Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 257] [p. 257] R.R. van der Leest / Ballade Je meitsje in smak, sannen makken je nea, Foaroer op de knibbels falle je del. Je forbite de smert, it skrinen docht sear, Djip kerft de pine troch bluoderich fel. Dagen letter bislûpt je in heftich bigear: Je plúzje de rouwe ôf dy't je forfelet, Bloed skynt troch je hûd, roazich en tear; Fijn is de pine fan in woune dy't helet. Je hawwe in houn, sannen hiene je nea, Hy stout foar je út, syn blaffen klinkt fel. Op in dei is je roppen forgees: hy lei dea, Je forflokke al it forkear nei de hel. Dagen letter rinne je wer troch it gea, Wylst in hoeder syn kop nei je hevet. Je streakje it bist en treurje net mear; Fijn is de pine fan in woune dy't helet. Je hawwe in faem, sannen hiene ja nea, Oeral in dat skoandere fanke yn tel. Mar iens op in nacht moat se je leafde net mear, Naeit fuort mei in freon en je skoppe in rel. Dagen letter lizze je mimerjend gear Mei in oarenien dy't je ek strelet, Noch sêfter en swieter as de foarige kear; Fijn is de pine fan in woune dy't helet. ENVOAI Prins, wolle Jo ús faeks hifkje troch sear, Skink dan net alles oan ien, mar fordeel it. Jow ús draechlike smert en wy freegje net mear; Fijn is de pine fan in woune dy't helet. Vorige Volgende