as ‘bal’ of ‘poes’. Doe't it jonkje dat wurd letter noch hieltyd herhelle en gjin poes him in bal skele koe, waarden omke Simen en tante Hylkje ûngerêst. Foar har skoep de diagnoaze de kwaal: Pierke bliek autistysk. Yn syn waarnimmen siet in strang seleksjemeganisme. It measte hie er gjin euvelmoed yn, mar hy sloech as yn in kompjûterbestân alle jierdei- en stjerdatums mei stikken rouadvertinsje fan alle famyljeleden en doarpsbewenners op en levere dêr oanhâldend mûnlinge útdraaien fan. Ferbjusterjend krekt. Mei dy ynformaasje gong er dûnsjendewei troch it libben. En dêr hold er it by. Pierke liet him net ôfliede, dat wie syn kwaal.
Us mem hold fan Pierke. Se hiene har deistige ritueeltsje, altyd op 'e selde tiid. Hy kaam deryn en frege:
‘Is De Murk op trijentweintich septimber njoggentjin trijentachtich yngongen yn de ivige freugde?’, dêr't sy op antwurde:
‘Ik tink it net Pier, De Murk kaam nea yn tsjerke.’
‘Mar dochs wie er in bêste baas,’ sette hy dêr dan foaroer, dêr't sy yn meistimde.
Us heit struts mei de finger by de noas lâns en suchte.
Dit dialoochje koe him dan maklik noch in kear of trije herhelje, ear't Pierke opsprong en tefreden de keamer út dûnse. Bûtendoar repetearre er dat sintsje ‘mar dochs wie er in bêste baas’ sûnder ophâlden.
Nyls studearre ôf yn de fysyske gemy, mar eins wie it de alchemy dy't him obsedearre. Yn syn hert woe er goud meitsje. Nei syn doktoraal skeakele er oer op teology. De stoflike wurklikheid wie him dochs te beheind. En liturgy koe ek net sûnder formules. Us heit hie der in bedroefd bytsje betrouwen yn.
‘Nyls sit al oan kop en earen ta yn 'e wittenskip, tink der mar om, dy begjint aansens God nei te rekkenjen mei de teoryen fan Darwin. Hy leaut net, hy redenearret.’
Ik moast weromtinke oan ien fan syn earste eksegetyske eksersysjes, doe't wy noch by dûmny De Vraay op kategesaasje sieten. It gong oer de skeppingsdagen.