sjen dat wy by in dokter komme!’ Wy draafden wer nei de fytsen, Nyls sûge as in gek. Doe't we it doarp yn reesden skreau er:
‘Ik ha it net útspuid. No ha ik it ek yn 'e mage!’
Dyselde middeis lei er noch yn Ljouwert mei in tsjinynfús. Twa dagen letter, de dei dat er wer thúskaam, stie in berjochtsje yn it Deiblêd, ûnder de beskamjende kop: Jongetje door adder gebeten. Nyls wie al fyftjin.
Ik stie samar foar in hartekealtsje, in lytse ree, yn 'e hege rintfear. Nea earder hie ik eat sjoen dat sa moai wie. Bamby yn it echt, lytser as ik foar mooglik holden hie. Ik koe it net litte, ik moast it dierke efkes op 'e earm ha. Doe't ik it hoeden opkrige, hearde ik ynienen snuven: deun foar my stie de mem, deastil, mei grutte eagen. De ôfstân wie op syn meast in meter. De earen stiene har triljend rjochtop, it wie neat liker as joech se ljocht. In einleas momint. Doe draaide se my har sniewite flagge ta, fuortendalik sprong it jong my linich út 'e hannen en se rekken wei yn 'e griene skimer. Ik hie in wûnder meimakke. Mar myn freonen woene ha, de mem soe it ferstjitte, it dierke soe it bestjerre, om't it myn rook by him hie.