L.C. 13-2-'69
Earste nûmer ‘Trotwaer’ moat oerprinte wurde
De hiele oplage (ûngefear 550 eksimplaren) fan ‘Trotwaer’, de fuortsetting fan it literaire tydskrift ‘De Tsjerne’, sil op 'e nij printe wurde moatte. Doe 't redakteur Leo Popma dizze wike in eksimplaer ynseach, bliek dat men by de printer, N. Miedema en Co to Ljouwert, alle kopij efter elkoar oan set hie, sûnder foldwaende romte to litten tusken de opienfolgjende proazastikken, biskôgings en poëzij.
De hear Popma koe him net mei dizze wize fan opmaek forienigje. Mei de printer is nou oerienkommen dat de hiele oplage dizze wike op 'e nij printe wurde sil. Oan de ein fan de wike, is it doel, sil it jannewarisnûmer útkomme. De útjower sil de lêzers op in ynlizfel ûntskuldigingen oanbiede, wylst oankundige wurdt dat it febrewarisnûmer dizze moanne ek noch forskine sil.
De redaksje fan ‘trotwaer’ hat yn syn gehiel krityk levere op de opmaek fan it earste nûmer, sa't dat to kommen stie.
N. Miedema & Co., sels der ek net tofreden oer, hawwe op eigen inisiatyf bisletten ta oerprintsjen.
Soks liicht der net om! Dus lige wy der net om.