Trioel
Mingeldeuntsjes
Op reis mei trije, yn leare en leauwe goed ûnderleine en troch de moster fitere, bouboeren nei Amsterdam, kamen wy op de Ofslútdyk to praten oer it forskil tusken Herfoarme en Grifformeard. En fan it iene komt it oare dat yn de Wieringermar hiene wy it oer X, een sprong in het duister, it radioprogramma fan Henk van Stipriaan, George Tor en Joop de Roo. Bouboeren binne útsoarte fan oar geloof as ik; doch fornuvere it my dat dizze boeren sa let - jouns kertier foar tolven - noch by de wurken wiene. Mar bouboeren hoege moarns net to melken en dat forklearret hielhwat.
Dizze wike biharke ik it programma (19 maert) en nêst in mannich oare saken waerd oankundige: H.J. Hofland, haedredakteur fan Het Algemeen Handelsblad wurdt skeard troch in twatal dames. It die bliken dat de man in yntervjoe hawn hie mei in fromminske foar De Journalist (ik sitearje út de holle) en dat er yn dat yntervjoe him nochal leechlizzend oer froulike journalisten útlitten hie: se wurken net krekt, makken knip- en breipatroanreportaezjes en rotsoaiden om mei manlike kollega's.
It lit him tinke dat de froulike meiwurkers dy't yn X Hofland hjiroer ûnderstiene, dizze wurden net smakken en de man geweken namen. It roun sneu ôf: Hofland koe syn útspraken net wier meitsje, hy moast in pear foroarje om se oannimlik to meitsjen en de slimste heugde him helendal net mear.
It moat him neijown wurde dat er yn gjinien gefal ûntkende dat er sein hie hwat it fromminske yn De Journalist delskreau.
Dit biwiist werris dat lju fan hege kwaliteiten har yn in yntervjoe dingen ûntfalle litte der't se letter mei yn de mage sitte. (dit biwiist wer dat ek in man as Schurer him yn in yntervjoe dingen ûntfalle litte kin dy't er letter oars sjocht of ûntkent (sj. Tr. R. yn De Tsjerne 11/12 des. '68)).
Yn De Stim fan Fryslân - ek Trotwaer neffens nûmer 2 (s. 72) in net ûnbikend periodyk - skriuwt V(an) d(er) W(eg) op side 5 in artikel ûnder de kop ein Reich, ein Kultur, ein Klompé. Hwa't V.d.W. kent wit dat it in froed en freedsum man is dy't gjin mâlle dingen skriuwt. Hy sil dus hielendal net oan it oarlochsforline fan minister Klompé komme en mei dizze kop suggerearje dat hja ea deutschfreundlich wie. (dit biwiist wer dat sa'n oantsjutting brûkt wurdt foar in bipaelde hâlding tsjinoer de eigen rounte, de lju dy't dêr bûten steane, - in hâlding nammentlik fan blynstoarjen op it eigene en negaesje fan alles hwat dêrbûten leit(sj. De Tsjerne 11/12 s. 444).
It achterhâlden fan kopij moat de rjochter letter marris oer oardiele.
It literair klimaet yn en om De Tsjerne oer tweintich jier soe de redaksje ris in apart nûmer oer opsette kinne (mar dan wol de bilanghawwenden bûten de meiwurkers hâlde: men moat kweadoggers net harsels biöardielje litte. Net kin tagelyk Atlas de ierde drage en de ierde Atlas).
De sin en ûnsin fan it manifest fan Schurer yn it earste Tsjernenûmer - oer hwat dêr neamd wurdt de forbining dy't der by âlds bistien hawwe soe tusken ‘literatuer’ en ‘biweging’ - moat foar 1975 oantoand wurde. Dêrnei is it de muoite net mear.
Nergens yn de wrâld wurdt sa faek praet fan ‘literatuer’ as ûnder de Fryske skriuwers: Hwat lytser de rounte hwat greater de geasten. Noch even, en wy ha hjir allinnich genyën. Of wy moatte op tiid wizer wurde.
Ik moat koart krieme: de bining is forbrutsen, de solidariteit is fuort, Kunst wie kitsch út ljochtieuwen her fan kunde, freonen, famylje. Mar it daget wer.