- Komst nou..., ûngelok?,... en gau hwat.
Richard skrille op út syn prakkesaesjes. Dwers troch de lege keamers hinne seach er foar hûs de man stean to roppen en to swaeijen dat er avensearje moast.
De doaze, hy moast de doaze noch ha.
Hastich pakte er it ding fan de groun op en klampte it ûnder de earm yn syn side. Doe draefde er om it hûs hinne nei de strjitte.
Stil siet er yn it hoekje fan de kabine, njonken de twa mannen dy't de hiele dei dwaende west hiene mei it ynladen fan it húsrie.
De motor raesde en knarste. By elke forsnelling fielde Richard de skok yn syn yngewant en tocht er dat er spuije moast.
Se rieden de strjitte út, it stedtsje troch. Yn it sydrút seach er it oan him foarby gean, en hy bigriep net, hoe't er eartiids greatsk oan syn maten forteld hie dat hja forhúzje soene.
- Nei Farnekum, haha, nei it gesticht, jonges, nei de gekken.
Hy seach se wer stean, yn keppeltsjes op it skoalplein, of op it fuotbalfjild, mûskopjend en yn syn rjochting gnizend, doe't se fan thús ienkear fan it gesticht en de gekken ôfwisten.
Hwannear giest nei it gesticht, Richard? Witte jim it al, Richard giet nei Farnekum.
Gjinien dy't him sjen liet, nou't er fuortried mei de forhúswein.
Soms seach er noch in âlderen-ien yn 'e doar, dy't er wol koe of dêr't er de skelnamme fan wist.
Yn syn hoeke doek er wei, dat se him net sjen soene.
Fan alles wist er de namme, mar it wie as stie er bûten de geheimen dy't er dêr earder fan kend hie; it hûs fan Sietse Singer, de naeimasineman, de Pilekaen, dêr't dronkene Wiggel wenne, it túnhúske, dêrre, fan Hazevoet, en it hôf dêr't er wol mei Georg fan de dokter boarte hie.
Doe't de rige huzen ôfbriek en se de joun ynrieden dy't lange, wylde skaden oer it lân wurp, wist Richard net oft er bliid of tryst wêze moast. Noch djipper kroep er wei yn 'e learene kêssens fan de bank. Se soene him net mear narje kinne, it wie langer dien mei it ivige freegjen hwannear't er nou einlings fuort soe.
Hwat foel it ljocht akelich oer it lân. Yn 'e fierte tekenen de tuorren en doarpen har swart en skerp ôf tsjin de reade himel. In kâlde wyn striek it gers, safier't er sjen koe, plat tsjin de groun, en kleurde it donker as hie it fjûr, dat aloan mear yn 'e fierte weiwaerd, it foargoed forskroeid.
Hy helle de margerinedoaze, dy't er op 'e knibbels hold, noch hwat