Trotwaer. Jaargang 1
(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 70]
| |
Tjitte Piebenga / De kriteria fan Geart van der ZwaagGeart van der zwaag is in leave jonge, dy't hast altiten sekundair en ynadekwaet réagearret. Koe er yn syn ferske, programke, reltsje of flutterke yn de allerlêste -tsjerne- de saken slim foarelkoar en foar't forstân krije, yn -trotwaer- (69-6) liket it alhielendal nearne mear nei. Miskien is dizze efterútgong fan geart van der zwaag syn yntellektuéle en stilistyske formogens to tankjen oan de nammeforoaring fan it tydskrift, oan de ynhâld fan it gefal kin it ûnmûglik lizze, fanwege de foar de hân lizzende reden, dat de ynhâld per définysje en prinsipieel net foroare is, nou efkes ôfsjoen fan in insidenteel gefal as it operaesje-nûmer. En nou kin van der zwaag mei nòch fjouwer fortribeljende samenspraakjes komme, of him oan noch in rige oerdreaune en sabeare nije eksklamaesjes to bûten gean, it feit bliuwt, dat de sitewaesje yn -trotwaer- fordomd ûndúdlik is, en dat liet him minder oan myn as oan geart van der zwaag syn kriteria. Hawar, ik wol net ûnsportyf wêze, ik gun van der zwaag de eare dy't him takomt. Dat findelswaeijer van der zwaag nei lang tinken en ûndúdlik skriuwen noch gjin hâldfêst oan dat ‘fyfde tsjil’ fan bauke de jong krije kin, leit him net oan myn kriteria, en dat van der zwaag myn stikje hast allinnich dêr oan ophinget noch minder, soks sil syn oarsaken hawwe yn de kriteria fan mjitstêfkampioen van der zwaag. Lit ik dêrom de jong, dy oare de jong, pijpje drop en reinder rêste, en my dwaende hâlde mei de kriteria fan ús geart. Ahum. Fansels, it is gjin kwesje fan kriterium, as in geart van der zwaag op sa'n prinsipieel punt as it oernimmen fan in forjierre redaksje bislút, de koal mar koal en de geit mar geit to litten, né, dêr binne wy it wol oer iens, al seit van der zwaag it hwat oars: ‘Nou wiene dizze teksten wol net bidoeld as privéprograms, mar | |
[pagina 71]
| |
hawar, as PiebengaGa naar eind') der by “it fiifde tsjil” dochs soks oan hawn hat, dan is dat moai mei. Gjin program dus, of it moat al wêze hwat de útjower der - yn oerliz mei de redaksje - yn it folder fan makke hat: mear krityk, mear polemyk, mear polityk, signalearje, ynspirearje, aktivearje, provosearje. Dat klinkt tominsten moai genôch’. (blds. 197). Ja, sa giet dat godbettert tsjintwurdich, hwant as koartsichtige geart dêr gjin privéprograms yn sjocht, hwat binne it yn de goedichheit dan wol? Grapkes, arabeskjes, ynliedinkjes yn de takomst, âldehoerpraetsjes of gewoan lullige stikjes? It is dúdlik fordomme, geart âldehoert, né mear as dat, hy liicht, hwant it wiene wòl privéprograms en dat wit geart ek. En as geart it net wit, moat er syn kriteria neisjen litte en ophâlde mei swetsen. Né, dan de útjower, dy makke - yn oerliz mei de redaksje - in folder, dy't wol gjin program joech, mar - yn oerliz mei de redaksje - dingen as polityk, polemyk, aktivearjen en provosearjen yn hie, saken, dy't de redaksje wier meitsje moast. En dat lit dyselde redaksje, dy't gjin (privé)programs breidzje woe, him - sûnder oerliz mei de útjower - samar oanleune, wylst kriterium-geart sûnder him to skamjen der oer skriuwt ek noch. Mar as geart van der zwaag merkbyt, dat er him net skammet, wurdt er hielendal dwyl en bigjint mei kriteria to goaijen as wiene it toanielstikken. As noarm- en weardefêst man skriuwt van der zwaag der lykwols in ynlieding of program by: ‘Ik jow hwat sitewaesjes wer, hwer't sawol de bidoelde noarm as “literatuer”, in rol yn spilet. De modellen binne ideael-tipen, passe dus net op in bipaelde praktyske sitewaesje. Se wize op de tastân fan de skriuwerij yn fryslânGa naar eind'') mei bitrekking ta de troch PiebengaGa naar eind''') oanroerde problematyk. En út myn gesichtshoek wei dan altiten’. (blds. 197/198). Sa, dat witte wy dan. De modellen binne ideael-tipen, sokssahwat as it christendom of it communisme dus, in soartemint fan heilslear, dy't net op in bipaelde praktyske sitewaesje slacht of slaen kin, om't soks foarskriuwt en net rekken hâldt mei. Oant safier hat gystene geart ek ris gelyk. Mar dan ynienen wize se, dy ideael-tipen dan, op 'e tastân fan de skriuwerij yn fryslân en noch wol mei bitrekking ta de troch PiebengaGa naar eind'''') oanroerde problematyk en boppedat út van der zwaag syn gesichtshoek wei. Hwat der dan noch fan it ideael oer is bibakt sjefkok gérard mesurois yn in fjouwertal eksperimentele pofkes, dy't sa taei binne en sa oanklaud sitte mei de doarpske | |
[pagina 72]
| |
tradysjes fan de kriterium-kok, dat allinne van der zwaag der in bek op sette wol. Trouwens, as de mislearre hurdbakjes yn de étalaezje lizze, sjocht geart it ynienen sels ek: ‘De modellen sprekke foar harsels, binne bidoeld as bijdrage ta in fiedereGa naar eind''''') diskusje’. blds. 201). En zo gaat kriteriumpje naar de bliksem. Mar dan sjit ús nommele kriterium-jager ynienen yn it sin, dat er réagearret op in artikel fan my, en dêrom bigjint dy anti-programmer sa hurd as er mar kin in program op to setten. Net, om't er der sels sa nedich oan ta is, né, wie it mar wier, mar ‘Tjitte PiebengaGa naar eind'''''') moat in andert ha op syn ynboude fraech: hwat is it program fan “trotwaer”?’. (blads, 201). Dat van der zwaag sa freonlik is, to anderjen op in troch my nèt stelde fraech, is fansels harstikke fijn, mar de kriteria fan ús kriterium-fêste letterfretter wurde der sa net fêster op. Dat sadwaende folget in program, sa modern, dat it yn de rounten fan de christlik grifformearde jongfammeforiening ‘Biwarje It Flues’ gjin kwea stiftsje kin: ‘Ik gean hinne en meitsje gewoan eksplisyt hwat fiif/seis nûmers ús fandatoangeande sjen litten ha. Yn hoefier't dêr mei bitrekking ta “de Tsjerne” foroaringen yn sitte, lit ik oan PiebengaGa naar eind''''''') oer to bioardieljen’. (blds. 201). Nou geart, ik gean hinne en meitsje gewoan eksplisyt, dat fandatoangeande dy fiif/seis nûmers, útsein koekedaei en sûre molke, gjin grevel sjen litten ha en dat der mei bitrekking ta ‘de Tsjerne’ hoegenamt gjin foroaring ynsit. EN DAN KOMT IT GREATE KRITERIUM: ‘De redaksje is forantwurdlik, net de útjower. Sensuer kin net bistean’. (blds. 201). Mei dit kriterium út de foarrie fan geart van der zwaag kin ik it hielendal iens wêze, mar hwat bliuwt der fan oer, as de útjower - yn oerliz mei de redaksje - mar skriuwe kin hwat er wol, sûnder dat van der zwaag syn kriteria yn 't gewear bringt? Afijn, lit ik yn myn eineleaze lankmoedigens nochris in greep dwaen yn de kriteria fan golle geart, hwant hy moat per slot ek witte hwat syn kriteria binne: Opiny-foarming’. (blds. 202). Nou geart, ik meitsje - yn oerliz mei mysels - deagewoan eksplisyt, dat de opiny, abstrahearre fan soksoarte kriteria fan gearsketten geart, my gjin moer yntressearret en dat eltse letter, dy't ik dêr nou | |
[pagina 73]
| |
noch oan bisteegje, tofolle is. En hjir soe ik sa graech ophâlde wolle, as ik noch mar net ien ding op myn lever hie, nammentlik dit, dat geart yn syn opperste kriteriumgloarje it net nedich achte, yn to gean op de wichtichste punten, dy't ik tsjin -trotwaer- ynbrocht; de kwesje fan de dûbele moarael, dy't pleitet foar fûle polemyk as it bart, tsjin it boargermansfatsoen, mar as it nypt de koal en de geit sparret, sabeare progressyf mar bang as it moat, it net útiten fan in stjonkende problematyk en gean sa mar troch. En hwat docht kriterium-geart? As er sjocht, dat der fan al dy polityk, polemyk en provokaesje gjin flinterke wier wurdt, dan kin er dat as kriteriumridder net sels konstatearje, mar dan makket er eksplisyt. As er merkbyt, dat er mei al syn hegere kennis fan de kriteria yn de problemen en it redigearjen forsûpt, dan forskûlet er him efter samenspraakjes. It is dúdlik, dy kriteria fan goddelike geart bisteane net, it binne de foefkes fan in handige jonge, dy't syn status as skriuwer wier meitsje moat. En hwat dogge wy mei sa'n kriteriumstruijer? Wy sette him yn de redaksje fan -trotwaer-. |
|