Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 203] [p. 203] Steven de Jong / De leste kapitalist tragysk gefal hannele yn bonkemoal fan forhongere klanten skoattele de doarren die syn jaske út en syn broek biseach noch ien kear de lêste trien fan 'e famylje yn it medaljon fan syn oerbeppe sette de skonken yn 'e paraplubak de holle op 'e kast de penis hat er o sa foarsichtich yn in bijouterydoaske opburgen neitiid hat nimmen ea wer hwat fan him fornaem syn hûs is nou ús kultureel sintrum Vorige Volgende