De tekenlearaar die op it boerd foar hoest it minsklike gesicht tekenje moast. Earst in aaifoarm, dyst yn twaen dieldest mei in stippelline fan boppen nei ûnderen. Dan lutst troch de midden in streek oerdwers. Dêr kamen de eagen op. Ik hie se heger ferwachte en gong it nei by mysels. Al rillegau siet ik alles op te mjitten: de lingte fan 'e noas, de breedte fan 'e mûle, de ôfstân tusken de eagen. Ik skreau de útkomsten op. Doe't ik it fêststelle woe hoe fier it puntsje fan 'e noas fan it kin ôf siet, krige ik de skrik fan myn libben: de liniaal rekke myn lippen! Op dat stuit dondere it byld dat ik fan myn eigen uterlik hie, ynelkoar. Ik hie hast gjin kin, lykas stikeme skytsekken, of in te lange noas, krekt as ynklauwerige útfretters. Nei alle gedachten hie ik beide ôfwikings tagelyk. Ik seach skrillich om my hinne. Swittend dronk ik de beker oan 'e boaiem ta.
Lei ik de liniaal plat op 'e foarholle, dy foarholle dêr't ús mem, as se my it hier efteroer kjimde, altyd fan sei: ‘It is sa moai heech, echt in teken fan yntelliginsje,’ dan rekke er it puntsje fan de noas net. Dêr wiene twa konklúzjes by mooglik: ôf it foel mei de lingte fan dy noas wol ta, ôf ik hie in wikende foarholle, krekt as ûnbetroubere olferts. Myn gesicht wie in fokse- of murdekop. Hyp Hiper út 'e Bommelboekjes. Hoe koe ik der noch mei de dyk op? De earste pasfoto, doe't ik fyftjin wie, stipe myn bangste fermoedens. Ik hie amperoan in kin en in foarholle dy't fierstente lang trochrûn ear't der hier op kaam. En dy eagen dy't yn dat gesicht stiene, dúdlik boppe de foarskreaune streek, hiene nearne erch yn. Dat wie it tryste. Ik koe der net by dat it my nea earder opfallen wie as ik foar de spegel stie.
Under iten sloech ik acht op ús heit syn gesicht. Ik like op him, seine se. Tusken kin en noaspunt soe de tomstôk syn mûle net reitsje, dat seachst sa. Hy hie tinne lippen, in normaal kin en in fikse noas dy't stevich tusken de eagen woartele wie. Wikende foarholle, ja. Mar it wichtichste wie dat syn eagen wisten hoe't er derúk seach. En dat se dêrmei ynstimden.