It ferset
(2004)–Harmen Wind–
[pagina 96]
| |
De riedsels dy't er my opjoech wiene gjin riedsels, mar ferhalen mei geheimen. Op in iere moarn kuiere ik mei ús mem nei de oare kant, oer de lytse brêge. Boppe de galmgatten gong de toer skûl yn 'e nachtdize, as wie er noch mar heal opboud. Us mem moast it hier fan beppe Richt dwaan. Se bûn it yn in lange frissel dy't se har om 'e holle wûn of ta in sipel knope. Doe't wy it winkeltsje yn stapten, rôp pake my mei in earnstich glimke de foarkeamer yn, as hie er op my sitten te wachtsjen. ‘Hessel, moatst hearre! Der wie ris in jonge dy't op in winterdei fierste let op skoalle kaam. It frear dat it knapte, master hie krekt noch in pear turven yn 'e kachel smiten, heardest de wyn yn de skoarstien gûlen. De jonge kloppe op 'e doar fan it lokaal. (Pake die it mei de knokkel op 'e leuning fan de stoel.) “Wêr komsto sa let wei?” frege master strang. “No, master,’ sei de jonge, “it wie sa glêd op 'e dyk, alle kearen as ik ien stap foarút die, glied ik twa efterút.” “Wat seist? Hoe bist hjir dan op skoalle kommen?” “Ik bin nei hûs gongen.” Pake lake. Syn keale plasse glom. Dy jonge wie hy, nee, wiene wy. Dêrom hie er fansels gjin namme. Ik makke wat mei fan de ûnútputlike mooglikheden fan taal. Dat ‘nei hûs gean’ betsjutte kin: ‘op skoalle komme’. Dat it fan de omstannichheden ôfhinget wat wurden betsjutte, datst sels mei in leagen de wierheid sizze kinst. En dat in pake en in pakesizzer elkoar fine yn 'e jonge fan it ferhaal.
Mar hy wie der noch net. Hy stuts in finger op en sei: ‘In jonge fynt in nêst mei aaien. Hy hellet der gjin aaien út en hy lit der gjin aaien yn lizze.’ Even seach er my oan. ‘It kin soms raar oandwaan wat ien seit, mar dêrom hoecht it noch gjin ûnsin te wêzen. Wolst him begripe, dan moatst besykje om itselde mei oare wurden te sizzen, dýn wurden.’ | |
[pagina 97]
| |
Hy frege my neat, droech my neat op. Noch ien kear herhelle er de twa sinnen. Doe rûn er de keamer út en luts him by it trepke nei de moalsouder op. Ik prommele it riedsel in pear kear ûnderweis nei skoalle: ... ‘Hy helle der gjin aaien út en liet der gjin aaien yn lizze’. It hearde hiel oars as psalm 6: Ai matig uw kastijden, sla mij met medelijden, gelijk een vader doet. It flaaike net om meilijen, it wie grutsk op syn geheim. Yn it skoft rûn ik ek mei dy ûnwrikbere wurden om. Gjin ‘ried ris’, gjin fraach. In útspraak, in jonge (soe it deselde wêze as dy fan 'e glêde dyk?) fynt wat. Dan giet it dêrom wat er docht, nee, wat er nêt docht. It wie oan my om de sitewaasje sa ûnder wurden te bringen dat dúdlik waard wat barde. Ik besocht my yn te tinken dat ik dy jonge wie, mar dat slagge net salang't ik net wist wat ik fûn. Hoe folle aaien leinen yn dat nêst? Wat die ik dermei? En lang om let, ûnder it rekkenjen, seach ik it. Ik die myn fynst en alles wie dúdlik. Nei skoaltiid draafde ik streekrjocht nei pake, dy't moal stie ôf te weagjen yn brune kladden. Hy lake breed. ‘Bist derefter, Hessel!’ En sa wie it. Dit fielde better as doe't ik psalm 6 út 'e holle leard hie.
Pake Sjoerd stelde syn eigen wetten. Nettsjinsteande syn keale holle gong er al herwaarts jierren trije kear yn 'e wike moarns nei de kapper, Eise Boskma. Dan lei er in dûbeltsje op 'e toanbank en joech him del yn 'e skearstoel, efterholle op it learen bekling, wachtsjend op 'e kwast. It wie Boskma wat yn 'e wei, want de priis foar skearen wie al lang ferhege, earst mei in botsen, doe mei in stoer. Mar pas doe't in beurt in kwartsje jilde, brocht er it op it aljemint: ‘Ja, sjochris Sjoerd, even oer dat dûbeltsje, jo binn' in fêste klant, en it is net dat ik it jo net gun...’ Pake liet de holle lizze en sei, eagjend nei de souderbalken: ‘No, dan binne wy it dochs iens, Eise, wêrom soene wy eat feroarje dat goed foldocht?’ | |
[pagina 98]
| |
En de kapper sjippe pake yn sa't er it wend wie. En pake lei oan syn dea ta syn dûbeltsje op 'e toanbank. |
|