Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 15] [p. 15] Geart van der Zwaag / Gedichten der moatte fleanfjilden wêze fan frede startbanen fan gerjochtichheit der moatte fleanfjilden wêze to lânjen hangars om to biskermjen der moatte fleantugen wêze mei in bliid boadskip op feilige route groetnis ik leau yn dyn oprjochtens kin wy ris prate ik hâld fan dy kin wy ris prate ik leau yn dyn oprjochtens groetnis bliuw mei beide fuotten op'e groun sei it spoek en it skoattele de hangars ei nou in inkeld museum kin gjin kwea der moatte fleanfjilden wêze fan frede startbanen fan gerjochtichheit der moatte fleanfjilden wêze to lânjen hangars om to biskermjen der moatte fleantugen wêze mei in bliid boadskip op min ofte mear feilige route [pagina 16] [p. 16] der bin twa goalen yn'e steateseal ien mei muorke fan beks antysypaesje op belsliden it spul is yn himsels fordield de goal symboal: hurdsté mei in út fjûr en sinterklaes dea dêrom mei elk wol opsette en it deuntsje sjonge soe it hast snije op'e twibaksmerk bin der noch hynders to bisetten dogge de bellen it wol in âlde spreuk is in steun yn'e rêch: ik jow gjin krimp de foarteam is yn'e wapens en de kriichsrop net fan'e loft: thoe thoe [pagina 17] [p. 17] Uppsala it hountsje fan hjirnêst wol ek hyltiten mar ús âld teefke is der oerhinne ik forstean har hâlding sa: gean dou mar op twa poaten jonkje ik lit my net forneuke eukûmene ekonomy eukûmene eukûmene eukûmene ekonomy eukûmene eukûmene eukûmene ekonomy ekonomy ekonomy eukûmene ekonomy Vorige Volgende