kroade stie der neist. Hommels krige ik troch dat dy wite dingen deadskoppen en bonken wienen.
Dit wie it dus, het dal van de dorre doodsbeenderen, dêr't dûmny Van Dishuis oer preke hie. Dit wie dus wat fan minsken oerbleau. Soe omke Piter dêrtusken sitte? Myn suske? Ik seach ta oft der lytse bonkjes by wiene, in hast trochsichtich holtsje, tin as in skulp. Ik seach se net. Dy profeet, ik wist syn namme net mear, prate tsjin dy bonken en se harken nei him en kamen wer byelkoar en waarden wer minsken. Mar wat koest sizze tsjin bonken? Ik liet my hastich fan 'e banken glide en sei neat tsjin de oare bern.
Mar middeis ûnder iten koe ik my net stilhâlde.
‘Wit heit wol wat efter it skud fan ús skoalle leit? It dal van de dorre doodsbeenderen! Der lizze in hiele protte, allegear troch elkoar.’
Heit skode hinne en wer. Mei in lûd as woe er my wat ferbiede, sei er:
‘Hoe krijst it yn 'e plasse, jonkje, dat is gjin dal, dat is it rûmplak fan it tsjerkhôf. Soks is neat foar bern.’
Rûmplak? Ik fûn it in nuver wurd foar sa'n fol gat.
De oare deis stiene de banken net mear tsjin it skud en juffer Baarsma ferbea ús om se op elkoar te setten. Mar ik hie de bonken sjoen en yn myn dreamen kamen se werom. Se rôpen my, ik foel oer it skud, krekt as boer Steggerda, en myn earmen wiene kalken pipestâlen. En al dy deadskoppen laken, nee, se bilen en balten: lekkerlekkerlekker.
♦
Hy komt oerein om yn 'e sliepkeamer syn stomapûdsje te ferfangen. De knûkelige, snústerige bûsdoek is no hast hielendal nei bûten krûpt.
Al jierren wie er dwaande mei aambeiesalve. ‘Ik koe it altyd aardich stjoere.’ Hy moast nei it sikehûs foar de twadde prostaat-