It ferset
(2004)–Harmen Wind–
[pagina 344]
| |
faaske mei in roas fan read plestik. Hy hat it kreaze simmerpak oan, sit rjochtop. Syn gesicht is bleek en meager, mar fersoarge, mei rêstige trekken. Hy sjocht werom op syn stjerren, útlizzend, mar net ferwitend. It nuvere is, dat ik him, hoe dúdlik oft er ek praat, net ferstean. Hy fiert it wurd oandachtich, formulearret wis en sûnder flaters, lykwols, ik kin syn redenaasje net folgje. Ik hear oars net as syn lûd, harkje nei de klanken. En in pear kear mien ik myn namme te hearren. Ik sjoch nei Ina en Jacob. Se sitte boeid te harkjen, as nei muzyk. Mar it binne wurden. Moaie wurden, leau 'k. Giet it oer de lêste wike, doe't er net mear by steat wie te praten? Ha wy syn bedoelingen ferkeard begrepen, syn swijen net ferstien? Ik kin my net langer ynhâlde: ‘Mar hoe is it gongen? Hoe is heit út 'e kiste kommen? Hat heit kloppe?’ Ik hear it my freegjen en fiel skamte, mar ik kin no net mear werom. Immen (Ina?) jout my in triuwke. Ik rin op him ta. ‘Heit sjocht der goed út!’ As ik him by de skouders krij, fiel ik hoe smel oft er is. Der sit amper wat yn dy klean. ‘Mar wol hiel meager!’ Fuort nei de skrik om de leechte ûnder syn simmerjaske kringt syn boadskip ta my troch: it giet net mear om wat er seit, it giet derom dat er noch praat. Us heit swijt en glimket breed, as wie no alles dúdlik. Hy hellet wat út 'e binnenbûse dat er my jout. In boek. Ik sjoch dernei, yn 'e oertsjûging dat it in bibel is. It hat gjin titel. Dan slaan ik it iepen en blêdzje deryn. Alle siden binn' glânzjend wyt. As ik him wer yn it each krij, stekt er de hân op en set ôf. De geande man, dy't wit dat er net weireitsje sil.
Harmen Wind Doesburg, 5 febrewaris 2004 |
|