fansels in greatmins noait foar, dy sieten hjir foar sprekûre al op 'e stoepe. Doe't de bel gyng stie se ek al en roun de doar út. Twa noch foar him. It mokkeltsje lies troch. Se hie net opsjoen. Se wie grif aenst noch net oan bar. It âldwiif soe wol foar har wêze.
De kearel stie min of mear oer har hinne bûgd en steunde mei de hân tsjin it kezyn. As syn gulp iepen stie soe er har yn 'e mûle falle. It stie him tsjin. It wie ûnsmaeklik by sokke âlde runen. Unsmaeklik mei sa'n fize âldmanne gulp.
‘Ik soe wol sizze dat se him derút ha. Ja.’ Hy kaem by it rút wei en gyng sitten.
Hy sloech even yn 'e brieverubryk om en smiet it blêd wer op 'e tafel. Hy gappe, en slokte in flokwurd yn om 't de kies yienen fel stiek. Twa noch. As dy kearel mar hwat avensearre.
Der kamen wer guodden de wachtkeamer yn, in frou mei in jonkje. Se gyngen lofts fan him sitten.
‘Dy wite man wie in dokter, en mem?
‘Ja, sei de frou. ‘Mar nou moatst stil wêze.’
It jonkje eamele troch, nou tsjin de kearel: ‘Der foel in jonkje yn it wetter en dy is fordronken.’
‘O ja?’ sei de kearel, delbûgend freonlik.
‘Wy ha der even nei stien to sjen.’ sei de frou.
‘Wy ek,’ sei de âldkearel.
Hy moast ‘ik’ sizze, dy kloat.
‘Hy wie kletswiet,’ sei it jonkje, mar de âldkearel hie syn tydskrift al wer opnommen. Doe soe er dwarsoer nei it mokkeltsje, mar syn mem plakte him neist har op 'e bank.
De bel gyng. It âldwiif dat foar it rút siet gyng fuort.
‘Dat 's wer ien.’ sei dy âldehoer.
De pine waerd slimmer, hoewol't it oars meastal saksearret as der help op komst is. It mokkeltsje seach op har klokje. It moast al forhipte let wêze, mar hy wie to biroerd om op it horloazje to sjen. It jonkje liet him by de bank delglide, stapte nei it taffeltsje en kearde him heal om.
‘Hy blaesde bûltsjes!’
Hy seach it bern oan sa mâl as er koe. It kroep wer by de frou op 'e bank.
Dêr sil je mar oan fêstsitte, sa'n wiif en sa'n eamelkont derby. Hy forskikte en krimmenearre. As dy dokter mar net to lang mei dy moaije tût fan dy mokkel ommaneuvele. Hy wie oan in spuitsje ta. ‘Komt er nou yn in kistke, mem?’ flústere it mormel.