36
Hy sit ûnderútsakke op 'e stoel. Syn efterholle hinget tsjin it bekling.
Dan seit er:
‘Ik wie har allinne mar ta lêst.’
‘Wat seit heit? Wa?’
‘Ik mem. Ik wie mem ta lêst.’
‘Hoe komt heit dêr no by?’
‘Lit mar sitte. It is genôch foar hjoed. Stiet it derop?’
Ik wyn it bantsje in ein werom. ‘do moatst fan my hâlde. It is in...
Klik.
Syn stim, mar metaliger. As wiene de wandkleedsjes weifallen.
‘Ik tikje it kommende wike út. Even sjen, hast oardel oere alles mei-elkoar, dat is frijwat. Nije wike kom ik werom foar it ferfolch. Heit syn ûnthâld is yn oarder. Ik hear ferskate dingen foar it earst.’
Hy wol mear molke yn 'e kofje en it kopke minder fol. En ekstra sûker.
‘Dat hat dy dokter yn Grins sels tsjin my sein, dy sjirurch: