Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 164] [p. 164] Tjitte Piebenga / Myn seftgrien famke *** myn sêftgrien famke fan de slimme sommen hwer is hja hjoed myn famke fan sêftgrien hja sit net yn de potplant foar de ruten miskien is hja wol nei de wite mûs of nei loailekkerlân. *** myn sêftgrien famke fan de glêdde dounsflier har gysten hier is de muzyk soms dounset hja de hiele nacht dan sliept hja deis wer yn myn hannen of yn it pinnedoaske op 't buro en as se wekker wurdt dan giet se altyd fuort noait bliuwt myn sêftgrien famke har kommen is it ôfskie ek allinne glimket hja ik sjoch har skouders wer *** myn sêftgrien famke sit wer op de ballústrade it ljocht swimt breedút mei de flinterslach aenst rint hja oer de booch fan reinen en wiuwt goendei dan giet hja dêr't de fûgel fljocht mei oerliz nei de gouden poarte dêr't wytwjok al fordronk kroep hja mar yn myn festsjebûske hwant altyd is hja wer fortriet mar oeral sjongt se helderop en lit de bledtsjes driuwe [pagina 165] [p. 165] dan is hja wer foarby myn sêftgrien famke gjin inkeld lûd past mear by har en op 'e sechsde dei is hja to wurch dan bart it wûnder net *** myn sêftgrien famke fan de lette ûren har fingers spinne smelle tinzen en bolsters falle stadich ôf dit is it brún fan de kastanjes miskien de sechsde dei hja lêst de fruchten fan de hjerst de earten springe knappend út de húl sa sit hja soarchsum op in ikel en wiist de fruchten oan mei wite seilen driuwt de hjerst foarby hja sjongt de dingen dy't oergean en as hja aenst it lekken spriedt oer it paed mei de wite hânwizers falle wankelmoedich blêdden ôf en sykje bern de fruchten *** myn sêftgrien famke fan de skrale dagen hjoed skout se alles fêst toplak dan lekt op tulpenburch it dak net mear de nijstêd hâldt it stjonken yn alles wurdt in stoer goedkeaper de prinsetún heint noait wer hjerst sa bliuwt it altyd let-augustus noait hear it is wer tiid myn sêftgrien famke makket risselwaesjes har fingers spinne aenst it flues Vorige Volgende