It ferset
(2004)–Harmen Wind–
[pagina 143]
| |
medisy neat wiismeitsje. Nettsjinsteande dat wie er, nei it weireitsjen fan mem, tusken de sikehûsopnamen troch, hast wykliks ûnderweis nei spesjalisten: each- en earartsen, ynternisten, urologen, longartsen, fysioterapeuten, meastentiids in kear of trije herhelle, soms faker. En dan noch om it fearnsjier de rêchprik tsjin de oanboazjende pine yn it bil (ze bevriezen de pijnzenuw) en alle moannen de fitamine B-ynjeksjes (voor de weerstand). Hy is der net fleuriger fan wurden. ‘Dieldokters’ neamt er se. ‘Se ha har eigen beheind gebietsje, dat kinne se dy, sis mar, mei in filtstift op it liif ôfbeakenje. De rest is har terrein net, dus wurdst fan 'e bok op 'e ezel stjoerd. Mar wat ha ik foar kar?’ Om bar reizge er nei Ljouwert, Drachten of It Hearrenfean, mei bus of taksy. Nei't ik ien kear wifkjend besocht hie him fan syn obsesje ôf te helpen, krige ik it ferwyt dat ik him syn sûnens fergunde. Tante Elske en buorfrou Aal, beide ek al oer de santich, sette er yn. De ôfrûne twa jier makken sy syn doktersôfspraken, gongen der mei him hinne, drippelen syn eagen, seanen syn iten, wosken syn klean, hellen syn boadskippen en hearden syn kleien oan. ‘Wêr binn' dy blinderse dokters yn 'e goedichheid foar? Ik hear oars neat as: “Het spijt me, meneer Wisch, u zult ermee moeten leven.” Jo sille dermei stjerre moatte, sille se bedoele. It is maleur. Neat oan te dwaan. Oan 'e eagen net, oan 'e earen net, oan 'e mage net, oan 'e lekkerij net, oan 'e senuwen net. Soks kin dochs net? Sa machteleas steane se dochs net? Altyd en ivich mar heech opjaan fan dy wittenskip, mar as it nypt en wer nypt binne se net thús. Dy ynternist fan juster, kom, hoe hjit de man, Galis ja, dy koe my net iens mear! De lêste besite wie krekt twa wike lyn. Begrypst? Sa'n man sjocht dy net sitten. Foar him bist in rinnend liif. Spesjalisten, praat my der net fan, witst wat it is? De gearhing, it gehiel, is fuort. Paulus hie dat better yn 'e rekken: Want hoewel wij vele leden hebben, zijn wij één lichaam. Het oog kan niet zeggen tot de hand: ik heb u niet nodig, of het hoofd tot de voeten: ik heb u niet nodig. | |
[pagina 144]
| |
No, ien ding is my safier is 't hinne wol dúdlik: dy dieldokters tinke dat se elkoar net nedich binne. Dy arbeidzje mei de rêgen nei elkoar ta en helje beheining en kundigens troch elkoar. En oan dy kolossale wierheid fan it evangeelje ha se gjin boadskip mear.’ De hiele litany fan syn skepsis en argewaasje wie in smeekbea om holpen te wurden. As in ferfangend medisyn of in folgjende yngryp gjin ferbettering opsmiet, sa't him al foarsein wie, reagearre er op Elske syn balstjurrigens ôf.
En ik freegje my of oft ien dy't tinkt dat er net dea kin wol by steat is te stjerren. |
|