| |
| |
| |
In trijemanskip
Oan Gerrit Sierksma en Fokke Borgers.
In wrede opstiging fan it needlot hat, tsien jier lyn, de Hollânske litteratuer yn amper in moanne tiid trije fan syn greatste figueren ûntnaem: yn 'e Maeijedagen fan 1940 Menno ter Braak en Edgard du Perron, op 'e flecht út it bidrige Frankryk Hendrik Marsman. Hoe't men it ek sjen wol: tafal of predestinaesje, symboal of hwa wit histoarysk gesichtsbidroch: yn dit trijemanskip spitst him yn de jierren foar de twadde wrâldoarloch de Hollânske litteratuer ta. Dizze trije fortsjintwurdigje har hiele generaesje op 'e trije dúdlikste posten. Men kin dy hiele generaesje suver net oars mear sjen as tsjin de eftergroun fan dy tragyske dea, en fan 'e oare kant liket dy suver mienskiplike dea de bisegeling fan in generaesje. Mei harren dea is der hwat definityf wurden.
Men sprekt yn 'e litteratuer tige maklik fan in generaesje. It is sa'n skoan middeltsje om helplinen troch de skiednis to lûken. De biweging fan tachtich wie ek sa'n konstruksje, dy't as in ûndylgbere tradysje troch de litteratuerboeken omwaret. Wis, by harren is in biskate generaesje-reäliteit net to ûntstriden: de Tachtigers hiene har mienskiplik front, al wie it mear aesthetysk as psychologysk-philosofysk biskaet, yn de foarm fan in révolusjonnaire yntensivearring fan de sintúchlikheit. Mar as it der op oankomt, binne hja mear in (tafallige) gearstalling fan ôfsûnderlike yndividualiteiten as in ienriedige striid- of wurkmienskip. Hja divergearje út 'e puberteitsfreonskip wei nei alle wynstreken. Doe't dy ienriedichheit troch it fjûr fan de striid moast, hifke waerd mei de miskien net stran- | |
| |
ger, mar wol ta skerper praktyske en theoretyske konsekwinsjes liedende noarmen fan de folwoechsenheit, koe hja gjin stân hâlde, bliek harren front in front yn it negative: tsjin in krêftleaze âlderein dy't neat mear opsmiet. Rebelly tsjin in forline is altyd swakker bynmiddel as de wrakseling nei in takomst. De lju fan de generaesje-Marsman hawwe elkoar foun, doe't elk fan harren al in fêstomline, hoewol net ‘definitive’ persoanlikheit wie. Hja konvergearje nei it mienskiplike, founen elkoar doe't it, lang om let, en miskien yn haedsaek optwongen troch de kultuersituaesje, om inkelde miskien minimale, mar tagelyk fundamintele ‘positive’ wearden gyng. Yn 1931, doe't de striid tusken Marsman oan de iene en Ter Braak en Du Perron oan de oare kant jitte yn folle gong wie, wie Marsman 32 jier en hied er al tolve jier publisearre en seis jier ‘lieder’ west; Du Perron ek 32, mei in Yndonesysk, in Parysk en in Gistoux-forline efter him; Ter Braak 29 en op it hichtepunt fan syn publikaesje. Alle trije kamen hja út in frappant ûngelikense hoeke: Marsman út it expressionisme fan ‘Menschheitsdämmerung’, Ter Braak út 'e Efter ‘hoek’ en út de frijsinnige jeugdbiweging, Du Perron út de atmosfear fan it Yndyske Europeänedom, mei dêroerhinne in hiele tôch dadaïsme, surreälisme, mar boppe-al in great poarsje ûn-europeeske ûnbifongenheit. De freonskip, dat is dus de biwuste generaesjefoarming, waerd by harren in soarte fan oerwinning op 'e striid, binammen mei Marsman. En nettsjinsteande alles hie dit trijemanskip, sa't it him yn 'e jierren foar 1940 geandewei skerper ôftekenet, ek noch àl it avontûr, alle iepenheit fan in ‘wapene frede’, dêr't it oarlochselemint yn rekke wurdt fan Du Perron syn formule ‘Een behoorlijk vijand is een kostbaar bezit’. It wie by einsluten in
| |
| |
freonskip dy't avontûr wie en bleau, wylst dy fan de Tachtigers it avontûr ienfâldich net treast west hat.
Sûnder mis wie Marsman yn dat trijemanskip net allinnich it sintrale punt, dat fan de dichterlike krêft, mar tagelyk ek de lêste en de swakste keat. Hy, mei alderearst de poëtyske mooglikheden yn him dy't yn syn jonge dagen ta in algemiene fornijing dreauwen, mar ek yn oare opsichten bisiele fan in earnst dy't, mear as syn earste expressionistyske fersen, troch ende wer troch Hollânsk wie, riden fan in hertstochtlike wil om drift yn it swurk to krijen al soe de wrâld dêrfoar oarsom draeije moatte, hy wie de oanwiisde lieder fan in groep. Mar yn 'e wurklikheit wie dy groep der net. Hy hie syn epigoanen en wie in liedersnatuer, mar as it der op oankaem, stie er allinnich - hy jowt it sels ta as er yn 1933, toloarsteld en wurch, de ‘dea fan it vitalisme’ konstatearret - bistie er allinne by de graesje fan krekt dy generaesjegenoaten dy't syn antipoaden wiene. Hy, imperative natuer troch alles hinne, dy twinge woe hwat net to twingen is, dy't syn driften en langsten gearparse koe yn it dichterlik explosyf as gjin ien yn Hollân, dy't de dream fan in suverder kosmos en in greater wrâld yn him hie, hat de krêften dy tsjin him stiene, al wiene hja sa ûnkosmysk, sa ‘ierdsk’ as it mar koe, net treast west. Net allinne dat er nei de omskeakeling fan de ‘Vrije Bladen’ als lieder útrangearre waerd, mar der wie eins neat dat mei syn persoanlikheit akkordearre: Van Ostayen wied er net modernistysk genôch, foar it sêftsidene humanismefoar-de-froede-boargerij fan Coster doogde syn rebelly net, Du Perron koe net oer de aestheet en de krityske profeet yn him, Ter Braak hie in skalk each op syn tokoart oan psychology en syn foarkar foar de Nietzsche-fan-Zarathustra. Sûnder dy tsjinkrêften hie Mars- | |
| |
man net west hwat er wurden is, wis, mar ‘de’ Marsman út syn jonge tiid, de ‘vurige jongeling uit de jaren der puberteit’, dy't Ter Braak noch yn 1934 yn him seach - en dêr siet in lyts ironysk pripperke yn, by de man dy't effen earder de puberteit sa hertstochtlik fordigene hie - dy Marsman hat dêrfoar in fear litte moatten. As der ien fan de trije syn oarspronklik wêzen ôflein hat, it roer omsmiten hat (mar it koe ommers ‘nog zesmaal om’!), as der ien bliede moatten hat foar de macht fan syn antipoaden, dan grif Marsman. Under it ûnmeilydsum mes fan Ter Braak en Du Perron har yntellektualisme blette Marsman syn ‘vitalisme’ dea. Mar dyselde ynfloeden kin men net oer de kop sjen, as men Marsman smeid wurden sjocht ta de ‘definitive’ Marsman, dy fan ‘Tempel en Kruis’. Vestdijk hat sa by syn noas lâns efkes oantsjut, hoe't ek de ‘kreätive’ Marsman yn ‘Tempel en Kruis’ bilies jowt foar de macht fan de ‘Forum’-poëzij: konkreter plastyk, ‘banale wendingen’ en ‘straattermen’. It is de konkreter plastyk dy't de kultuerphilosoof nedich hat yn it gefjocht mei de dichter, en it pleitet net allinne foar Marsman, mar ek foar Du Perron en Ter Braak dat ‘Tempel en Kruis’ wurden is hwat it is: in synthese fan al Marsman syn formogens, in ‘definitive’ Marsman.
Net allinne dat syn dichterlike foarm yn oare wei gyng dwers troch in krisis hinne, dy't net allinne in biswarrende striid wie tsjin ‘kreätive’ ûnmacht en ôftakjende ynspiraesje - ‘Kracht der verbeelding, o, begeef mij niet!’ - mar likegoed in yntellektuële botsing - ek, en yn forbân dêrmei, foroaret syn wrâldbyld. En it wol my oan, dat it binammen Du Perron west hat, earst foar him in ‘hondsche en moerassige geest’, mar stadichoan, al bleau it byld yn in ‘kunysk’ flak, wur- | |
| |
den ta de ‘grimmige helhond van het subjectivisme’, dy't him dy kant opdreau. It is singelier hoe't Marsman dêrby (yn in ‘nawoord’ op Du Perron syn ‘Tegenonderzoek’) sels sprekt fan in bikearing, al wie it dan net alderearst in bikearing by him, mar by Du Perron!: ‘Ik had hem - en ik geloof niet dat het aan mij ligt, dat dit niet eerder gebeurde - herkend’. Der is, Ter Braak wiist dêr op, in himelsbreed forskil tusken it proazamanifest foar de ‘Vrije Bladen’ fan 1925 (‘gehinnik en gebriesch’, seit Ter Braak) en de kleare, exacte, definitive en fan alle wurdomballingen, alle aesthetyske kronkels suvere skôging oer Gorter fan 1937, dêr't ek Ter Braak, al koed er dat sels al min sizze, syn karmaster wurden is. Der is gjin mis op: ûnder de ynfloed fan de oare twa hat Marsman syn ‘aesthetehûd’ ôfstrûpt, jowt syn ‘creätiviteitstheory’ bilies en fynt er syn wei yn de psychology.
Hwat Marsman fan Du Perron skaette wie, miskien mear as it hiele gegûchel mei de ‘creätiviteit’, mear as de hiele vitalistyske dogmatyk, Marsman syn earnst, syn ‘Hollânske’ ballêst, syn ‘Watermand’-kant. Dat wie ek it forskil tusken Du Perron en Ter Braak. Beide wiene hja ‘frijgeasten’ om myn part, mar de earste op syn 18de ieusk: sûnder folle theory en sûnder dogmatyk: hy wie gjin persoan foar in stelsel - de twadde op syn 19de ieusk: mei de folle lêst oan wittenskiplike foarming, mei syn hast Prusyske Gründlichkeit, dy't yn ôfroune, kompositoarysk sterke skôgingen joech hwat Du Perron joech yn losse flarden, ynfallen, notysjes en oantinkens. Dy wie frijgeast troch syn natuer, de oare dwers troch in rige selsbifrijingen hinne: syn dogmatyske ynstelling forriedt him iderkear wer - oant it tragyske ta yn syn dea. Lykwols founen hja elkoar gauwer en makliker - de 18de en de 19de ieu
| |
| |
lizze nammers tichter by elkoar as by de Midsieuwen, al moetsje hja elkoar dan by einsluten yn it ‘renaissancistysk’ humanisme... Ter Braak, al tôge er syn hiele libben in poarsje ‘Eibergen’ mei, seach de needsaek fan dat avontûr foar himsels gauwer yn as Marsman, dy't earst it vitalistysk avontûr oan 'e ein ta útstride moast. Typysk is dat it krekt wer Marsman wie dy't yn inkelde rake halen it geastesavontûr Ter Braak-Du Perron tekenet: ‘Lenig, doortastend, snel en concreet, vertegenwoordigde hij van nature ongeveer alles wat Ter Braak nog slechts half bewust had gezocht’.
Der sit hjir of dêr, en yn safier hat Marsman wol gelyk as er de bikearing fral oan Du Perron syn kant skout, in fout yn Du Perron syn forwoedene reäksje op Marsman syn proaza, syn aesthete-earnst. Al hat er der minder theoryën oan wijd as Ter Braak, hy koe gjin earnst daeije. En to folle seach er de Marsmanearnst, liket my ta, yn ien flak mei dy fan Dirk Coster, syn erffijân. Mar Coster syn earnst wie, oars as dy fan Marsman, yn lêste ynstânsje in ûnpersoanliken ien, in earnst foar de ‘Stem’-parochy, basearre op algemiene dizenichheden fan wrâldrampen en minskheitswé. Coster is nei syn knock out foar Du Perron fan allerhande generaesjes dielnimmend biwéklage en yn biskerming nomd. Dit wasket alle wetter fan de sé net ôf: as Du Perron syn linichheit dy fan 'e jachthoun wie en as men Ter Braak jitris ta ‘Reinaert fan Eibergen’ bombardearje mei, dan demonstrearret Coster dêrfoaroer typysk de geastessteat fan it ‘koufolk’, dat boargerlik massadier. In kou is in nuttich skepsel, sûnder mis, en ekonomysk bisjoen prysliker as jachthounen en foksen, omdat er sa'n breed en algemien nut fortsjintwurdiget. Mar aesthetysk is er net bot
| |
| |
biteard en as it tongeret, krûpt er mei syn maten op in espeltsje by elkoar en balt ûnrêstich. Marsman syn earnst nou - as ik noch efkes yn 'e dierwrâld bliuwe mei, mei ik him miskien in trintene hurddraver neame? - wie dy fan de ienling, dy't rebellearret en de eleminten útdaget. Wis, in hurddraver fortsjintwurdiget ek in ‘maetskiplik nut’, mar boppedat ek noch hwat oars: it sportive elemint, it avontûr. Coster observearre, as kou, yn 'e wrâld in tokoart oan ‘safety’ en litte dêroan: hwer moat in kou mei syn molke hinne as alles yn trewyn is? Marsman konstatearre mei deselde earnst, mar nou de earnst fan it nerveus-snuvend rashynder, in to folle oan ‘safety’, en hy die dat faek ek mei deselde superlativen. Foar him hie de litteratuer tûzen en ien konsekwinsjes, en dêrûnder ek in maetskipliken ien, al wie it net foar de ‘Stem’-parochy.
Foar Du Perron, hoe tige principiëel ‘litterator’, letterfretter op en út - op it syklike om ende ôf, soe men sizze as men net yn in spannend spul waernimme koe hoe't syn luciditeit him dochs iderkear wer biwarre foar uterlike sykteforskynsels, foar de steat fan ‘omfallen boekekast’ (miskien hat it syn gelok west, dat er gjin ‘essayist’ wie en it ek net wurde woe) - foar him wie yn wêzen de litteratuer in kwestje fan ‘sûnder forplichtingen’; as er him lulk makke, wie it eins mear om de sport as om de litteratuer. In ‘lêzer’ nammers hat gjin forplichtingen, ek net as er en conséquence ‘skriuwer’ wurdt en der dus in ‘lêzer’ yn twadde ynstânsje by komt. Syn skriuwerskip bleau troch alles hinne in kwestje fan ‘lêzen’ - lêzen ntl. it notysjeboek fan syn oantinkens en syn réaksjes. Hy fortsjintwurdiget as skriuwer it ‘anti-skriuwerskip’, opfette yn de sin fan ‘anti-fakmanskip’. Dêrfandinne ek syn foarkar foar de egotisten, de autobiografen, de deiboek- en
| |
| |
brieveskriuwers. It binne allegear uteringen fan it ‘sûnder forplichtingen’. It fakmanskip is ‘definityf’ yn syn foarmwurding, de fakman skrast net, foroaret net, mar Du Perron bleau as dilettant iepen, syn foarm wie nea definityf. Oer syn skriuwend lêzerskip - syn meast folsleine litteraire skepping ‘Land van Herkomst’ biwiist it yn autobiografyske opset en komposysje, mar ek yn de foroaringen yn 'e twadde printinge - gie gjin oare oarderjende geast as dy fan it jitris hifkjen fan it ‘lêzene’, fan syn réaksjes op minsken en dingen. Du Perron tinkt net foar de lêzer, lyk as Ter Braak, noch minder biswart (en biswetst!) er de lêzer lyk as Marsman - hy ferget him allinne mar op syn èn eigen lêzerskip. Hy is gjin lieder yn it lân fan 'e letteren, mar in registrator, mei alteast hwàt yn him fan de notarissen dy't er sa hate: de akriby, de precisens yn it registrearjen. Syn wierheden meije der soms glêd by lâns wêze, de formules derfoar binne der nea by lâns, mar altyd precys yn 'e roas - skreaun, né: tekene, etst (as men syn hânskrift sjocht, is dat it iennichste wurd) út syn spitse, psychologysk linige yntelliginsje wei, dy't him nea yn 'e steek lit en dy't de formulearring ienfâldich nea misroaije kin. Syn ‘tierens’, as men it sa neame mei, stie net yn it teken fan de dosint, dy't syn discipels it lân útstippelet, mar wie in kwestje fan sport, fan sûnder forplichtingen. Men kin der heechstens fan ‘leare’, dat men èk ‘tier’ wurde moat. Net dat Du Perron de earnst net koe, de earnst binammen fan it objektyf wêzen. Allinne, dy gyng by him biskûl efter syn eigenaerdich modernistysk fluïdum, dat fan de earnst altyd in skepke ôfnimt. It is by einsluten in kwestje fan ‘toan’. Efter syn greatinquisiteurskip fan de Nederlânske litteratuer, skreauwend ûnbillik by tiden, mar fuortdaliks ré eigen
| |
| |
tokoarten en flaters ta to jaen, fuortdaliks ré ta de bikearing, ja, dy sels sykjend, as wie it om him hinne to setten oer it fielen fan in miste kâns (syn muoisum ynfielen fan A. Roland Holst, bygelyks), gyng de earnst biskûl fan in minske dy't bihalven syn eigen hachje ek noch it ien en it oar oan objektive wierheit fordigenet.
Foar Du Perron oer makket Ter Braak maklik de yndruk fan principiëel, dogmatysk strider, fol forplichtingen en fol objektive earnst. Ik leau dat dat ek wider gappet as byt. Wis, Ter Braak hat him oan in poarsje dogmatyk ûntwrakselje moatten, en hy docht dat yn in rige systematysk opsette krústochten tsjin respektyflike foarmen fan forstiving, bistjurring. Dizze Jezuyt fan it nonconformisme lit it iene offensyf, it iene sperfjûr op it oare folgje, tûk en birekkene, mar al dy doelbiwustens is ek in kwestje fan konstatearring efternei: dynamyk dy troch it histoarysk perspektyf statysk wurden is. Ek dy rige ûntmaskeringen, en it is al wer de toan dy't it ‘docht’, bimantelet folle mear ‘spul’-elemint as it liket. Dêrfandinne ek, dat men sa maklik toan en fordigene objekt trochinoar hellet, en troch de iene to akseptearjen mient forplichtingen oan it oare to hawwen - it hiele probleem-Ter Braak fan nei de oarloch, it epigonisme, it ompakken mei syn ‘lear’. Wy binne net fan Ter Braak ôf, wis, mar hwat wy fan him ‘leare’ moatte, leit minstens sa folle yn syn ‘persoanlikheit’ as yn syn ‘wierheden’. Syn ‘persoanlikheit’, d.w.s. it yndividu, dat him diel fan in mienskip wit, dêr gjin dupe fan wurde wol, mar mei syn folle forantwurdlikheit stean en stride, by need ‘skipperje’ op 'e smelle koarde tusken de kollektiviteiten.
Dat Marsman syn wissichheit oer Ter Braak bifjochtsje moast oer de holle fan Nietzsche hinne -
| |
| |
foar Marsman de vitalistyske krêftpatser, de profeet fan ‘Also sprach Zarathustra’, foar de oar de psycholooch, foar beide de krúsfarder tsjin de gelykheitsmorael - is net fan bitsjutting by it feit dat hja elkoar fine kóéne: haedsaek is, dat - al of net yn Nietzsche - Marsman dêr Ter Braak as meistrider weromken. Mar tagelyk wit er de swakke steden yn Ter Braak moai suver oan to wizen, b.g. dêr't er it ‘Démasqué der Schoonheid’ démaskearret as yn lêste ynstânsje wraek oer in ‘gemist avontuur’ - it avontûr mei de poëzij. Miskien binne ta in hichte al Ter Braak syn krústochten fan dy wraeknimmingen, dy't lykwols har negative resultaten fier to boppen geane. Dy't Ter Braak mei alle gewelt fergje wol op saneamde ‘positive wierheden’, ûnforskillich oft er dy ûntdekt en se as ‘libbensleare’ oernimt, of dat er se net fine kin en ‘dus’ Ter Braak nei de fordommenis winsket, stelt de fraech forkeard, om't er útgiet fan it boargerlike: ‘Hwat keapje ik der foar’. Ek dy't him as ‘ôfbrekker’ noch wurdearring ta ha wol, ‘om't der nou ienris yn biskate tiden ôfbrekkers nedich binne mei it each op it bouwen’, ek dy grypt neist de figuer Ter Braak.
It petear oer ‘ús Tiid’ is jitte net út en sil yn earsten ek net út wêze. De linen foar dat petear lutsen to hawwen, is ien fan de om myn part positive fortsjinsten fan Ter Braak. Mar der is mear. Fan himsels is de formule ‘menselijke waardigheid’ - miskien is dat net iens folle mear as Multatuli syn ‘De roeping van de mens is mens te zijn’, en sà kwealik mear as in machtsspreuk, dêr't men gâns kanten mei út kin en dus ek gâns kanten mei út giet. Men docht forstannich en smar yn earsten dy tsjoendersformule net út oer de hiele minskewrâld. Relief en skerpte kriget er, as men him ûntdocht fan syn al to humanitaire fingertaesten
| |
| |
en alteast bigjint mei dy minsklike weardichheit to ynterpretearjen as de weardichheit fan de yntellektueel, de kulturele ienling dy't syn wei siket tusken de twang fan de kollektiviteiten troch. En dêr, by einsluten, moetsje Ter Braak, Du Perron en Marsman elkoar as trijemanskip; dêroan, mear as oan jiertallen en manifesten, ken men in generaesje. Elk fan harren fortsjintwurdiget op eigen wize - Du Perron mei de litteratuer, Marsman fóár de litteratuer, Ter Braak tsjin, mar ek nettsjinsteande de litteratuer - de smelle wei dy't de yntellektuëel oerbliuwt tusken kollektivisme en massifikaesje, tusken nivellearring en oerdemokratisearring. Der is gjin mis op: Marsman mei syn synthese fan Christendom en Helleensk heidendom, Ter Braak mei syn ‘democratie van Niemand’ en syn persoanlikheitskultus yn 'e litteratuer, Du Perron yn syn litteraire tierens, syn epicurisme, - hja foarmje trije facetten fan hwat men mei Fokke Sierksma neame kin in ‘humanisme mei hier op 'e tosken’. Hja binne trije foarmen fan de ‘humanist’, mar fan dy humanist, dy't it net op dy namme stean hat, om't er dan fuortdaliks dupe wurdt fan in lidmaetskip. Dizze humanist hat gjin namme, hy forriedt him net yn wierheden, mar yn syn toan en yn syn geastlike biweechlikheit, yn syn dynamyk, dingen dy't altyd oan sa'n objektiviteit ûntkomme. Hy fortsjintwurdiget it ‘humanisme van Niemand’.
Elk fan harren, en dat is miskien in ‘les’, mar ien dy't foar ús situaesje dochs wer net direkt tapasber is, wie dwaende yn de fûle froast fan de kollektive lykskeakeling in plak wetter iepen to hâlden. Harren tragyk, de tragyk fan in generaesje, wie, dat hja alle trije net allinnich har plak, mar ek har dea founen by dat iepenhâlden. Fiif jier hat it wetter ticht west.
|
|