20
Syn lûd bringt my werom by de wurklikheid.
‘En wat de tsjerke oangiet... Ik wit net, as der wat wie dat mei tsjerke te krijen hie, moasten jo derby wêze. Yn sânenfjirtich wie ik tritich, trou lid fan 'e manneferiening. Sadwaande keazen se my as âlderling. Op dy leeftyd, âlderling.
Dat wie unyk, en eins... Mar afijn. En doe gong dy dûmny fuort, Van Dishuis, en waard dy... Hoe hjit er ek wer, hy is nei Oerisel gongen en letter as âldereinpastor yn Gruttegast telâne kommen. Net sa moai behannele, sit no by de Pinkstergemeente. Ik koe it goed mei him fine... Van der Leest ja.’ Hy falt stil. Hy is fergetten wat er sizze woe.
♦
Us heit sette my al jong yn foar tsjerke. Gosse Most, ek âlderling, hie efter it hûs in hokje stean dat as opslach foar âld papier tsjinst die. Tegearre mei Wite en Swarte wie ik op syn minst in sneon yn 'e moanne op 'en paad. Gosse sette de rispinge op in frjemd weachtastel en skreau it resultaat op.
Syn puntige adamsappel bongele yn read slobberich halsfel. Nei elke tsien kilo kaam in streekje efter dyn namme. Wy seagen him op 'e hannen oft it earlik gong. Soms krigest in heal streekje. Nei