It ferset
(2004)–Harmen Wind–
[pagina 240]
| |
nacht wekker te meitsjen. It meunsteroerwurk op 'e kastdoar besiket him fergees út 'e dream te helpen. Nidich barst er út: ‘Se hâlde my hjir efter de skoattel, ik mei net mear te rinnen, se binne bang dat ik útnaaie sil, tink. Ik wurd behannele as in lyts bern. It liket nei fleanen. Yn 'e oarloch ha ik de twangarbeid ûnder de besetter wegere en moast ik ûnderdûke. Mar blinder jonge, wolst wol leauwe dat ôftwongen rêst noch slimmer is as ôftwongen wurk? Dit hjir is in konsintraasjekamp, ik krij oars net as kommando's: no ite, no sliepe, no pisje, no waskje. En foaral net oefenje, bewege, op krêften komme.’
As ik neifraach doch, blykt dat er de foarige deis op in oare ôfdieling bedarre is en it paad bjuster rekke. Fan 'e moarn is er der op 'e gong samar hinne fallen. En mei de gongelstôk sloech er nei in ferpleechster dy't him út goederbêst teplaksette. ‘Het is absoluut onverantwoord,’ beklammet in ferpleger mei read hier en in koperen rinkje yn it ear. ‘Meneer Wisch wil niet luisteren, hij is heel eigenwijs.’ Oan syn toantsje ha ik it mier, mar ik hâld ús heit it boadskip foar. Hy seit: ‘Ik hear it al. Do litst dy alles wiismeitsje.’ Yn ien sike giet er oer op it laffe iten, de izige temperatuer, it nachtlike fertutearzjen (as er in urinaal brûke moat negeare se domwei syn beljen, en foar allerhande ûnsinnigens helje se him út 'e sliep). ‘En wêr is myn horloazje?’ ‘Ik sil it moarn meinimme,’ sis ik ta. |
|