10
Op 'e weromreis jout Jacob heech op fan de ynderlike krêft en warberens fan syn pake. Hy hat de skerpe kantsjes der wat ôf slipe.
‘Kinst wol hearre dat er him der net by deljout en hy is it ek alhiel net iens mei de behanneling dêre.’
‘Ha,’ seit er. En hy prúst in pear kear fûl efterinoar.
Doe't ús mem stoar, siet er yn Gallup, New Mexico tusken de yndianen, as sechtjinjierrige exchange-student. Hy die dêr it lêste jier fan de high-school en skreau pake in gefoelich brief.
Ik mis beppe ook, maar nu ze is overleden, is ze opeens net zo dicht bij u als bij mij. Haar leven is compleet, zij is geworden wat ze geloofde, zij is bij God, wij zijn nog onderweg. Folge noch in gedicht oer de leafde, mei as refrein:
Vaak houd je van elkaar zolang je elkaar ziet,
maar voor echte liefde is de dood het einde niet.
Us heit wie yn triennen. Hy hong it brief mei in dûker op yn 'e keamer, neist de skuorkalinder.
Hy wist net dat Jacob by in evangelyske gastfrou wenne en it berjocht tegearre mei har gearstald hie. Fan har frommens moast er nammers net folle ha. Hy seit dat no nochris, as ik deroer begjin.
‘It hat gjin doel en leau yn eat fan boppen. Komt it net út dysels, dan kinst der neat mei.’
‘Mar watsto yn dat brief skreaust, doe't beppe ferstoar, miendest dat dan net?’
‘Jawis wol, mar ik sei it yn 'e taal fan pake.’ Wer stûket syn azem en prúst er triennen yn syn eagen. Mei twa fingers wriuwt er oer de noas.
De taal fan pake. Ik moat tinke oan myn pake, Sjoerd, syn ferhalen. Hy snút him út en seit:
‘Soest him helpe wolle. Hy sjocht der iensum út.’
‘Tinkst dat er God kwyt is?’ Ik skrik fan myn fraach, hoe kin ik dit Jacob freegje?