochtocht to skriuwen en Fryske literatuer hat er hielendal gjin tiid foar. Mar, mochten jo ris in frije dei ha, of twa frije dagen, of fakânsje, nim dan noch ris de 1e jiergong (faeks de iennichste) fan Trotwaer yn hannen, lês dy oandachtich troch (mar dan ek alles hwat der yn stiet) en lês dan ek wer ris hwat jo dêr oer skreaun ha op 10 jannewaris 1970, miskien, hiel miskien (it is in winskdream fan my) soene jo dêr de Ljouwerter Krante en de Fryske literatuer in deugd mei dwaen kinne.
Mar 't is ommers ek sa, literatuer is in taboewurd sûnt Tjitte Piebenga syn skriuwerij der tsjin is.
|
|