Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 93] [p. 93] R.R. van der Leest / Gedicht soms as je neaken en mei jesels forlegen yn sa'n moderne baeikeamer sûnder drompel steane middenmank forblynjend wyt sanitair hwat foarmjowing oanbilanget o sa trochtocht en tomjitte kommend oan alle hygiényske easken fan de tiid soms kin it barre dat yn dizze skjinne wrâld in rûch kattepoatsje mei roazige kessentsjes ûnder de doar troch komt en mei je boartsje wol en as je it dan sels ien finger tastekke bigjint in tankber suver gnoarjend snuorjen troch de sterile stilte Vorige Volgende