| |
| |
| |
Tr. Riemersma / Yn eigen fleis
Nidich konstatearre er dat er wer siet to piipútplúzjen. De hoefolste joun? Hoefaek stoppe, oanpaft en sûgd? Dan de pinne wer, in sin bigjinne dy't net doocht, komma. De pijp yn 'e oare mûlshoeke trouwe. Dat ding jarre ek wer! In haeltsje oan in k sette, hoewol't dy k dúdlikernôch is en nimmen oars dit manuskript hoecht to lêzen. En hy hat sels noait muoite mei syn hanskrift. Earst noch marris kofje ynjitte, dy piip is net mear to priuwen, dy hat de hiele joun al readgloeijend stien.
De lêste sin trochskrasse? Ja! Of, hy hie him better stean litte kinnen, hy hie him letter altyd noch foroarje kinnen. As men earst mar in bigjin hat. Puntsjes derûnder dan mar.
Hy lies it forhael op 'e nij troch. It wie net goed. It wie in hiel ein ûnder syn kinnen. Hy hie it hieltyd wol witten, mar men wol sa graech skriuwe! As men trije fjouwer moanne net skriuwe kinnen hat, dan fljocht it jin oan, de eangst dat men it noait wer kinne sil. Dat men tonei as ympotinte âlde kearel troch it libben moat. Net om de eare of om de pear tientsjes, mar om it teken fan libben. Hy manifestearret him noch, hy hat wer skreaun, hy is der dus noch. Skriuwen is libjen. Men libbet skriuwende. Ik skriuw, dus libje ik.
Hy wist wol dat er him it bêste ûnder syn tydlike ympotinsje deljaen koe. Dan wie it op syn gaust wer oer. Men forsearret dat net, nou ja, of wol, mar dan is it resultaet derneffens: forsearre.
Dat forhael wie net goed. Hy wóé skriuwe, en hie dêrom dagen, wiken socht om in ûnderwerp. En hy hie ien foun. In fierste dramatysk ûnderwerp, in melodramatysk ûnderwerp. Hy wist dat it mislearje moast, mar hy woe, né hy moast, né hy woe sa graech skriuwe. En hy hie skreaun. Stinnend en skeukend, hinne en wer fan it buro nei it kofjesteltsje, mei folle jiskebakken rinne, doaske lusifers op, pin leech, piip forstoppe, grom yn 't kopke, alle healûren pisje, kachel fulle foar de frou, strykplanke fan boppen helje,
| |
| |
telefoan fan Sybren. En suver gjin bliksem dien. En hwat er skreaun hie wie gjin bliksem wurdich.
Koarte ynhâld: In man komt fan 't kantoar. Daliks forkeard: de stereotipe kantoarman út it boekje, eptich, punktueel. Like boargerlik en fantasijleas as de skriuwer sels. Hwerom net in oargeldraeijer of portier fan in hoeretint? Né: in kantoarman. Komt fan 't wurk en sil nei hûs. 't Sin is net al to bêst, hy hat wurden hawn mei de baes. Hy komt yn 't sousterrain en sjocht dat de foarste bân leech stiet. It sin wurdt minder. Hy rint mei de fyts oan 'e hân it trotwaer del nei hûs. In bern dat mei oaren oan 't mâltjirgjen is stout by it foarste tsjil op en komt to fallen. De kantoarman, hy hyt Hoekstra, kin der neat oan dwaen. Mar in frommis - de mem, of samar in frommis - seit him it mannewaer op. Skamje jo jo net? Hwat dogge jo hjir mei dy fyts, kearel! Hoekstra wit neat to sizzen en rint troch. Tsien meter fierder wit er al hwat er sizze moatten hie, mar dan is it frommis der net mear. Hy kin him dus net uterje en moat syn lilkens forkropje. Hy sjocht rinnendewei jitris om - it frommis is fuort - stompt mei de skynbonke tsjin 'e traper en klapt langút boppe oer de fyts hinne. Hy klaut oerein en heart efter him: Ha-ha-ha. Sjocht om: it frommis fan niis stiet der wer: Ha-ha-ha. Hoekstra is troch al dy akkefytsjes pûrlilk wurden, hy is bûten himsels, hy is dûm, bysteat ta in moard. Mar dat sil de skriuwer wiermeitsje moatte.
De skriuwer! Braeksma sloech it skrift ticht en keilde... Né, hy keilde net, hy koe gjin ôfskied nimme fan 'e yllúzje dat dit ienris in draechlik forhael wurde soe. Hy die it skrift ticht en lei it midden op it buro.
Hy moast mar in slach om, de sinnen even forsette. Faeks trof er freonen by Hospes. Hy stapte de gong yn en die in oerjas oan. De frou hearde er troch de keamer rinnen. Grif noch mei it waskguod dwaende. Hoed of gjin hoed? Mar al, hy hie gau lêst fan 'e jounloft. It tsjustere al en it wie stil op strjitte. It jongste jongfolk lei al wer en it brommerfolk hokke earne oars gear. Langer ek by Hospes, dat fan âlds in boargermans restaurant wie en noutiids ek it moetingsplak fan Braeksma en oare... och né, wy biskôgje ússels net as artysten, kom nou! Wy binne gewoane jonges dy't wolris hwat meitsje, hy dit en ik dat. De skynhillige lullen, tocht Braeksma, elke pretinsje is noch better as de pretinsje fan 'e pretinsjeleazens. De sljochtwei jonge úthingje, deabinaud foar de ivoaren toer - ach, kunst, hwat is dat nou eigentlik? - mar ûndertusken! Wrotte,
| |
| |
yntrigearje, lasterje! En alles draeit by einsluten om myn boekje, myn oplage, myn eksposysje, myn publyk. En dat klaeikeamergetsier soe allegear noch hinnebruije meije as foar de kûlizen hwat goeds brocht waerd. Mar it is ommers altyd sa: de greatste razers produsearje it minst. In greate bek, mar neat yn 'e sek! En nei dat selskip wie er - hielendal net tafallich! - krekt op wei. Meikankerje om't er net skriuwe koe. Hup, dêr wie dat forhipte forhael dochs wer yn syn gedachtestream opdûkt. Hoe komt in minske ta in moard... Kom, mar net mear oer prakkesearje.
Hy stapte it net al to rojael forljochte restaurant fan Hospes yn. Der wie, ôfsjoen fan it opsketten jongfolk, gjinien. Op 'e stamtafel leine de kranten kreas en deadsk op in steapel. ‘Ien mei,’ sei er tsjin Hospes wylst er sitten gyng. Hy helle in Amorpana nei him ta en twong himsels ta ynteresse foar de ûnnoazele kletskoek. Ek wer klearebare oergunst, Braeksma jonge, Sjochst del op elke journalist, mar soest wolle datst ek sa flot mei de pinne wiest. Dou moatst stinne en krimmenearje oer elke folsin.
As er - ‘Ja, tanke’ - dat forhael nou nochris trochroun. Stap foar stap. Niis thús hie er it bilachlik makke, mar men kin by einsluten elk forhael bigekje. It thema: hoe komt de minske ta in moard? Oarssein: hoe komt it dat in minske ta in moard komt? Nim in minske: Hoekstra. Birop: kantoarklerk. Slachtoffer: syn frou. Moardwapen: strykizer. Hjir moast er fan útgean, fan dizze situaesje. Dit koarte krantebirjocht bygelyks: stip-stip-stip ûntdieken yn 'e wenkeamer fan H. it libbenleaze lichem fan mefr. H., hwaens plasse ynslein wie, grif mei it strykizer dat oer de flier lei en dêr't bloed en hier oan siet. Neffens de dokter moat de moard ruttuttuttut. It lichem ruttuttuttut. De hear H. is - aha! - op gjin inkeld adres to finen. Neffens de buorlju is er op 'e gewoane tiid thúskommen, mar nimmen hat him syn hûs forlitten sjoen.
Braeksma rette yn syn brandewyn en preau. Krekt spiritus, dat er nammers nea preaun hie. Goed, Hoekstra mei him dan skûlhâlde foar de plysje, dat bilet in skriuwer net om yn syn tinkmasine to loeren. Hwerom ha ik dat dien? Ja, freget er him dat ôf? Miskien prakkesearret er der allinne mar oer hoe't er him de plysje fan 'e lea hâlde kin. Eigentlik wie in forhael yn 'e foarm fan in krúsforhear ek net gek. Lang net gek! Hoekstra is snapt en moat stikje by bytsje fortelle hwat er útheefd hat. Sprongsgewize, fan it iene nei it oare, komme de feiten to praet en stadichoan mear giet it yn it forhear ta op 'e sintrale fraech: hwerom?
| |
| |
Braeksma hie de âlde novellefoarm foar kar nommen. Né, fan in kar hie gjin sprake west, hy hie op in oare mooglikheit net sind. It gewoane him ôfrôljende forhael. En hwerom ek net? Al dy nijmoadrichheden fan healwize komposysjes hawwe de takomst ek net. It gewoane forhael komt werom, pas mar op.
Mar dat joech ynearsten ek net oft de feiten yn kronologyske oarder forteld waerden of trochinoar hinne. Wienen de feiten, de forklearringen dy't hy jown hie foar de moard, ynoarder? - Dêr gyng it om!
Hy hie dus alles op 'e omstannichheden skoud, op in needlottige gearrin, sa't der dan sein wurdt, fan allegeare lytse en frijhwat bykomstige akkefytsjes. Earst dy scène mei de baes, in skrobbearring dy't er as er earlik wie fortsjinne hie, en dêrnei dy lekke bân en dy trammelant mei dat frommis. Dingen dy't alle dagen foarkomme, en ek wol allegear efterinoar, jawol. Men hat sokke misse dagen dat alles en alles jin tsjinrint. Docht men dan in moard? Hy hie fansels foar thús ek noch in lytse scène yn petto, in frou dy't it drok hat, noartsk is, gjin thé brún, né, kofje fansels. Safier wie er noch net mei syn foarhael, mar steld dat it him slagge der in moaije rúzje fan to meitsjen, moast dêr in moard út fuortkomme? Dat koe, jawiswol. Mar, fordoarje, dy rúzje allinne wie ek al genôch foar in moard. Dêr hoegden gjin lekke bannen oan topas to kommen.
‘Noch ien,’ sei er tsjin Hospes. Is arbortus moord? frege Amorpana yn in fette kop. De meningen rond het vraagstuk van de abortus zijn sterk verdeeld. Sommigen zijn van oordeel dat de ouders, of alleen de vrouw, het recht moet hebben de zwangerschap te laten onderbreken wanneer zij geen (volgend) kind wensen. Anderen daarentegen hawwe in oare miening en Amorpana jowt elk syn gerak. Een bijzonder geval doet zich voor wanneer er een aan zekerheid grenzende waarschijnlijkheid bestaat dat het kind lichamelijk en of geestelijk zeer zwaar gehandicapt zal zijn. De medische wetenschap heeft sinds de laatste oorlog methoden ontwikkeld om beschadigingen van de vrucht reeds in een heel vroeg stadium vast te stellen.
Hwat docht men as men mei in aan zekerheid grenzende waarschijnlijkheid wit dat it forhael dat men op priemmen set hat in rotforhael wurdt? Hy koe oer it abortusprobleem meiprate, ja fordeald! Fynskuorre? Men wit dochs noait oft it dochs noch net hwat wurdt... Ek al net folle pretinsjes, wol Braeksma? Men wit fordealde goed, dou witst duvelse goed, dat witstou nei in pear bledsiden, oft in forhael min, draechlik of goed wurdt. Forskûlje dy
| |
| |
asjeblyft net efter de idé fan 'e skepper dy't net wit hwat er docht. Astou wegerest in oardiel út to sprekken oer dyn wurk, komt dat fuort út de wegering om dyn eigen wurk ôf to kreakjen. Dou witst hwat it wurdich is. Dat forhael is neat, wurdt noait hwat en kin neat wurde.
Braeksma lege it gleske en sette it foarsichtich del. Hy wist net oft er mear nimme soe, hy wist hielendal net hwat er soe. Dy oare opset, fan dat forhear, faeks wie dat dochs better. As dy rechercheur frege: Hwerom ha jo dat dien, dan koe Hoekstra min sizze: Om't ik in lekke bân hie. Netwier? Jawis! Dy plysjes soenen dolle om de forburgen motiven bleat to lizzen. Motiven dy't ek foar Hoekstra sels forburgen west hienen. Dan waerd it krekt nijsgjirrich. Mar wie soks net mear psychiaterswurk? Nou, dan in rechercheur mei psychiatryske oanslaggen. Of in rjochter-kommissaris, dat koe bêst. Dy die sok wurk net? Dêr koe er wol nei ynformearje. Mar né, blinder, dan wienen der al wer in pear dagen en nachten forroun tusken de arrestaesje en it forhear, en hy moast dy man der ynienen foar sette, foar dy fraech: hwerom. Dus dochs in rechercheur, dy't út heal minsklike en heal ambachtlike nijsgjirrigens freget: Hoe krigen jo dat yn 'e plasse. Ja, dy opset wie better, ynlieding, mar daliks aksje. De rechercheur skout in stoel foar 't buro. ‘Gean sitten. Sigaret?’ En sa fierder. En dan him, siz mar yn 't geastlike flak, dy sigaret út 'e bek slaen mei de fraech: ‘Hwerom ha jo jou frou om sjippe holpen’. - Né, dat is in hollanisme, nou ja, goed.
Spitich dochs fan dy pear bledsiden dy't er al skreaun hie. Dy scène yn 'e keamer fan 'e sjef wie bipaeld goed, psychologysk fyn waernommen en mei lytse trekjes heel echt makke. Dy scène soe er falle litte moatte. Fansels, Hoekstra koe oan dy rechercheur fortelle dat er mot hawn hie, mar dan noait sa echt, sa fyn oantsjut. Ut Hoekstra syn wurden soe men eigentlik allinnich mar feiten, isolearre feiten destillearje kinne. Fordomd, mar dat jildde fansels fan it héle petear. Yn elk ynterview wurdt forswijd hwat men eins sizze wollen hie. De sprektael sjit tokoart, grif as men twongen wurdt to sprekken. Soks moat biskreaun wurde, net mei logyske forklearringen, mar fielber makke, oantsjut.
‘Hwer sitstou oer to brieden?’ rôp ien. Jouke wie it. Hie er dy doar al heard? Ja, mar hy hie tocht dat it wer in broazem wie. Jouke hong de jas oan 'e stander en kaem wer op him ta. Soe er de jas ek noch útlûke? Mar net, Jouke wie syn greatste freon net. Aenst mar gau opbrekke.
| |
| |
‘Rotsoai, gedonder, soargen? Hwat is it? In jongen! Dou ek noch ien?’
‘Né,’ sei Braeksma. Hy lei de hân oer de romer. ‘Ik wol noch oan 't wurk aensent.’ Hwerom soe er it Jouke eins foarlizze? It ynteressearre him dochs net, al hie er dan sels ek wolris in boekje skreaun. ‘Né, ik siet to prakkesearjen.’
‘Ja, dát seach ik wol. Mar hweroer, dat koe 'k net sjen.’
‘Nou, ast dat graech witte wolst...’
‘It kin my earlik sein neat skele.’
‘Dou meist it wol witte. Ik siet oer in forhael to prakkesearjen, in oanset, hin? In fint dy't fan kantoar komt mei in min sin. Hy hat rotsoai hawn of sokssahwat, ik haw noch neat op papier. Mar sokssahwat. Hy moat ek noch nei hûs rinne om't er in lekke bân hat. En dan stroffelt er op 't trotwaer en knoffelt oer de fyts hinne. Sokssahwat. Hwat docht sa'n man?’
‘Ja?’ sei Jouke. ‘Of wie dy fraech oan my?’
‘Ja, astou it antwurd witst tominsten. Ik siet der niis oer to prakkesearjen.’
‘Ja, hwat docht dy man. Miskien giet er wol op 't trotwaer sitten to grinen.’
‘Hea ja!’ sei Braeksma nidich.
‘Bygelyks. Dy mantsjes fan dy hawwe it altyd nochal gau slim. Underdogs, net? Mar goed, dan docht er hwat oars.’
‘Hy giet nei hûs ta, stel ik my foar.’
‘Dat kin,’ sei Jouke.
Braeksma wist net hoe't er dat nou wer opnimme moast. ‘En dan?’ frege er. ‘Hy fortelt oan syn frou hwat him allegear oerkommen is.’ ‘Né,’ sei Braeksma, ‘hwant syn frou stiet de kop net nei dat geëamel. Dy hat it drok hawn, dy is noch dwaende mei it waskguod. Stiet to striken, fjûrread opset, it hier wyld om 'e kop. Kinsty foarstelle? Dy hat dus hielendal gjin forlet fan syn klachten, mar dy moat krekt oarsom har hert ek luchtsje. Allebeide dus nidich. Hwat bart der?’
‘Hwat slims? Dramatysks?’
‘Tocht ik.’
‘Hy hinget him op.’
‘Tocht ik net. Né, hwant hy is lilk. Nou lilk op har.’
‘Nou?’
‘Hy slacht har dea.’
Jouke dronk syn boarrel út en slikke him de lippen ôf. Doe sei er:
|
|