| |
| |
| |
Leo Popma / Kommuny ûnder 2 gedaenten
Meindert Bylsma e.o. Broadtsje Healom
Pier van Dijk e.a. Broodje halfom
Haaksbergen, Van Barneveld, 1968.
De waerme bakker is in útstjerrend laech yn dizze maetskippij fan fuzy's, koöperaesje en sintralisaesje. Hy is in idealist tsjin better witten yn. In fakman dy't waer fan kwaliteit leveret, en leverje moat, wol er rjocht fan bistean ha. It feit dat guon har gelokkich priizgje, en net neilitte har foarrjocht oan oaren troch to dwaen, dy't dizze ienling achter syn bakkersoven foun ha, docht neat ôf oan de realiteit, dat dizze sûnderling de kop ier of let ris bûge moatte sil. Hy bistiet by de graesje fan de lytse aksjeradius, dy't him yn steat stelt syn produkt op kwaliteit to hâlden. It is wrotten, nei de definitive ûndergong ta. It alternatyf is, him to kompromitearjen mei de koöperaesje, ‘dy't safolle hier/tou yn jou brea docht’. It binne de réaksjes fan de inkelingen út dy wrâld fan massakommuny en massaprodukt dy't him sterkje yn syn idéael: in goed stik fakwurk. Mar dyselde inkelingen sil it mar oerkomme dat de loop nei syn winkeltsje har to fier wurdt, en de waerme bakker is wer in pear fan syn klanten kwyt. En noch even, dan frette ek dy lêsten de stopferve van Fonksbakkerijen of Koöperaesje dit of dat.
En hwat wol men, dy bringe har waer mei de bistelwein oan 'e doar. De ekonomy fan in brea-yndustry makket dat mooglik. En men sil se to iten jaen moatte, it tal fan âlde idéalisten dy't hjoeddedei ûnder oarmans namme de flat yn- en útklimme. Lês foar bakker dichter, dan jildt itselde.
Men kin twivelje oan de ôfkomst fan de waerme dichters dy't Broadtsje healom/Broodje halfom útsutelen. Der bin tofolle oanwizings dy't mear mien hawwe mei de bôllefabriken as mei de idioate nedrichheit fan de waerme bakker. De ko-produksje wiist dêr op, lykas it aerd fan de waer, dy't yn greate rounte foar konsumpsje geskikt wêze moat.
Nou leau ik wol, dat der op 'en dûr in forskouwing pleats hawwe sil yn 'e bitsjutting fan it wurd, en dat ‘waerm’ datjinge wurdt, hwat
| |
| |
gleonhyt optsjinne wurdt en gjin kâns krige hat om to kristallisearjen. Dan bin wy by in oar útgongspunt. Ek yn de poëzy sil langer jilde hwat dampend oanbean wurdt, hwat forsjocht yn de aktuele bihoefte en yn prinsipe mear ek net wol. Bliuwt wol de fraech, yn hwat foarm tonei dizze kommuny pleats hawwe moat. It boek(je) sil it net mear dwaen kinne. De telefoan wie in unyke fynst. Mar elk wit hoefolle tûzenen oanfragen op oansluting op dit net alle jierren lizzen bliuwe, om begripe to kinnen dat de demokratisearring net ta in elite fan telefoanbisitters biheind bliuwe mei.
Yn pleats fan in masturbistyske aktiviteit yn de stilte fan de binnenkeamer, sil de poëzy in massale kohabitaesje op merken en pleinen wurde, dêr't elk by wolkom is net allinne, mar ek oan meidwaen moatte sil, wol er net as asosiael troch de sedeplysje út it maetskiplik patroan forwidere wurde. De yndividuele réaksje op de bûtenwrâld hat it meikoarten forlern.
Akkoard. Mar dizze popularisearring fan in medium sil gâns hegere easken stelle oan de produsinten fan de hite poëzy as oant nou wolris oan foldien wurdt. In adekwate reaksje op hwat ‘op dit stuit’ geande is, en in dito oerdracht op de konsumint, dêr't elk kréatuer fan minsklik komôf potinsieel langer, mar obligaet op 'en dûr, ta biheart, freget fan de dichter fan de takomst in yngeande kennis fan it probleem - men mei ek op dit mêd in fiergeande spesialisaesje forwachtsje - dat er yn perspektyf oan syn publyk foarhâlde sil. Dat kweekt yn de bêste gefallen in nij soarte fan profeten, dy't har net permitearje kinne frijbliuwend de wrâld to bistoken en de nije oarder to preekjen. In generaesje fan dichters dêr't it poëtyske wurd gjin boartersguod foar wêze sil, mar in stik ark dat opnij in eigen - biheinde - bitsjutting krige hat. De by einbislút lakonike toan fan de (tsjintwurdige) oergongsperioade sil plak meitsje moatte foar bittere earnst. Ek yn it ludike. It spul sil serieus spile wurde moatte, wol it it libben hâlde.
Foar safier't de tael nou noch as barrière jildt, sil dêr wol hwat oan dien wurde moatte. Frij wierskynlik, dat dat probleem himsels oplost. Ek op dit punt ha de dichters fan Broadtsje healom/Broodje halfom de saek goed oanfield. In earst bisykjen - sij it úteraerd breklik, mar fuortkommend út de noch jildende omstannichheden - om ta in mienskiplik kommunikaesjemiddel to kommen, oer de taelbarrière en it dêrmei gearhingjende biheinde eachweid hinne.
As Prof. Pen it hat oer in avantgarde dy't yn Fryslân ûntbrekt, mei útsûndering fan de dichters, wol men dat ek it leafst yn dy rjochting
| |
| |
mar ynterpretearje. Wy soene ús aerdich by de pik nimme litte as wy dêr yn leauden op it ynhâldlike flak fan de poëzy hjirre. Hwat dat oanbilanget rinne wy noch like hurd achter de fanfare oan as dat de jierren troch it gefal west hat. Mar grif doelt Pen op in biskate tendins yn de presintaesje fan hwat der poëtysk produsearre wurdt. De massale dichtersfestivals dy't in earste stap op dizze wei wiene, binne gjin fynst mei frysk oktroai. Mar Operaesje Fers - de poëzy-telefoan - wie dat al. Dêrmei wie fan in medium gebrûk makke, dat de poëzy dúdlik werom brocht nei it sprutsen wurd, letterlik foaral, mar dêrmei needsaeklik ek qua foarm en tael. In foarm fan oerdracht dy't it yn de breedte socht, omt dy it meast yn oerienstimming wie mei it karakter fan de to bringen poëzy. In stribjen nei in mienskipsbisit, faeks net aktyf, mar yn alle gefallen passyf, potinsieel dan noch, mar suver as in konfrontaesje mei in skielk as obligatoir to biskôgjen medium: poëzy.
Broadtsje healom/Broodje halfom jowt mear oanlieding ta in skôging oer hwat der yn de tsjintwurdige poëtyske literatuer to rêdden is, as dat it oandacht foar de fersen yn kwesty freget. It fenomeen is sa nijsgjirrich wol as de ynhâld fan dizze bondel. Dêr is by foarrie noch neat mei sein yn it neidiel fan dy fersen. Mar it hat der de skyn fan, as wolle de dichters de poëzy foar harsels sprekke litte. De funksje fan it medium hat de klam krige, boppe de ynhâld fan dat medium. En dêrmei is in fingerwizing jown nei de - neffens har - needsaeklike ûntjowing fan de poëzy en har taek yn it maetskiplik libben, dêr't ik it earder al oer hie. De wize fan yntrodusearjen fan de bondel hat dat ek oantoand. It giet om in konsumpsjeartikel en de brukberens dêrfan foar de yndividuele konsumint. Hwat jin net noasket, keapet men net, brûkt men net, lêst men ek net. Dat hâldt gjin oardiel yn oer de wearde of de kwaliteit fan it produkt. It past ienfâldichwei net by in biskate ynteresse of hat gjin nuttich effekt foar dizze bipaelde persoan. As Bylsma it b.g. hat oer it parkearprobleem/de motorisearre/mechanisearre libbenswize fan de mins (yn ‘Parkeare’), is dêrmei in aktueel maetskiplik probleem oan de oarder steld. Mar hoe'n sosiael wêzen men ek is, direkt hoecht dizze kanker jin net yn it fleis to brânnen, omt men tafallich gjin wenning hat en dêrmei fan in oar maetskiplik virus oantaest is. Dêr is in oare dichter faeks goed foar. Bylsma hat my dan neat to sizzen foar it earst, mar wol syn kollega dy't wenningneed ‘biwurket’. By in fierdergeande uniformearring sil dizze sosiale differensiaesje wol lykstrutsen wurde en wurdt it wurd fan elke dichter foar
| |
| |
elk eksimplaer fan de massa like wichtich. Boppedat sil dan de tsjinnende taek fan de dichter mear realiteit wurde. De ôfbraek fan party moarmeren fuotstikken leveret tsjintwurdich pún genôch om nije sokkels fan to bouwen. Yn de nije oarder sil de dichter dan einliks net mear in útforkarde wêze. D.w.s. hy is it dan mear as ea, mar hy sil him der net op foarstean litte. Hy bliuwt de anonymus dy't hite poëzy leveret oan de massa, omt dat syn spesialisme is. Poëzy is dan in artikel dat wegere of akseptearre wurdt om syn brûkberens.
Broadtsje healom/Broodje halfom is in produkt fan trije hollânsk- en trije frysk-talige dichters, dy't elkoar al earder founen yn Operaesje Fers. De omskriuwing ‘dichter’ is faeks net de gelokkichste. De ienkennichheit fan eardere generaesjes ‘literatoren’ is dizze mannen frjemd. Neist in dichterlike aktiviteit hawwe se allegearre oare kreative beuzichheit. Mear as minder dúdlik wolwier en as sadanich ek frijhwat ûnkontrolearber, mar se ponearje harsels yn alle gefallen as breder oriëntearre sosiale wêzens as dichterlik allinne. Se kommunisearje op 'en minst ûnder twa gedaenten. En ek de bondel sa't dy dêrhinne leit aksintuearret dit prinsipe: kommuny, o.k., mar net fan brea alline libbet de minske.
De nederlandstalige dichters zijn Pier van Dijk, Remco Heite en R.R. van der Leest. Van Dijk publiceerde al eerder in hollandse literaire tijdschriften, terwijl van de Leest te onzent voldoende bekend is door zijn gedichten in friese tijdschriften en zijn literaire folders. De derde, Heite, debuteert, volgens de personalia, in deze bundel. Ik moet er trouwens direkt bij zeggen, dat zijn verzen me, niettegenstaande dat debuut, de indringendste en waardevolste van de hele bundel lijken te zijn.
Men krijgt de indruk dat hij niet helemaal in dit gezelschap thuis hoort. Het gefixeerd zijn op het woord, het dichterschap, de zeggingskracht beperkt zijn wereld, maakt deze meer individualistisch en egocentrisch dan die van zijn kollega's. Dat brengt waarschijnlijk mee dat hij zijn woorden weegt en zijn vers een vastere koers geeft. Bepaalde ‘dichterlijke’ wendingen en het gebruik van een enkel woord van buiten de spreektaal kleuren zijn vers op een persoonlijke manier. B.v. ‘temidden van een tierende menigte / lijdt de mens zijn nederlagen...’, ‘met uitzondering van / wie moet worden uitgezonderd’, ‘maar zij vergeten zo gauw / dat slechts een van de twee...’. De direktheid van zijn vers blijft niet in het schetsmatige steken,
| |
| |
maar lijdt daarbij ook niet aan ‘te veel’. Het boeiendste en ‘universeelste’ gedicht ‘Nieuws onder de zon’ bevat alles m.i. wat de kracht van Heite's vers uitmaakt:
Jacques Prévert had gelijk:
de strijd met de engel is geen worsteling in het duister meer
maar een boksmatch in een helverlichte ring
temidden van een tierende menigte
lijdt de mens zijn nederlagen
eer je in aktie kunt komen
zal de engel je neerslaan
met een stoot onder de gordel
je zult met zinloos gespreide armen neertuimelen
en je zult weten dat je leeft
Evengoed had ik trouwens ‘Evenals chemici’, ‘(twee mensen...)’, ‘Een woord naar waarde geschat’ kunnen citeren.
Van Dijk daarentegen laat het vaak zitten bij het shockeffect. ‘Doe meer met God’, ‘(Iedere nacht...)’, of de grappige konstatering zonder meer: ‘Deze man lijkt op die en die’ en de kauwgomverzen. De dikke woorden willen soms meer dan het uiteindelijk effect: ‘uit de opengesperde bek van de massa’ b.v. Van Dijk is trouwens een meer op de buitenwereld gericht dichter dan Heite. Hij heeft andere middelen nodig. Waar hij die moedwil laat varen, ontstaat hier en daar overigens een overtuigender gedicht als ‘(Hoera, het is mooi weer...)’.
Van der Leest is de schakel tussen de nederlandse en friese hap. Wanneer er in de friese poëzy wat op gang gebracht is de laatste jaren, dan is dat m.i. voor een groot deel het (vaak geslaagde) werk van Van der Leest. Hij gooit het vaak op de geinige toer, typografisch ook. Maar daarbij steekt er in zijn werk toch ontegenzeggelijk nu en dan een stuk waarheid, nostalgie of wat voor fraais meer, dat hijzelf liever niet zo lijkt te willen noemen, maar dat dankzij de badinage des te harder overkomt: ‘Spieken’, ‘nostalgy’, ‘tusken
| |
| |
houn en wolf’, ‘fraechpetear’. It forfrjemdingseffekt spilet dêrby soms in wichtige rol. Meast hat it fan in nochtere konstatearring dy't lykwols djip op de situaesje ynsnijt: ‘Dierentuin’ b.g. en ‘Stripverhaal’.
De fynsinnichheit fan Van der Leest sil men by Meindert Bylsma forgees sykje. Syn iepeningsfers ‘sirkus’ karakterisearret de dichter. Dy hâldt hwat fan de clown, dêr't men - as ‘it heechachte publyk’ - bitiden net fan wit hwat men der oan hat. Hy moat it hawwe fan de stunt, de ‘poepetoer’, dy't komysk wurket, mar hwer't de (faek to dúdlike) dûbbele boaijem, jin net op it foarste plak fan bybliuwt. It is krekt even to grouwélich - tofolle ‘mei 7 hynders / út 'e klaei skuord’ - om to oertsjûgjen. It giet tofolle om it spul(tsje). De gegevens binne wol út 'e - (a)sosiale - praktyk grepen, mar wurde to lakonyk oerbrocht om foar in dúdlik engagemint to pleitsjen.
Dan is Josse de Haan fûlder en yngeander. As ‘kommunikativeling’ bilibbet er syn Umwelt ‘organysk’, ‘struktureel’, ‘symboalysk’. Dat is syn krêft en swakte. Hy docht syn ûnderfinings net mei in heal wurd ôf, is ek net bang om dy yn in bitiisd net to fangen. De populaire toan siket er net om it syn konsuminteklyk sa maklik mooglik to meitsjen, ‘Rudiment’ b.g. Mar syn oerdied, barok sels, makket it fers wolris topswier. Syn byld is faek in foarm út in forline tiid, omt it tofolle omskriuwing nedich hat: ‘de grêften fan opael’, ‘it neat fan hjoed en juster...’, ‘it wetter fan de topletterrinnende floed...’, vegetearjende kankers / tusken hjoed en juster...’. Mar fersen as ‘Kankers’, ‘Nei 2000 jier’ en ‘Rudiment’ b.g. binne wol ‘tsjûgjend’. Syn fersen binne faeks mingsels fan ‘dichterlikens’ en aktualiteit, dêr't de earste fan de twadde wol ris hwat yn 'e wei is, mar der ek wol faek karakter en krêft oan jowt.
Yt smaeklik, eet smakelijk!
|
|