| |
| |
| |
Tr. Riemersma / It forhael
‘Né ju, dat liket moaijer as it is. Jim moatte rekkenje, de measte tiid sitst yn 'e auto. Dan kinst eigentlik noch better mei de trein reizgje, dan trefst nochris ien. En de klanten binne wakker gelyk. Mar ik haw dochs alris hwat geks bilibbe.’
‘Fortelle!’
‘Nou ja, it hat winliken neat om 'e hakken, mar nou't Sjoerd der nei freget, nou sjit it my yn 't sin. Ik haw it noch noait oan immen forteld, ik tink fan net iens oan Wil.’
‘Aha!’
‘Né, dêr net om. Der is neat foarfallen. Dêrom sjoch, dêrom is it sa gek.’
‘Bigjin nou mar! Sjoerd, jit dou nochris yn.’
‘Jim witte wol, ik bin yndertiid bigoun by in lyts útjowerijke to Rotterdam. Né? Nou, sa sit it yn alle gefallen. Ik haw earst in skoftsje op in kantoar omgammele en doe waerd ik dan haed fan 'e ôfdieling forkeap en reizger by Van der Baan. Dat wie ien funksje. Ik die trouwens de administraesje ek. It wie in forhipt lyts saekje. Mar ik fortsjinne krekt genôch om der op trouwe to kinnen. Ik sil der in pear jier west ha, doe woe de baes hwat oars. Nou moat ik derby sizze, wy dienen suver oars neat as om oare mooglikheden sykje, hwant wy wurken mei in to lytse winst. Salang't ik myn sinten barde, koe my dat net safolle skele, en ik tocht, as ik hwat betters krije kin, dan smear ik him. Mar dochs deart it jin soms wol oan dat sa'n saek nei de bidelte giet. Dus ik socht ek iverich om in oplossing. Doe kaem de baes op it idé om mei godstsjinstige lektuer to bigjinnen: katechesaesjeboekjes, ienfâldige hantliedinkjes by de bibel en boekjes dy't se de bern mei Krysttyd kado jowe. Op himsels sit dêr wol winst yn, hin, der wurdt soms grou oan fortsjinne troch dy greate útjowerijen. Mar, der binne twa bitingsten: dou moatst as útjowerij in namme ha op dat gebiet, en dyn skriuwers moatte
| |
| |
bikend wêze. Jim sitte dêr net yn, mar it is sa, de boekjes dy't de bern tsjintwurdich as krystpresintsje krije, dat binne soms sawntjinde of achttjinde printingen fan hwat de âlden tritich jier lyn krigen. Ja blinder, der wurdt fortsjinne oan sokke manuskripten, dat binne krekt melke kij! Mar ik woe sizze, dou komst dêr forhipte min tusken as nijling. En dan kinst fan tinken wol ha dat de manuskripten dy't wy útjoegen al by forskillende greate útjowerijen oanbean west hienen. Mar wy weagen it. Fansels, wy hienen wol yn 'e rekken dat de klanten net op ús ôffleane soenen, dat dêrom moast ik der yn myn funksje fan reizger op ôf. As Mohammed net by de berch komt... hoe seit men dat? Nou ja, ik krige in tasfol boekjes mei en ek noch hwat oar âld spul: “Paraphrase op den Heiligen Schrift”, hûndert jier âld omtrint, yn safolle dielen, in ûnforkeapbere “Encyclopaedie van het Christendom” en ja, hwat wie der mear? O ja: “Het Atheïsme bestreden en wederlegd”. Jonge, wy hienen it al mei fanalles bisocht. In pear fan dy titels kamen trouwens út it founs fan in greate útjowerij. Dy hienen wy ús foar sliterspriis yn 'e mage splisse litten. Jimme kinne der nou om gnize, mar wier, it wie bigreatlik. Ik kin my noch noait hwat trysters foarstelle as de útjowerij Van der Baan mei syn byinoar socht en ûnforkeapber swikje papier.
Mar de bûter soe jild jilde! Ik folle dus myn swikje katechesaesjelearmiddelen en sneinskoalleboekjes oan mei hwat theologyske turven foar ripere lêzers en in steal romantsjes dy't ik miskien ek noch slite kinne soe en ik sette de wrâld yn.
Moandeis, tiisdeis en woansdeis, trije dagen yn 'e wike wie ik op sjou. Soms kaem ik jouns thús to sliepen, mar ek wolris wie ik safier út 'e krite dat ik yn in hotel oernachte. Net faek hear, hwant ik sliepte it leafst by 't wiif. Dat giet sa as men jong is. Mar it kaem dochs wolris foar. Nou, en doe barde it.’
‘Nim nou earst mar in hertforsterkinkje.’
‘Ja, ik sil him earst opnimme. Mar jonges, jim hawwe mear forlet fan in hertforsterkinkje, hwant it falt ôf, hear. Der barde neat.’
‘Toe nou mar!’
‘Ik siet op in joune efter yn Gelderlân en ik wie fan doel foar't ik nei in hotel ried noch ien adres to bisykjen, hwant ik hie noch net safolle forkocht. Hwant, jimme moatte witte, it gie sa: ik stapte altyd earst nei de dûmny ta om him myn waer sjen to litten. Mar foar myn sneinskoalleboekjes koe ik hast noait by him ret wurde, hwant in dûmny sit net yn 'e lieding fan 'e sneinskoalle, wier. Sa'n
| |
| |
man hat sneins drokte genôch. Yn it gunstichste gefal siet syn frou der mei yn. En in inkelde kear wie it de skoalmaster. Mar faek wie der in soarte fan komité of bistjûr dat oer sokke dingen gie, en dan wie der net ien dy't staf oer nacht oer de ynkeap fan dyn boekjes bislute koe. Der moast altiten earst praet wurde, hwant de oaren moasten der ek yn kend wurde. Ik koe noait spikers mei koppen slaen. Soms liet ik wolris in pear presinteksimplaren efter, mar dat mocht ús eigentlik net barre. Ik joech dan de founslist mar, mar wy krigen komselden in bistelling. Och heden, ik haw ek wol bysteat west om dy kearels mei de koppen tsjininoar oan to slaen, hwant de iene kear wie it argumint: wy hawwe de boekjes al útsocht en bisteld, en dan wie it heal augustus, en in oare kear hiet it: Sinteklaes moast ommers noch al komme, dêr kinne wy nou noch net oer gear. Ik kin my noch lilk meitsje as ik deroan weromtink. En dan swabbere ik mar wer fierder mei de siel ûnder de earm. Dit wie ek in wanhoopsdied fansels, en ik haw my yn dy tiid ek blau sollisitearre. Doe't ik hjirre yn bitrekking kaem, doe wie Van der Baan ek oan reapsein. De lêste sinten binne fuortgien oan 'e bezine fan myn auto. Mar om ta de saek to kommen.’
‘Krekt!’
‘Noch in lytskes, mannen?’
‘Né, ik net mear. Blinder, hwat binne dy froulju let!’
‘Dat wie to forwachtsjen. Soargje nou mar dat dyn forhael út is foar't se thúskomme.’
‘Nou dan. Ik hie in hap iten hawn en ik ried om in ûre of acht earne yn 'e Gelderske Efterhoeke in lyts doarpke yn. De namme docht der nou net ta. Ik skille oan by de pastory en ik waerd troch de baes sels ynlitten. Hy seach der âldsk út, hoewol't er wierskynlik net âlder west hawwe sil as sechstich jier. Ik kaem yn 'e studearkeamer en ik smiet myn boekjes op 'e tafel. Mar fan hannel kaem net folle. Ik krige in stoel en in sigaer en wy rekken oan 'e praet. Ik wit net oft dy dûmny fan aerd sa'n prater wie, of dat er it praet opsparre hie, mar it wie in wetterfal allyk. Hy bigoun nei oanlieding fan myn katechesaesjeboekjes oer alle mooglike dingen dy't er mei fraechlearders bilibbe hie. En doe woe er alles witte oer Rotterdam, mar hy liet my amper útprate en forhelle syn eigen oantinkens oan 'e greate stêd. Hawar, ik siet my oan 'e iene kant to forbiten, om't ik net ta myn doel kaem, en oan 'e oare kant hie ik bigreatsjen mei dy man dy't tarde op syn oantinkens. It wie fansels myn eigen sitewaesje dy't my dat tinke liet. Ik droech myn selsbigreatsjen op him oer, en
| |
| |
ik leau dat dat hiel bilangryk west hat doe, ek yn it fierdere forrin fan it forhael.
Om kertier foar njoggenen hinne brocht mefrou ús thé. Wel, dat moast yn fatsoenlikheit opdronken wurde. En ûndertusken gyng it praet fierder, soms yn wide bôgen om myn negoasje hinne, soms der kantroerend bylâns, dat ik op 'e nij in skoat die. Mar hy woe noait happe. De lege kopkes waerden troch mefrou ophelle en yn ôfwachting fan it twadde kop thé die ik de lêste raem en ik liet my net wer forkatse. Hy kocht ek noch hwat, sels in pear berneboekjes woe er op aventûr wol hawwe! Nou, ik hie dus dochs hwat biskript yn dy oardel ûre. Doe kaem ús twadde kop thé. En jonges, it wit it net mear, mar ik tink dat ik even hwat weislokt haw, hwant it frommis dat troch de doar kaem... Né, net dat âld wiif, in mokkeltsje fan in jier of fiif- seisentweintich. En kreas!
“Myn dochter”, sei de dûmny, en hy koe mei rjocht greatsk wêze. Ik leau net dat ik ea wer sa'n fanke sjoen ha. It wie in perfekte frou. It wie ien om mei op bêd to gean, mar ek ien dêrst mei foar de kreammen lâns koest. In frou foar in yntym feest, mar ek ien om mei to reedriden. In frommis dat yn alle deugden útblonk. Sa like my dat ta tominsten. Mar it sil ek de forrassing west hawwe dy't it him die. Hwa hie yn sa'n efterôfgat en dan noch wol yn 'e pastory sa'n faem forwachte?’
‘Dou hiest it fuort goed to pakken!’
‘Och, dat wit ik net. Mar it skeelt al hwa't jin de thé bringt. Mar it wie al oer healwei tsienen dat ik woe wol fuort. Hy praette der earst oerhinne, mar ik burch myn spullen yn 'e tas en dy wink forstie er dochs wol. “Moatte jo noch in ein ride nei hûs?” frege er. Dat wie frij ûnnoazel, hwant hy wist wol dat ik fan Rotterdam kaem, mar miskien wie him dat al wer forgetten. It wie net in great harker. Ik sei dat ik in hotel sykje soe. Mar och hea, dat wie neat gedaen neffens him. Dat wie in tweintich kilometer om hwat goeds to birikken - ôfstannen woegen nei de omstannichheden licht of swier by him - en dan wie der miskien ek noch gjiniens plak foar my. Ik sei: “As ik jou telefoan even brûke mei, kin ik wol efkes ynformearje hjir en dêr.” Mar hy sei: “Sil ik jo ris hwat sizze? Jo bliuwe hjir to sliepen, dan ha jo nearne drokte mei, en jo wurde tominsten goed forsoarge. Praet my net fan hotels. Dat is neat. Jo bliuwe hjir.” Ik protestearre fansels, it wie sa'n drokte foar syn frou ensafuorthinne. Mar ik sei dochs net planút né, hwant...’
‘Dy dochter lake dy wol oan!’
| |
| |
Né, doe doch net. Dêr sinde ik doe noch net op. Mar it sparre my de hotelkosten út, en myn lean wie net forskriklik great. En wy hienen twa lytse bern.’
‘Hienen jim dy doe al?’
‘Ja. Ik sil achtentweintich west hawwe doe. It is nou fyftjin jier lyn. Ik liet my dus oerhelje. Hy gyng nei syn frou ta om it to bipraten en dy wie like gastfrij, dat it wie samar klear. Hy sei: “Wy geane mar nei de keamer ta. Dat is foar de froulju ek aerdiger.” En sa kaem ik yn 'e húslike rounte. Wier, it wiene hiele golle minsken. Ik krige de bêste stoel en der waerd op 'e lette joun noch kofje set. En dat frommiske siet skean foar my oer mei in moaije slanke hân ûnder it kin. Ik haw tink noch noait sa op 'e tekst west oer alle mooglike ûnderwerpen en dat allinne om dat moaije fanke oan 't glimkjen to krijen. Né, dy dûmny hat it wurd net wer hawn, it wie doe myn bar. En sa njonkenlytsen praette ik allinnich noch tsjin har en sy wie de iennige dy't andere. Dat réalisearre ik my ynienen, wy wienen togearre oan it wurd en de âldelju sieten der hwat by. Fordomd, as siet ik by de faem! Dat woun my op, mar ik makke my tagelyk ûneinich tryst. Ik wit net oft jimme dat ek hawn hawwe, doe't jimme krekt troud wienen en in pear bern op 'e wrâld set hienen: in gefoel fan mearweardichheit tsjinoer ûngetrouden. Men hat frou en bern, men hat hwat om op werom to fallen, en men is opnommen yn it keatling fan 'e geslachten. Men stiet middenyn it libben, en harren giet it libben foarby, se bliuwe oan 'e kant stean. It is ûnsin fansels, hwant it kin likegoed oarsom wêze, mar sa fielde it my oan doe't ik in pear jier troud west hie. Wel, ik kaem ynienen op my del, dy hiele tryste gearsit fan twa âlde ljutsjes mei in blom fan in frommis dat yn dit milieu fortoarkje moast. En it wie oft de omstannichheden my twinge woenen om dat fanke foar ien nacht út it isolemint to forlossen.’
‘Dat hast kreas sein!’
‘Mar it is wier! Dy sfear wie sa twingend. It siet yn 'e loft, der moast hwat barre. En ik leau dat sy dat likegoed fielde as ik. Dy eagen wienen sa great en dreamerich. Ik tocht, hoe't it krekt biteare sil, dat wit ik net, mar ik ûntrin dit net. Dit moat. Hawar, tsjin tolven brieken wy op. De sliepkeamers leinen njonken inoar. Ik hie de neiste, de dochter de middelste en de dûmny en syn frou de fierste. Ik klaeide my út en gyng lizzen. Ik hearde har oan 'e oare kant omavensearjen en dat woun my nochal op. Ik hie miskien tsien minuten lein, doe hearde ik hwat foar myn doar. It ljocht hie 'k
| |
| |
noch op, dat ik wie yn in pear stappen to plak. Ik loek de doar op en dêr stie se foar my, yn babydoll. Ik waerd kjel, mear noch fan dy babydoll as fan har tink, mar sy skrok hielendal net. “Moatte jo noch hwat ha?” frege se. “De w.c.,” sei ik. Dat wie it meast foar de hân lizzende, netwier. Se wiisde my it paed en ik handele ûnder myn saken ôf, en doe bin ik wer op bêd gien. Ik haw goed sliept en de oare moarns haw ik der noch brea-iten en doe bin ik wer ôfset.’
‘Hin?’
‘Ja, sa is it gien.’
‘En hast dy nachts neat úthelle, Atse?’
‘Né, dat sei 'k ommers daelks al: der is neat bard. Der hie hwat barre moatten, mar der is neat bard. Dy froulju binne wol duvelse let.’
‘Ja. Sille wy dan dochs noch mar ien nimme, Kees? Dou, Atse?’
‘Ei ja mar, ju.’
‘Mar ik leau der fansels gjin donder fan dat it forhael dêrmei út is.’
‘Hwat tochstou dan? Dou kinst sizze hwatst wolst, mar dou moatst tajaen, it leit it meast foar de hân dat der neat bard is. Steld dat ik it der al op oanlein hie, dan wie it noch net oan to nimmen dat sy dêr samar op yngien wie. Hwat frommis giet nou mei in pûrfrjemde kearel?’
‘Ja, mar sastou it forteldest, dat dat frommis der suver op siet to wachtsjen.’
‘Ja, jonge, mar dat wie fansels net sa. Dat tocht ik, om't ik mysels sa forlitten fielde. Mar dat fanke die allinne mar aerdich om't se gol en gastfrij wie. Dêr siet fierder neat efter. Ik haw der hwat efter socht, út myn eigen situaesje wei. Ja, ik haw letter ek noch wolris tocht, miskien hat it fanke har wol ophongen om't se dizze lêste kâns ek noch mist hat...’
‘Dat kin 'k my min yntinke, dat in frommis har om dy ophinget!’ Is 't net sa? Ik haw dat doe allegear freeslik dramatysk sjoen, mar dêr wie gjin reden ta. Ik haw mysels hwat wiismakke.’
‘Of dou makkest ús hwat wiis!’
‘Hoe woest sizze?’
‘Dat forhael is net út. Dit is mar in heal forhael. Der sit gjin slot oan.’
‘Né, it is op 'en heechsten in forhael fan in miste kâns. Of miskien siet der hielendal gjin kâns yn, ik tink it net iens. It wie gewoan in moeting, mar in sinleaze moeting. It is in wjerfarren dêr't men fierder neat mei kin. Mar jonges, dêr sit it libben fol mei, mei miste
| |
| |
kânsen en heale forhalen. Yn in boek hat in forhael in slot, mar yn it libben knappe se op healwei ôf en komme net ta in útdragen saek. Ast der werklik by stil stiest, dan bigjinst suver elke dei wol oan in nij forhael. Dou trefst in frjemde kearel yn in hotel of dou praetst even mei in moai frommis... Ast it yn in boek settest, seist: it bigjin fan in aventûr. Mar yn it gewoane libben rinst deroan foarby.’
‘Dat kin allegear wol wêze, mar hwerom fortelst it dan?’
‘Ja, om't dit dochs wier it bigjin fan in romanse like. En om't it by einsluten neat wurden is. En dat muoit my neat moat ik sizze, hwant der hie allinne mar gedonder fan kommen. Hwant froulju nimme soks swier op as men krekt troud is. Wil hat oer my net to kleijen nammers, ik bin strikt monogaem. Mar miskien fortel ik it dêrom, men soe dochs wolris hwat bilibbe ha wolle, is 't net sa?’
‘Atse?’
‘Ja.’
‘Lit ús dat fan dat strikt monogame nou even forjitte en fortel dou dat forhael nou mar út sa't it echt gien is.’
‘Nou, goed dan. Ik sil jim fortelle hoe't it echt bard is. Ik kaem dus út it toilet wei wer boppe. Se stie net mear op 'e gong. Ik harke even oan har doar, mar der wie neat to hearren. Doe stapte ik myn eigen keamer yn en dêr siet se, op 'e rânne fan it bêd. “Brutael, hin?” sei se. Ik wist fordeald net hwat ik sizze of dwaen moast. “Of sliepst dochs leaver allinne?” Ik kin dat noait neidwaen, sa't sy it sei, hwant it hearde út har mûle hielendal net twadderangs, net goedkeap. Se wie yn dy situaesje noch altyd dame. Wel, ik haw mei har praet en frijd en har stikje by bytsje útklaeid. Hwant it wie net ien fan hup-klear. Se makke der hwat fan, en se koe it! Fordomd wier, ik haw it nea wer sa bilibbe. Fansels, it wie ek de tsjoen fan it frjemde, mar dochs, in fanke út tûzen. Doe't ik de moarns wekker waerd, wie ik allinne. Mar wy kamen suver tagelyk op 'e gong, ik tink hast dat se op my wachte hat. Op 'e trep knypte se my yn 'e earm en flústere: “Strak gjin emoasjes, hin?” Ik skodholle. Se seach even om en joech my doe hastich in tút. Oan tafel wie alles gewoan. Wy wienen wer “juffer” en “menear”. Om in ûre of healwei njoggenen bin ik derwei riden. Se stie foar it rút en knypeage. Ik haw har nea wersjoen en nea wer hwat fan har heard.’
‘In moai forhael, Atse. Mar is it wier?’
‘Sa woe Kees it dochs ha?’
‘Och, forhip.’
‘Dou woest dochs ha dat ik by har sliept hie?’
| |
| |
‘Ja, mar net sa, net sastou it fortelst. Men kin hearre datst lychst.’
‘Ja, sa is it. Ik haw neat mei har hawn.’
‘Mar dou lychst it oare ek, it hele forhael!’
‘Hwerom soe ik dat lige? Hwat bilang ha ik derby om to ligen? As it nou in sterk stik wie...’
‘As it wier wie datstou dêr mei dy dûmnysdochter sitten hiest to praten, dat leit der tsjûk op. Mar der is neat foarfallen, dat kin net. Sastou it fortelste, dat sûchst út dyn tûme. Nou, dan is it earste stik ek net wier, dou hast dat fanke noait sjoen. Miskien hast wolris by in dûmny sliept, mar dy dochter hast derby fantasearre.’
‘Dou bist wol forhipte rjochtlinich joun! Sjoerd, siz dou der ris hwat fan.’
‘It is fansels net mear as dat wy even skilje en it dy dochter sels freegje.’
‘Dy wennet dêr fansels allang net mear. Dy man is grif al tsien jier mei pinsioen. En boppedat, it is midden yn 'e nacht. Fordeald, it is by ienen! Silstou net ris skilje hwer't dy froulju bliuwe?’
Witstou syn namme noch?’
‘Né.’
‘De namme fan it doarp?’
‘Ja, dy soe ik wol fine kinne as ik in goeije kaert hie. Mar gjin gedonder, jonges. Wy litte it sa.’
‘It forhael is der net op birekkene om neigien to wurden, Sjoerd. Lit it nou mar sa.’
‘As ik in sterk stik forteld hie, hienen jim it leaud.’
‘Ja, mar dit is al to sterk: in forhael dat op neat útrint!’
‘Stil ris! Dêr binne se!’
‘It waerd tiid. Nou Sjoerd, bitanke foar de gastfrijheit, sil ik mar sizze...’
‘Net sa hastich, ju, se binne dochs noch net útpraet.’
‘Aha, dêr sitte de hearen. Falle de eachjes hast ta, hoe liket it?’
‘Jim hawwe hwat mist, famkes! Atse hat op 'e tekst west oer syn frijerij mei in dûmnysdochter!’
‘Dou, Atse?’
‘Fyftjin jier lyn, en oan frijerij is 't net iens takommen.’
‘Ah, jim ha tofolle hawn.’
‘Sille wy mar? Oant sjen, hin!’
‘Hwerom bin jim sa let, Wil?’
‘Nou, hwat tochst? Net foar de aerdichheit, hear! En hwat foar healwiis forhael hastou dêr ophongen?’
| |
| |
‘Och, neat ju. Ik haw ris in kear in aerdich fanke troffen doe't ik noch by Van der Baan werkte.’
‘Wienen wy doe al troud?’
‘Ja, in pear jier. Ik sutele doe mei boekjes, witst noch wol? Doe haw ik in nacht by in dûmny sliept. Dy hie in aerdige dochter, dêr't ik in skoft mei praet ha. Mear net.’
‘Mear net?’
‘Né.’
‘En hwerom hie Kees dan sa'n wille?’
‘Och, Kees woe net leauwe dat der neat foarfallen wie, en hy leaude ek net dat der al hwat foarfallen wie.’
‘Hwat foarfallen wie?’
Dat ik mei har op bêd west hie.’
‘Hastou dat forteld? Atse!’
‘Né, dat makke hy derfan.’
‘Jassus! Sitte jim inoar ûnder drank smoarge forhalen to fortellen!’
‘Kom nou, Wil! It wie hielendal net in smoarch forhael. Ik haw gewoan in aerdich fanke troffen, mear net.’
‘Hwerom fortelst it dan?’
‘Hwerom? Ja, God,...’
Hâld mar op! Sitst dy lekker to meitsjen op alle froulju, mar hast noch noait in hân nei ien útstekke doarst!’
‘Nou, ast dêr dan sa wis fan bist, hwer makkest dy dan lilk om?’
‘Och Atse, dou moatst ophâlde mei dy healwize forhalen. Hwat hat dat foar sin!’
‘It hie ek hielendal gjin sin! Dêrom krekt.’
Maeije 1968.
|
|