15
‘Wy sieten jûns foar it radiootsje. Dan heardest keninginne Wilhelmina út Londen wei: Geliefde landgenoten, wij worden zwaar beproefd, en draaidest even en dêr hiest him, Hitler: Ich habe de Kriech niet gewollt! Wat koe dy man him tjirgje. Hy joech de Joaden fan alles de skuld.’
♦
Joaden en oarloch. Dy twa hearden by elkoar. Krekt as Joaden en hannel. As ik net om sizzen joech, sei ús mem:
‘Tink derom hear, oars ferkeapje ik dy oan in âld Joad.’
Ik hearde wol dat se dat net dwaan soe, mar dat naam net wei dat de mooglikheid bestie. Alde Joaden kamen oan 'e doar foar fodden of ôftanke riprap. Se hongen de keapwaar oan in ingster en dienen in bod. Ik seach mysels al oan dy heak bongeljen. Ik woe wol om lyk.
‘Sjachelders of net, it bliuwt Israël, Gods folk,’ sei ús heit. ‘Hoest it ek besjochst. Fansels, wy binne it nije ferbûnsfolk, mar fan 'e Joaden stiet skreaun: Wie u aanraakt, raakt Zijn oogappel aan. En Paulus seit: het evangelie is een kracht Gods tot behoud van ieder die