-Gekochte dekenkist beviel niet. Weer naar ‘Grabbelton’ Heerenveen. Geruild voor houten kandelaar. Moeder nieuwe vriendin opgedaan. Raakten niet uitgepraat. Ik blokje om. Ambachtschool staat er niet meer.
-Femke goede zaken: voor twee koperen gewichten en oude stoof kreeg ze peper- en zoutstel op zilveren blaadje. Is er erg blij mee.
Hy ried har nei de ferlokkings en dielde spytgnyskjend yn har ferliezen en fiktoarjes. As in miskeap goedmakke wurde moast - faak gong it om in jumperke dat pas nei dagen dragen de ferkearde kleur bliek te hawwen of om in skaal dêr't se nei in wike as wat noch in skuorke yn ûntduts - wachte er as it heal koe yn 'e auto.
En der kaam mear tiid foar syn soan en syn gesin. De terreur fan 'e goeie bedoelings. Hold it weintsje foar de doar, gong it dekkleed fan de lading op 'e imperiaal en waard de kofferbak iependien, om in tafelkleed of in teemeubel, in stoel of in kapstok, in klok of in turfbak oan it ljocht te bringen, troch him fakkundich opknapt, longerjend nei ús omearming. En yn 'e hânbagaazje net te ferjitten de ‘opbouwende boeken’. Steatsman Groen van Prinsterer, senator Algra, teolooch Veldkamp, hy wie troch in nije printing fan har wurken oandien en opdijd, en dat gunde er ús ek.
Wat wy der ek fan fûnen, altyd gong it om wat dat wy net socht of keazen hiene. Ik besleat harren op it hert te binen fan dy woldieden ôf te sjen. Se fûnen my ûntankber, ús mem lústere yn 'e hal: ‘It is Ina tink?’
Alle kearen, as wy fan fakânsje weromkamen en sy op ús hûs past hiene, seagen de keamers der ferklaaid út, stiene poerfrjemde meubelstikken bretaal op ferkearde plakken.
Doe't ik oankundige dat ik de keuken ferbouwe woe, kaam ús heit twa dagen letter mei de boutekening. Alle details stiene derop. Kompleet mei ôfmjittings en materiaaloantsjutting. Ik lei