Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 147] [p. 147] Steven de Jong / Genesis safolle troch tichte ruten sige lûden fan 'e strjitte tûzenen sykhelje yn in net to biskriuwen monotony as wjerkôgjende dieren weidzje har gedachten yn 'e skepping om ûntofreden frouweliven dreame fan in hegere status profeten sûpe al protestearjend de bast fol jenever en rinne mei glêzige eagen troch de strjitten mar jan hat hjoed foar 't earst forkearing mei nynke har lok is ek net to biskriuwen why not idealisten wurde as schizofrenen neffens it boekje therapeutysk bihandele ûnderwilens wurdt in vietkongsoldaet mei gleone priemmen biwurke op dat stuit docht de evolúsje IN GREATE SPRONG FOARUT de gemiddelde nederlanner ploft fan fetsucht út mekoar de widdouwen geane yn bikini op bigraffenis se plege iepenbier wanhopich ûntucht mei de deagravers sjòdêr de nije bondel fan steven de jong wurdt in bestseller men mei wer gûle en ûngelokkich wêze it libben is in stadige dea dêrom jan en nynke rane gear yn 'e sawnde himel mar gelokkich net foar ivich [pagina 148] [p. 148] Ballade nei it safolste mislearre libben bloes ik kocheljend en rocheljend de lêste sike út en spielde oan op it strân fan elysium in kuoltsje aeide my oer de neakene lea gjin nikotinefingers mear gjin fetsucht gjin krupsjes mei hert en lever in soun en krêftich jongfeint mar wanhopich allinne en gûlend lei ik op 'e knibbels yn it sân de holle yn 'e hannen doe fielde ik in hân op myn hier sêfter as in mennehân en ik hearde - leafste nacht en dei haw ik foar dy bidden en ik seach en ik oanskôge DE FROU fan hwa't de namme my to leaf is om út to sprekken mar dy't ik altyd by my wist har skientme wie net to biskriuwen (dat sil ik dan ek net dwaen) lykwols ynienen fol walge kearde hja har ou ik hie myn toskepoetsersguod forgetten nea haw ik har wer sjoen [pagina 149] [p. 149] sûnt bid ik hear jow my toskepoetsersguod forjow my myn sûnden en jow my toskepoetsersguod as jou keninkryk komt jow my dan toskepoetsersguod oars sille alle minsken lokkich wêze útsein ik hwant ik haw gjin toskepoetsersguod alle minsken sille jo loovje o hear hja sjonge loovje de hear ikke net hwant ik haw gjin toskepoetsersguod [pagina 150] [p. 150] Blêdfolling Vorige Volgende