Dan brekt it lûd ek by him troch. Hy smyt syn holle yn 'e nekke:
Nou bigjint in dialooch tusken de lûden fan man en frou en de lûden út 'e bûtenwrâld.
It ljocht dôvet hwat en in spot folget de stadige gong fan de man en de frou dy't elkoar beethâlde, bûgjend, krûpend, nei alle kanten rikkend mei har lûden yn dialooch binne mei de wrâld om har hinne.
Samar ynienen swijt de wrâld. Man en frou bliuwe stean, ôfwachtsjend. Dan klinkt in klaeijend frouljuslûd: aaaa aaaa aaaai Stilte. De frou drukt har tsjin de man oan. Sy sjogge elkoar oan mei greate eagen.
Op'en nij lûden. Manlju en froulju trochinoar hinne:
aaa ooo aaaaa oooooo a o a o aa oooo aaa o
ensfh.
De man sjocht syn frou oan, knikt en seit:
De frou nimt it oer, jeuzelt yn harsels:
Dan sjocht sy de man oan, knikt en seit:
Hy nimt it oer, freegjend:
Frou: ok. Wiist nei harsels en seit:
De man herhellet dit:
ok
(wiist nei himsels)
ok
(wiist nei de frou).
De man hat syn frou foar it earst loslitten. Hy docht inkelde stappen achterút. Sy sjocht him oan, drukt mei har hâlding in fraech út. De man rint noch mear nei achteren ta, de skieding wurdt greater. De frou sjocht eangstich, it boppelichem hwat nei foaren ta bûgd. Sy docht in stap nei foaren, hy in stap nei achteren.
Dan fljocht se nei him ta, springt by him op, slacht har fuotten om syn mul, de hannen om syn hals. Sy raest:
Hy glimket en seit:
Frou:
Stimmen yn 'e rûmte:
De man en de frou imitearje:
dou ik ik dou dou ik ik ik.
Dan tagelyk:
Sy falle op 'e groun, tútsje elkoar, rôlje oer elkoar hinne, meitsje dounsbiwegings fan blidens, roppe, flústerje:
Dou en ik. Wy. Wy. Dou. Dou en ik. Ik en dou. Wy. Wy.
Bisten fan allerhande soart wurde sichtber. (To realisearjen troch marionetten) De man en de frou sjogge frjemd om har hinne,