doe't alle ratio fêstroun yn hieltyd greatere wetterstofbommen, dy't alle stuiten ûntploffe koenen, fordomden de dichters it langer om to tinken, binammen om't de rjochtlinichheit fan 'e bistjurre tinkpatroanen in hieltyd binearjender gefaer waerd. It wie de tiid fan it embrionale fers, men dichte mei jins ynstinkt, net mei jins forstân. Ek by it bioardieljen fan 'e fersen wie it brûken fan jins ratio winliken taboe. De fersen wiene der en se wiene goed of net goed; hwerom, dêr praette men net oer.
It essay, de krityk wie by de eksperimintelen net yn oansjen (likemin by ‘quatrebras’). It ûntbrekken fan essayistyske bigelieding seach men net as in gemis, mar as in prinsipiële saek. It kreative wurk die sels útwizing oer it nivo. Gjin gelul der oer. M.o.w. it essay wie to rasioneel.
Oeral komt reaksje op, dus ek op dit antyrasionele stânpunt fan 'e eksperimintelen. De poëzij wurdt rasioneler, wurdt bislipe. De tiid fan 'e wurdekakkerij giet foarby. It tydskrift ‘Merlijn’ bringt yn Nederlân de essayistyk wer op gong. Persoanlik achtsje ik skriuwers as d'Oliveira en Oversteegen wol de muoite wurdich. En sjoch ik dêr hielendal gjin bislikkers yn fan nou ja.
Mocht trotwaer al ris in eksplisyt program krije, dan sjoch ik dêryn as ien fan 'e earste punten: Krityske bigelieding fan 'e forskinende Fryske literatuer. It rasionele elemint moat it plak ha, dat it takomt. Anti-rasionalisten biskôgje ik noch altyd as anty-yntellektuelen en dêr moat Fryslân ris fan bifrijd wurde. Oan Folkertsma en Piebenga ha wy genôch hawn.
Nou wol ik Josse de Haan net misledigje troch him mei F. of P. to forgelykjen, mar ik wol him der wol op wize, dat er mei syn idéën yn 'e Fryske literatuer (sic) in aerdich eintsje achter de (lit ús sizze) moade oanrint.
Ik wit net yn hoefier de Haan syn eigen stik serieus nimt. It is in swak fan dit stik, dat men dêr net goed achter komme kin. Der steane in pear forfelende sintsjes yn. Bg. ‘De tiid easket it’. (206). Dat is sa ûnpersoanlik. De dichter of skriuwer heart hwat fan 'e tiid to easkjen, mar net oarsom.
Ek fan it folgjende, dat men as it grounthema fan syn hiele artikel biskôgje kin, krij ik pikefel: ‘.... hwant de faktor tafal yn it fers is wichtiger as it rasionele elemint, it úttochte yn it fers’. (206).
Fansels, it tafal spilet in essinsiële rol yn it libben, dus ek yn 'e kunst, mar de rol fan 'e ratio is net minder. It seleksjeformogen fan ien dy't fersen makket à la Josse de Haan soarget der foar dat dy