[Nummer 6]
Kriteria fan it doarp / Geart van der Zwaag
(‘Zie, hoe alles hier verandert, en verlang er ook nog naar’. Fragmint fan in tsjerkliet, fan mij biwurke. G.v.d.Z.)
‘Flauwe kul en gjin ein’, it artikel fan Tjitte Piebenga yn it maertnûmer fan ‘trotwaer’, liket in geskikt hânsel om op eigen manneboet in nûmerke mei to findelswaeijen. Op eigen manneboet, hwant de redaksje fan ‘trotwaer’ fielt neat foar in útdruklik literair program. Sa reitsje ik fuort ien fan Piebenga syn wichtichste wraekpunten: de redaksje hie mei in program komme moatten, foaral nei ‘de Tsjerne’. De kwestje fan de fatsoensnoarm yn 'e literatuer hie oan 'e oarder komme moatten.
It blykt dat Piebenga de teksten hwer de redaksjeleden har yn it lêste Tsjernenûmer mei presintearren opfette hat as programs. Dêr mjit er se alteast oan ôf. ‘It fiifde tsjil’ fan Bauke de Jong is foar Piebenga sa ‘it iennichste program, dat én programmatysk én earlik wie’. Piebenga nochris: ‘Hjir hat men hâldfêst, in útgongspunt’.
Nou wiene dizze teksten wol net bidoeld as privéprograms, mar hawar, as Piebenga der by ‘it fiifde tsjil’ dochs soks oan hawn hat, dan is dat moai mei. Gjin program dus, of it moat al wêze hwat de útjower der - yn oerliz mei de redaksje - yn it folder fan makke hat: mear krityk, mear polemyk, mear polityk, signalearje, ynspirearje, aktivearje, provosearje. Dat klinkt tominsten moai genôch.
Yn Piebenga syn stik kriget it punt fan de fatsoensnoarm yn 'e literatuer frijhwat klam. It artikel fan Trinus Riemersma tsjin Bauke de Jong yn it jannewarisnûmer fan ‘trotwaer’ is dêr rjochtstreekse oanlieding ta, de âlde ‘asyl/tsjerne/quatrebras’-kwestje eftergroun.
Hwat kinne wy mei it bigryp ‘fatsoensnoarm’ útrjochtsje? Hwat is ‘fatsoen’ yn 'e skriuwerij? En ‘de skriuwerij’ (term is fan Piebenga), hwat hâldt dy feitliken yn? Ik jow hwat sitewaesjes wer, hwer't sawol de bidoelde noarm as ‘literatuer’ in rol yn spilet. De modellen binne ideael-tipen, passe dus net op in bipaelde praktyske sitewaesje. Se wize op de tastân fan de skriuwerij yn fryslân mei bitrekking ta