It ferset
(2004)–Harmen Wind–
[pagina 248]
| |
Nederlânsk te wurden.) Beide yn it sikehûs. Bromfytser oanriden. Heit allinne wat skaaf- en snijwûnen en blauwe plakken, Mem ribben kniesd en de rêchbonke skeind. Se wie troch it foarrút flein. Neeneenee, gjin libbensgefaar. Wûnderbaarlike bêst gongen. ‘En de bromfytser?’ ‘Dy hat it net oerlibbe, spitich genôch.’ De plysje hie noch oan it bêd west. Gjin swierrichheden oer de skuldfraach. ‘Hy hie wol drank op, mar gjin helm,’ sei mem mei in pynlik glimke. Mei de kjessens yn 'e rêch, it gesicht bepleistere, fertelde se wat se fan it ûngefal ûntholden hie. ‘Homme rydt nei it midden fan 'e dyk om dy brommer foarby te gean en ynienen slacht dy man sûnder op of om te sjen loftsôf. Heit stjoert noch mei. Mar hy kin him net mear ûntwike. Ik fiel dat we him reitsje en fal tsjin heit oan as wy wer skerp nei rjochts swinke. We hingje alhiel skeef, op twa tsjillen. Hy ropt: “Ik ha him!” Ja, de auto yn 'e macht, bedoelde er fansels, en in momint letter reitsje wy om en tûmelje wol trije of fjouwer kear oer de kop. Sit ik dêrbûten, tsjin in beam oan! It wie even stil, doe hearde ik Homme, út it wrak wei: “Fam, wêr biste?” Dy man ha wy hielendal net wer sjoen, dy lei oan 'e oare kant fan 'e dyk yn 'e ûnderwâl. Hy is tink tsjin in beam rekke, nei't wy him skampten. Nekke brutsen.’ Even foel se stil. Doe makke se har ferhaal ôf. ‘Ik wie myn boppetosken kwyt. Dy hat buorman fan 'e middei weromfûn, meters fierderop yn 'e berm. Dat wy der sa ôfkommen binne mei in grut wûnder hjitte.’ Se slokte. Twa triennen rûnen har ienriedich by de wangen del, de rjochter waard wei ûnder in ferbantsje. De spoaren bleauwen glânzich. Us mem betaaste it gaaske. Ik stelde my foar hoe't it trienfocht yn 'e smertlape biet. | |
[pagina 249]
| |
Se hold der wol in skuldgefoel oan oer. ‘Wy ha, hoest it ek besjochste, de dea fan dy man op it gewisse. Hiene wy dêr net west op dat stuit, dan hie hy no noch libbe.’ Us heit wie skerp: ‘Gjin sprake fan. Dy fint hearde net op 'e dyk. As hy dêr net west hie op dat stuit, hiene do en ik net yn it sikehûs lein en hiesto dy no net skuldich field.’ ‘Mar ik ha sa te dwaan mei dy frou en dat berntsje fan him.’ ‘Foar dat maleur drage wy gjin ferantwurdlikens. En no hâlde wy deroer op. Dit is praat fan neat.’
It ûngelok besoarge har nachtmerjes en in net te bedimjen eangst. Under elke rit mei it nije treddehâns volvootsje hold se tenei mei beide hannen de sitting omklamme. Ik mocht der fan de efterbank ôf in kear of wat tsjûge fan wêze. Har rêch rekke it bekling net. Oan ien tried wei troch klonken har warskôgings: ‘Sjochst dy fytser? Tink derom hear, hy slingeret. Dy bocht aansens leit der net goed yn hen, dat witst wol, net? Sjochst dat?, dêr komt ien fan rjochts. Remje! Wacht, fuotbaljende bern, dêr hast gjin sizzen fan.’ Se liet ien hân los en wiisde: ‘By dat krúspunt dêr hat Sigersma lêsten in ûngelok hân. Se binne hjir oan it jarreriden Homme, it is hjir sjippeglêd!’ Se sette har ôf tsjin it dashboard en rôp: ‘O, dêr, in traktor, dy dingen stekke samar oer de dyk, stie juster yn 'e krante. Hâldst de nûmerbuorden ek yn 'e rekken? Dútsers moatst mei oppasse, dy ride allegear oer de húndert.’ Beide hannen sieten wer teplak, lofts en rjochts yn 'e sittingstof fêstklamme. ‘Toe no ju, net sa ticht op 'e kant. It is hjir weake berm.’ Hy like har stream fan alarmkriten te ûndergean as ûnderdiel fan it lûd dat de auto makke. Foar har stie elk útsje gelyk oan it fergjen fan it needlot. Thús rûn se it earste kertier krom fan de spierpine, | |
[pagina 250]
| |
as hie se him op haren en snaren byhâlde kind. Al ried se nochris tsien jier mei, hielendal oer gie it nea. |
|