Trotwaer. Jaargang 1
(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 190]
| |
Geart van der Zwaag / Sjoch, Sjoch dy skeane banen
R.R. van der Leest ‘boartersbûkje 1909 en sextich’ Ljouwert, Miedema Pers 1969
Yn it foarwurd fan syn langlesten útkommen ‘boartersbûkje 1909 en sextich’ jowt R.R. van der Leest sels oan hwat syn ‘spultsje’ alsa biwurkje kin: ynsicht, kreativiteit, karakterfêstens en bihearsking. It forlustiget de geast, easket persoanlike ynset. De skriuwer hopet mei dit wurkje eat oan de oplossing fan it frijetiids-probleem tadien to hawwen. Ek mei de boartlike forpakking der om hinne wei liket it der mei dit foarwurd op dat Van der Leest foar syn bundel in oar en foaral breder publyk siket dan de biwende gedichte-konsuminten. Síj hawwe ommers mei it probleem fan de frijetiids-bisteging, lit wêze hwat it is, net it measte út to stean, yn oarsaek net en mei it forskynsel as sadanich ek net fuortdaelk en út soarte. Foar it boartersbûkje in bredere merk dus, sa to sjen, fan lju troch de bank minder by boek en dichtbundel opbrocht en/of der mei libjend. Van der Leest komt har dan ek graech hwat yn 'e mjitte: ‘dit spultsje (....) hat (....) ienfâldige foar elkenien to bigripen spylrigels’. De dichter taelt nei it famke en wol der mei boartsje. En net allinne mei it famke, mar ek mei de lêzer wol er op in luftige wize kommunisearje. En it famke wol mei de lêzer, sjoch har freegjende eagen. In nij kringspultsje: de dichter, it famke en de lêzer. | |
[pagina 191]
| |
Binnen dizze relationele trijehoek hat Van der Leest de teksten, der't in diel fan earder publisearre waerd yn syn beide literaire folders ‘flardeguod’ en ‘patates mei mayonaise’, yn ‘Tsjerne’ en ‘A-Wyt’, gearbrocht. Binne se yn mearderlei opsicht wakker ûngelyk, se falle dochs min ofte mear binnen dit boartlik kader, ek oan to tsjutten mei sex-parody-grafyk.
It boartersbûkje liket to balansearjen op it snijpunt fan de skeanen sex en parody. In omkearde piramide yn 't oansicht. Mear wurkjend nei de brede oerflakte fan de artistike kommunikaesje dan nei de smelle top fan de normative artistike prestaesje. It boartsjen is foar Van der Leest sûnder mis ek ekspearimintearjen. En net om 'e nocht antisipearret er foar en nei op krityk. Mei it neiwurd by it boartersbûkje krûpt er sels ‘fan lytsens suver by it túch grús en plús yn it flierkleed’: ‘As dit boekje jo like ûnfoldien efterlit as de skriuwer sil er syn muoite mear as bileanne achtsje’. De dichter hat boarte mei it famke en mei de lêzer. Goed, se fregen der om. Mar dan keart er har hommels de rêch ta. It bûkje is ynienen wer boekje. Om my hie Van der Leest yn it neiwurd syn fiksje folhâlden, lykas er dy yn it foarwurd sa plesierich ynlaette: it neispul yn de | |
[pagina 192]
| |
sex-relaesje. Mar hoe dan ek, hy soe him fan syn boarters net ûntdwaen. It bliuwt rieden hwat de auteur fan dizze samling extraverte teksten nou ynienen skeelt. Dit spultsje kin ik yn it boartersbûkje net pleatse. Wol moat ik Van der Leest alfêst toloarstelle: syn boekje hat my oer 't ginnerael net ûnfoldien efterlitten. Foar it boartersbûkje, de trijehoek op syn punt, gjin dúst oer de side. It is allinne oan to sprekken op hwat it as literair produkt wêze wol: ludyk en kommunikatyf. It fleurige omslach mei it dûbeldsinnich taelgebrûk yn de titel ropt yn 't foar de boartlike sfear op. De fryske flagge, it âlde byld fan trou, is sex-symboal wurden: skeane banen mei pompeblêdden as herten - lipsticktuten - efterkertieren.Ga naar eind*) Trochskrasse hwat net winske wurdt. It famke mei freegjende eagen mûlterget, dus gau it ‘bûkje’ iepen, yn de forhoping dat de faktor lok net ‘fortutearze’ wurdt. Ham
toe skelte nou net mei myn bêste jurk oan
toe skelte nou net mei myn bêste jurk
toe skelte nou net mei myn bêste
toe skelte nou net mei myn
toe skelte nou net mei
toe skelte nou net
toe skelte nou
toe skelte
toe
| |
[pagina 193]
| |
Hwat op it earste gesicht yn Van der Leest syn bundel it meast opfalt, bin de tipografyske boarterijen. Guon (Ham, Pofdeuntsje, Petear) binne troch it effekt fan weilitting en tafoeging as poétyske teksten suggestyf. Mei oaren (Automaet, Boadskippelist) komt de skriuwer oan it dichterlik nulpunt: in spultsje ‘bûter, tsiis en aeijen’. De koarte konstatearjende notysjes as ‘spike’, ‘boartersguod’ en oaren tsjutte mear de binnekant fan Van der Leest syn dichterlike aktiviteit oan. Oars as allinne oanwizend (de ready-mades) en boartsjend (kringspultsje) is de dichter hjir mear persoanlik, nei binnen spegeljend en prosesmjittich by it ûntstean derfan bitrutsen. ‘Frustaesje’, in soartgelikense tekst, is in flop. By de medyske term ‘minderweardichheitskompleks’ past in selsanalise, sa 't de skriuwer dy jowt, net sa goed. Fan in bigjin fan in kompleks wit ik my ek gjin foarstelling to meitsjen. De parodiëarjende teksten, dy't bitrekking hawwe op de moderne reklame, op foarskriften, maetregels en minske-gedrach lykje my foar it wurk fan Van der Leest noch it meast karakteristyk. It ûtwinen oan en trochljochtsjen fan de psychologyske reklame en fan dekretearjende teksten draecht yn dizze foarm en op dizze manier in eigen merkteken. De proazastikken, de fjouwer koarte forhalen, binne hwat fragmintarysk. Mei ‘de flinterknipper en de trije famkes’ biwiist Van der Leest dat er ek op it stik fan it proaza mooglikheden hat. Ek hjir de lichte tûts mei frijmoedige sex. | |
[pagina 194]
| |
Van der Leest hat in alderaerdichst, yn syn gearstalling hwat los en flodderich mar boartlik, boekje byinoar skreaun. De foto's fan Piter Doele en de tekeningen fan de skriuwer passe yn de sfear fan de teksten en ûnderstreekje dy hjir en dêr. De útjower, Miedema Pers, ferget de lêzer ek op eigen kréativiteit: sa nou en dan de goede letter der by tinke.... Lytsman
hjoed-de-dei nou't de dranken sa forrassend folwoeksen binne
en de bôlle dwers bakt wurdt
nou 't oeral moadebiwuste mannen omstappe
en elkenien de ring fan bitrouwen draecht
nou't de aeijen keakelfarsk de tekkens streelsêft
en de broadtsjes fan earjuster ounesmedich binne
nou't de hierlak mei trije streken fordwynt
en de molkeman en de tsiisman der hielendal efter stean
nou't alleman op de sawnde dei fan har hâldt
en allinne der om freegje al foarwille jowt
nou't de loft forfolle is fan yndividuele swietrookkomposysjes
en nearne net in smaekwale hinget
nou't 99 persint fan de húshâldbakteriën formoarde wurdt
en de foarmkrêft der net útwasket
nou't ik tocht dat de frou oare bakken kocht hie
en it wie oare bûter
nou krûp ik fan lytsens suver
by it túch grús en plús yn it flierkleed
om my noflik troch in stofsûger fan in bikend merk
opslobberje to litten
|
|