‘Hy kin it ek net, allinne.’
Dat hearde al even oars as ‘heit kin alles’. Se wist dat sy him oerein hold. En se wist ek al dat it mei har ôfrinne soe. De operaasjes hiene it oantoand, mar sy hoegde it fûnis net mei safolle wurden te hearren. Us opmoedigings die se ôf mei:
‘It is net goed. Ik priuw it. Ik rûk it.’
As er wer tuike tuike begjint te skriuwen, slûpt de ûnomkearberens ek syn notysjes yn.
25 feb. Met Hessel in rolstoel naar moeder.
27 Er komt niet veel verandering bij moeder.
1 mrt. Ik mag weer naar huis. Nek nog gevoelig.
2. Moeder komt nog iedere dag een paar keer in de stoel, ze heeft geen pijn, maar ze is erg zwak. We blijven voor haar bidden en moeten het verder aan onze Hemelse Vader overlaten. Ik kan haar niet meer verstaan. Ze is rustig, vol overgave.
7. Gesprek met dokter. Geen hoop meer.
8. We zijn met z'n vijven bij haar. Ook Els en ds. De Vree.
Twa of trije tumoaren, fergroeid mei de alfleisklier, blokkearren de tinne term folslein, neffens de ynternist Klovenkamp. Der wiene útsieddings nei lever en nieren. Wy wiene yn 'e rin fan 'e jierren fertroud rekke mei ús twifels foar jim oer. Hoe soene wy him yn 'e mûle hingje? Syn diagnoaze toande, krekt as tolve jier earder mei ús heit, in hopeleas byld.
‘Wy kinne medysk neat mear foar jo mem dwaan, allinne soargje dat se gjin pine hat.’
Dizze kear kaam gjin rêdingsaksje op gong. Wy setten sels it ferbiddend fermogen fan Dunnelijn net yn. Us heit berêste en bewekke de kwaliteit fan de geastlike begelieding.
Ina siet oan mem har bêd foar te lêzen. Hy skeuvele de keamer yn, gong efter har stean en ûnderbruts har.
‘Hasto net wat betters as Een karretje langs de zandweg reed?