It ferset
(2004)–Harmen Wind–
[pagina 284]
| |
ha fernommen datst in grut wurd hast, de lêste tiid. Mar it wiere grutte wurd, dat kinst net sizze, dêr hast nei te hearren. Dêrom ha ik hjir wat foar dy.’ Hy knibbele en luts him út de lektuerbak ûnder de salontafel wei: de antike bibel. ‘De Steatebibel. Dit is mear as in erfstikje. Dit is it kolossale wurd, dat trochjûn wurde moat tot in het duizendste geslacht. En betink: Wie mijn gebod bewaart, bewaart zijn leven. Oars wurdt it maleur.’ Oan syn lûd hearde ik dat it him oangriep. Doe't ik it mânske boek mei it houten omkaft oannaam, betocht ik hoe't it him betiizje soe, as ik no sei dat it de Bieskensbibel, it Wurd fan de doopsgesinden wie. De Menisten - ‘klearebare humanisten’ neamde er har altyd leechachtsjend, dy't mei har pasifisme fansels streekrjocht it oardiel oer har útrôpen. Ik sloech him iepen. Hoe faak, en mei hoe'n bytsje súkses, hie ik besocht it Goatyske santjinde-ieuske skrift te lêzen. ‘Tanke. Ik sil him goed bewarje. Hjir stiet it dus allegear yn. Mar hoe bringt it dat hiele ferskaat oan lêzers noris ta elkoar?’ Hy wifke. Doe sei er dimmen: ‘Troch har by it krús begjinne te litten.’ |
|