Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 92] [p. 92] R.R. van der Leest / Ballade As ik it Saeilân sjoch mei hûndert weinen, Kreas parkearre yn in stram gelid, Dan prykje my meastal de fingerseinen, Omdat ik it noch oars en rommer wit: Hwat jonges dy't har út de naden fleine, Fûleindich skopten tsjin in keale tennisbal, En freeds de hearringbonken dy't der leine - De wrâld foroaret hurder as men wol. Sjoch ik de Ie nei Dokkum mei de einen, Wylst in forkearsstream oer de rounwei sjit, De fjouwerkante flats myn sicht biheine, Dit griener byld him net fordriuwe lit: Hwat jonges dy't dêr strúnden alle sneinen En bouden oan in plaggen rovershol, De hite pearkes dy't to hymjen leine - De wrâld foroaret hurder as men wol. En dan ús eigen strjitte, de Bagijne, Dy't nou fol pakhuzen, kantoaren sit. Gjin minsken hast dy't dêr noch wenje, Mar yn gedachten sjoch ik faken dit: Hwat jonges dy't har eigene domeinen Fordigenen tsjin knapen fan de Brol, Mei knikkerts foar de Westertsjerke leine - De wrâld foroaret hurder as men wol. Envoai Prins, to duldzjen bylden dy't ús skeine, Bitelje wy foar uze bernejierren dizze tol? Mar ear't Jou wiis bislût dit libben einet: De wrâld foroaret hurder as men wol. Vorige Volgende