19
De kear dêrnei is er al wer lytser wurden. Hy neamt my by de namme. Sa'n bytsje tusken weitsjen en dreamen. Gjin toarst, gjin lêst. Hy liket wat hyt, mar koarts blykt er net te hawwen.
‘Kin heit ta rêst komme?’
‘Jawol.’ Allinne syn hannen binne noch warber.
Ik gean no om 'e twa dagen, soms mei Ina, dy't it mar min bankje kin, faak allinne. Se is der hjoed wer by.
Hy leit heal op 'e side, skonken oplutsen. Syn azem skuorret.
‘Sa lei jim mem ek,’ flústert se kjel. Kontakt is der wol, mar it giet net fan him út. As wy fuortgean, seit er:
‘It alderbêste.’ Hy liket it benammen himsels ta te winskjen. Hy stiet foar syn ôfskie.
Under iten seit Jacob, as er ús ferslach oanheard hat:
‘Pake giet dea, no?’ Hy hat syn ferset opjûn. Hy komt oerein en rint de keamer út.
Twa dagen letter is er oerémis, hy wol wat sizze dat him net slagget. Hommels ferstean ik de namme Tymen.
‘Omke Tymen en tante Geke?’
‘Ja, fan 'e moarn.’ In trien fan ynspanning rint nei syn ear. Hy