Nieuw Letterkundig Magazijn. Jaargang 17(1999)– [tijdschrift] Nieuw Letterkundig Magazijn– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 13] [p. 13] Acht kwatrinen D.A. Tamminga Wat jout dij nei in útfeart dochs it frij En fiel dij rom, om net te sizzen blij? Kin 't oars wat wêze as 't ûnderdúmske tinken: Godlof! de Dea gong hjoed myn doar foarby? Soms tinkt men, sittend ûnder stoel en preek: Hie 'k no mar glêde keizels út de beek, Licht soe 'k dy Goliath in reis ferkeapje. Mar nee, men hat te swijen, men, as leek. Fiifris kaam rover Dea ús doar benei, Stiel glûpsk en wreed it leafste by ús wei, Fan fûst noch fâld'ne hannen te ferbidden. Syn lêste wurd: ik naam 't as mines mei. 't Brânoffer fan de Joad, it fret en fret Oan dit âld Westen, hâldt de siel beset. Al bin de fjurren dwêst, de reek fersweve, De flok bliuwt ûnferkroppe en lichtet net. Is watsto leaust ferstien ta soere wyn, 't Brea fan dyn hoop ferskimlet yn 'e spyn, Lit dan dyn lêste anker leafde wêze, Dat wêzens grûn kiest boppe loaze skyn. Heechhelme ridder sûnder freze of blaam, Bedjerling ienris fan sa mannich faam, Hoe litst yn Eroos' perk my sa ferlegen, Ta frouw'ne tsjinst komselden mear bekwaam? Oeren mei har, hja binne teld en teld, Hoe sparke it fjoer yn jonkheids oergeweld! Mar stoarmen lunen en jûngluorre tyspelt Oer de fergrize steppen fan ús jeld. Wiidweidich stinne oer in stive spier, De kaam begnuve mei 't útfallend hier. Synjalen dy't har noch it klearste toane Yn 't loopke moarns fan trije strjitten fier. Vorige Volgende