Tr. Riemersma / De frou oan it rut
stie al ûren men wit it net tusken de spannings net presys yn it sintrum fan 'e bisleine rjochthoeke it gesicht in goede komposysje alsa modern? modern miskien men wit it net it liket my ta fan net bisleine ruten mei inkelde wetterkanaeltsjes hawwe net safolle mei modernens út to stean it is sa âld as der ruten binne as der froulju binne dy't efter bisleine glêzen stean to sjen nei hwa? steane to dreamen fan hwat? wy dy't it skilderij ynterpretearje slane der ek mar in slach nei wy kinne bisykje ús it platte flak fan it skilderij foar to stellen as dielútmeitsjend fan in greater gehiel it hûs de keamer de strjitte wy sjogge troch in gat yn ús fûst nei de kop fan 'e frou en nou falt it ús makliker de omjowing út ús fantasy wei oan to foljen as hwannear't wy de grize akwarel tsjin ús blomkebihang of de striebetonnen wand fan 'e eksposysjeseal hingjen sjogge - hwat sjogge wy of leaver kinne wy fantasearjenderwize sjen? de ruostige stienen fan 'e gevel dy't ienris read west hawwe smoarchwite kezinen de izeren ruosters boppe it trotwaer - it is dus gjin winter - in platte stoepe en ek wylst wy weromkeare nei de kop in skjinfage plak yn in oar bislein fjouwerkant mar dizich sjogge wy de foarwerpen yn 'e keamer in stik fan 'e lampe in kast tsjin 'e eftermuorre mear net gjin tafel gjin stuollen it gat sit op eachhichte de kast moat dêrom heech wêze gjin gewoan dreswaer mar in antikwarys kocht meubelstik of hwa wit oerurven fan âlder op âlder en út piëteit nea oan branhout slein mar miskien lit ús dy mooglikheit net daliks forsmite stamt it skilderij út in tiid dat dy hege kasten noch folop moade wienen dat trotwaer fantasearje wy dan hwat oars foar yn 't plak giele stientsjes bygelyks wy sjogge dus gjin stuollen dêr't minsken freonen sibben op sitte en gjin flier dêr't bern op boartsje en lit ús oannimme
dat dat gjin tafallichheit is dat wy dy net sjogge mar dat se der ek yndied net binne de frou is dus allinne yn it hûs yn 'e hûs lit ús dat mar sizze hwant it sil har eigen wêze se is iensum