[Nummer 5]
Yn memoriam Jan Hanlo
Guon lju ha in rychje persoanen dy't se graech ris moetsje soene. Faek binne dat very important persons op it mêd fan polityk, wittenskip of kunst. Myn listje komme allinne mar kunstners op foar. Miskien net iens very important ones.
Ien fan harren ha ik okkerdeis skrasse kinnen.
Jan Hanlo is yn in swiere tongerbui mei syn motor tsjin in trekker botst. Moandei 16 juny is er stoarn.
Ik ha altiten tocht: hwat docht Jan Hanlo nou mei in motor? Hy like my de man der net ta. Ik hie him op in fyts ha wollen, om my op in reesfyts. Mar goed, syn 1000 cc kopkleppemotor ‘Vincent’ wie er wiis mei. En hwerom ek net? Hy wie technysk oanlein.
‘In een gewoon rijtuig’, syn sammele proaza, forskynde yn 1966 by Van Oorschot. Ik kocht it boek op in resinsje fan Wadman yn de Ljouwerter. In hearlik ûntspannen boek. Sûnder de moedwillige pretinsjeleazens fan soartgelikense ûtjeften hjoed-de-dei.
Letter lies ik syn sammele gedichten, al yn 1958 bondele. Foar my wiene se lytse oases: koel, rêstich, suver en fol sêfte muzyk. Ik foun deselde waerden der yn dy't hy yn de skilderijen fan de troch him biwûndere Vondemberge-Gildewart seach.
Net allinne omdat ik fan syn wurk hâld, rekket syn stjerren my. Hy hat my wer oan it dichtsjen set.
De politisi - en hwerom soene dy foar ien kear net gelyk ha -, de politisi meitsje altiten in subtyl forskil tusken oarsaek en oanlieding. Oarsaek is dan de djippere reden fan in barren, oanlieding it oerflakkige setsje dat it spul oan 'e gong bringt.
De oarsaek fan myn dichtsjen wol ik nou net op yngean. Mar de oanlieding ta it skriuwen fan myn ferskes yn 1967 wie it lêzen fan Jan Hanlo syn wurk. Syn lichte toan joech my krekt dat stompke dat ik nedich wie. En doe 't ik fornaem dat hy earst op in âldens fan 32 jier mei dichtsjen bigoun, tocht ik: it kin noch.
De Ingelske dichter Edward Lear wie syn favoryt. Ek in muzikael man dy't fan bisten en bern hold.
Jan Hanlo skreau yn 1952 dat er fan Edward Lear it boek út de Penguin searje hie. Dat ha ik sjoen en lêzen. Yn 1968 brocht ik út Ingelân it folsleine wurk fan de ûnsindichter mei: The Complete Nonsense of Edward Lear. In prachtich boek mei in nijsgjirrige ynlieding en in stikmannich net earder publisearre fersen en tekeningen. De earste printinge datearre fan 1947. Ik ûnderstelde dus, Jan Hanlo kende dizze útjefte net.
Ik wie fan doel him dit boek to stjûren. Mar ik tocht, is it net hwat nuver, hwat optwingerich fan in frjemd? Jan Hanlo is gjin man foar fan-mail. En it boek stiet noch by my op 'e planke.
It hoecht net mear. Ik sil him noait moetsje. Us kontakt bliuwt foar altiten ienrjochtingsforkear.
Gelokkich kin ik him noch lêze. As ik nei in ûnbiwenne eilân forband wurde soe en ik mocht tsien Nederlânske boeken meinimme, Jan Hanlo syn beide sammelbondels wiene der grif by.
Fordomme, hwerom ha ik him Edward Lear net tastjûrd?
R.R. van der Leest.