prostaatproblemen ynkontinint waard, tocht ha dat it oer him gong?
Ina lêst in berjocht op in briefke dat op it nachtkastke leit. ‘Attentie!’ stiet derboppe. Der wurdt warskôge foar stellerij. Weardefolle dingen moatte altyd yn 'e ôfsletten kast bewarre wurde. Se fynt heit syn horloazje en beurs yn it kastke. Der sitte in tientsje, trije gûnen en twa trouringen yn. En yn it efterfekje it ferrûne rydbewiis, platdrukt plestik dat se kreakjend iepenlûkt.
Binne it bûtensteanders, ynkringers, dy't hjir tusken de ferlammen en ferskrompelen har slach slaan? Of hearre se ta de ferplegers en fersoargers? Alles fan wearde yn 'e ôfsletten kast, by it skjinne ûnderguod en de útfeartsklean. En bringst dan de kaai beside yn in blompot of leverest dy yn by de baalje?
Frijwol lûdleas giet de doar iepen, Katja Vandendoes bliuwt tsjin de doarstile stean. Ik rin op har ta. Even is dêr de bosk wer. Se set mei in heech stimke útein:
‘Dokter Mercuur heeft... meneer vanmiddag nog onderzocht. Hij is erg onrustig, zeg maar, de lichamelijke uitputting veroorzaakt pijn en benauwdheid, het bloed neemt geen vocht meer op, het lichaamseiwit raakt uitgeput. Hij slaapt niet en dat mat vreselijk af. U weet...een hydromorfon-injectie zal hem... rustig maken, zeg maar.’
‘Hydromorfon. Morfine-oplossing?’ freegje ik.
‘U weet me te vinden, ik heb nachtdienst tot zeg maar morgenochtend acht uur.’
Ik sjoch nei it bêd. Hat er it heard? Syn fûgelkopke stiet op skerp. Hy liket de lippen te toetsjen. Syn úttarde lofterhân komt omheech. Ik wink har mei de keamer út.
‘Ik fyn it noch net nedich. Hy soe der bûten besef fan reitsje en ik ha net de yndruk dat er pine hat.’
Katja luorket de gong yn as hearde se yn 'e fierte wat driigjends.
Ik sjoch him as in swimmer dy't út alle macht besiket om boppe