Ta ynlieding
By it gearstallen, op fersiik fan de Fryske Akademy, fan dizze samling haw ik in kar dien út wat ik sûnt 1970 byinoarskript haw oan skôgjend, kritysk en sjoernalistyk wurk. It letterkundich part befettet gjin poëzijkrityk mear, lykas ‘It kritysk kerwei’ (1990). Myn niget oan de dichtkeunst is sûnt dy tiid frijwat belytse. Foar de feroaring haw ik in mannich opstellen opnommen oer myn twadde ‘hobby’, de muzyk.
Dêrby haw ik foar ien bydrage wat de ûntsteansjierren oanbelanget in útsûndering makke. It stik oer Gustav Mahler en ‘Des Knaben Wunderhorn’ is fan 1960 en bongelt dus wat efteroan. Dochs fûn ik it nei 34 jier noch te aardich en te nijsgjirrich om te'n ivige dage ferskûle te litten yn de oardel meter boekeplanke dêr't by my en mannich oar it tydskrift De Tsjerne al jierren op stiet te fermôgjen. As tsjinwicht haw ik in stikje oer Alma Mahler opnommen, in frou dy't ik noch altyd bewûnderje om har fjouwer houliken en har leagentsjes. Dêrom lit ik ek graach it portret dat har twadde partner Oscar Kokoschka fan harren beide makke hat, op it omslach sette.
En sa haw ik de nochal drege stúdzje oer Saint-Saëns as symfoanikus beselskipje litten fan in krantestik oer syn ferbiningen mei Nederlân. En dêr koe syn freon (mar wierskynlik net fan wjerskanten) Hector Berlioz, komponist en (kwasy)strûkrover, moai by oanslute.
De rest fan it boek (acht skôgingen) giet yn haadsaak oer literatuer, guon stikken teoretysk, oare mear praktysk. Ta myn spyt moest ik myn kritiken (meast yn Frysk en Frij) oer de nije Fryske proaza-literatuer diskear falle litte. Miskien komt der nochris in gelegenheid foar.
Myn grutte tank giet út nei de Akademy en har meiwurkers, en nei Hesseline de Bos foar har help by it gearstallen fan de bibliografy en it register.
Snits, febrewaris/augustus 1994,
Anne Wadman