'e jierren dy't folgen. De oarloch fan omke Egbert, ik woe der alles fan witte.
‘Hat omke hjir echte minsken mei deasketten?’
‘Ploppers,’ ferbettere omke, ‘dwersbongels, moardners.’
Syn gesicht like op dat fan ús heit, mar dan leareftiger, gearknypter, as wie it ljocht foar him te skel.
Ik helle de patroanhulzen ien foar ien út de klemkes yn de gurle en sette se yn slachoarder op 'e tafel. Ut in stikmannich stuts in koperen puntmûtske.
‘Dat binne skerpe,’ sei omke. ‘Foarsichtich jonkje, dêr kinst sa ien mei omlizze. Tatata!’ Hy makke in stadige meanbeweging mei twa hannen.
Brune syn heit wie stoffeferver. Swartferver sei elkenien, alle kleuren swart meitsje gong him it bêst ôf. Efter syn hûs stie in stiennen hok mei in swarte rikjende tsjettel deryn dy't wol wat like op 'e bealch fan in lokomotyf. Der wie in klep dêr't er stoom troch spuitsje litte koe. It rûkte dêr frjemd. Ik brocht him myn donkerblauwe alpenmûtse mei de fraach oft er dêr in soldatebaret fan meitsje woe. Grien moast er wurde. Brune syn heit lake wat. ‘Dat wurdt neat, Hessel. In alpenklots is in fredesmûtse. Dêr moatst sunich op wêze. Kom hjir.’ Hy luts my de mûtse oer de earen en draaide him om.
Sunich. Ja, dat wie in wurd dat by frede hearde. Hiest der neat oan.
♦
Us heit brekt syn ferslach wer ôf en betaast de koarste boppe it each. Hy makket wer risselwaasjes om oerein te gean, mar ik rop dat er net sa ûngeduerich wêze moat.
‘Bliuw noris sitten wêr't heit sit.’ Ik druk de knop yn en set kofje. Yn 'e keuken wurdt de rook fan urine oerhearske troch dy fan bedjer. Ik til it lid fan in pantsje yn it oanrjochtkastje op. Oer de