5
Wylst ik it gaspedaal loslit, fernim ik hoe't ik fansiden glydzje, ûnûntkomber nei rjochts, tichter en tichter nei de auto's dy't ik oan it passearjen wie. Ut 'e slachrein dûkt in djipblauwe karrossery op, portier, sydspegel, dizich gesicht efter it rút, sierstripen, tankdop - fertrage yn byld, ûnder hânberik, net te ûntwiken. Myn dashboardklokje ferspringt opfallend skerp fan 1:38 nei 1:39.
Ik soe no myn libben oan my foarbystowen sjen moatte, mar behalven dy wettersneedsnein sjoch ik allinne mar dy - wat is it - Peugeot, dy't ik dalik yn 'e flank reitsje sil. Hoeden hast, om't ús feart sawat gelyk is. Mar dan? De karamboal? Sil ik mei effekt oanspile, fuortkjitst wurde? Yn in spin reitsje? Spektakulêr it talúd ôftûmelje, op 'e kop yn 'e sleat?
Ynienen benimt de motorkap my it sicht op 'e bumper, ik krij de folle laach op it rút.
♦
Ien fan 'e earste eangstûnderfiningen fan Jacob. Foar him stie de wrâld noch net fêst. As ik in rûntsje troch de keamer flein hie om linich neist syn kakstoel del te striken, soe er dêr net fan opsjoen ha. Wûnders besteane allinne foar wa't de beheiningen fan 'e wurklikheid ken. Ik naam him mei yn 'e auto nei de waskstrjitte. Hy wie twa, ik tocht dat er it opwinend fine soe, al dat leven en geweld fan brûzjend, skomjend wetter op dy blikken hûd en wy dêryn, tegearre, feilich en droech. Mar hy begûn yn myn earmen ôfgryslik te razen, wie net te bedimjen en snokte noch wol in oere nei. Alle kearen as wy letter by it ûnheilsplak lâns rieden, rôp er: ‘Net tusken de boarstels heit, net tusken de boarstels!’
In skreau dêr't er ús ek moannen oanien midden yn de nacht mei alarmearre. Letter wist er it noch: