Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 275] [p. 275] Jelle de Jong / Fersen Simmer .... en doe't wy dan as nuvere asceten ôfskie namen fan 'e sex ha wy ús dochs bifrijd field: frjemde sirkels stiene om de moanne en ek it gêrs wie oars wy rûkten ek it hea wer en de fûgels en de hynders en de bern nou en dan allinne seach ien fan ús - noch út tradysje - nei syn gulp of nei in famkesbroek en frege om forjowing [pagina 276] [p. 276] Oarloch de buerkerÿ lei stil - algemiene staking - ek de sinne - 72 ûre - lei op 'e rêch de hinnen hiene har al yn groeven - soldaten yn it sân op 'e heasleep 83o fahrenheit en fierder op it hiem tusken it bargegêrs stick boeresoan fan 76 - ûnwennich noch - foar 't ears't syn fingers by geartsje yn 'e bokse de hinnen hiene har al yn groeven - soldaten yn it sân Vorige Volgende